Käthe Kollwitz
Käthe Kollwitz (Koningsbergen, no Kaliningrad, Ruslân, 8 july 1867 – Moritzburg, 22 april 1945), berne as Käthe Schmidt, wie in Dútske grafysk keunstneresse en byldhouster. Kollwitz wie de earste frou dy't keazen waard as lid fan de Prusyske Akademy fan de Keunsten.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Käthe wie byldhouster en tekenares foar it wykblêd Simplicissimus en wie boaske oan de sosjaaldemokratyske dokter Karl Kollwitz dy't op 19 july 1940 stoar. Se wie de mem fan twa soannen, Hans Kollwitz en Peter Kollwitz.[1]
Käthe wie noch jong doe't al bliken die dat se talint foar tekenjen hie; mei fjirtjin jier jier krige se har earste tekenlessen fan de kopergraveur Rudolf Mauer yn har berteplak.
Nei har oplieding by Mauer gie se foar in jier nei Berlyn (1884-1885) om dêr lessen te folgjen oan de skoalle fan Karl Stauffer-Bern. Werom yn Koningsbergen studearre se fierder by Emil Neide.
Under har studintetiid krige Kollwitz in soad niget oan de sosjaaldemokrasy, de frouljusbeweging en it nije naturalisme yn de literatuer. Dy belangstelling soe grutte ynfloed hawwe op har fierdere karriêre. Yn 1889 sette se út ein mei it meitsjen fan etsen.
Nei har boaskjen yn 1891 festige se har mei har man, de fûnsdokter Karl Kollwitz, yn in earme arbeidersbuert yn Berlyn, dêr't Karl syn praktyk hie. De sosjale need om har hinne rekke har bot en ek de ferbûnens tusken mem en bern; beide waarden wichtige ûnderwerpen fan har printen.
Yn 1899 gie se by de Berliner Sezession, in separatistyske beweging fan keunstners dy't ôfstân nimme woene fan de doelen fan besteande ferienigingen en nije idealen neistribje woene of in nij publyk berikke woene. Fiif jier letter ferfear se nei Parys dêr't hja in oplieding byldhoukeunst folge. Yn 1904 gie se dêr nochris hinne mei itselde doel.
Yn 1907 helle se de Villa Romana-priis, dêr't in ferbliuw fan in jier yn de filla mei deselde namme yn Florâns oan ferbûn wie.
Yn de oarlochsjierren 1914-1918 begûn se mei it byldhouwen. Op 23 oktober 1914 stoar har soan Peter Kollwitz fan 17, dy't as musketier yn it Dútske leger tsjinne, by in oanfal op Diksmuide yn Flaanderen. April 1915 sette Käthe út ein mei it útwurkjen fan de earste plannen foar in tinkstien foar it grêf fan har soan en nei 1919 bylde se fral de ellinde fan de oarloch út, yn affysjes en yn de houtfyksearje "Der Krieg". Dat drukte se út yn in sterke ferienfâldige foarm en in stribjen nei benei abstrakte, stilearjende monumintaliteit.
Yn 1929 keazen de ridders yn de oarder 'Pour le Mérite für Wissenschaften und Künste' Käthe Kollwitz, as earste frou, ta lid fan harren eksklusive oarder. Op 23 july 1931 waarden de stiennen bylden fan 'De treurjende âlden' op 'It Roggefjild' tusken Zarren en Esen, ûnder Diksmuide set.
Yn 1956 waard Peter, mei 1538 kameraden, oerbrocht nei it "Deutscher Soldatenfriedhof Vladslo", by it Praetbos yn Vladslo. Doe ferhuze ek it byldhouwurk om dêr by syn grêf pleatst te wurden, lykas earder yn Esen dien wie.
Käthe joech yn dat byld stal oan it ûnmjitlik fertriet dat de oarloch har besoarge.
Op 22 april 1945 stoar Käthe Kollwitz yn Moritzburg yn de âldens fan 77 jier.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1933 waard har wurk entartet ('ûntaarde') ferklearre en waard se troch de nasjonaalsosjalisten fan de Berlynske akademy ferdreaun, dêr't sy sûnt 1928 heechlearaar fan de grafyske ôfdieling wie. Teffens waard se ferwidere út de oarder Pour le Mérite. Yn 1936 waard har ferbean om langer eksposysjes te hâlden en dêrnei hat se allinne noch tekene en byldhoud. Yn har lette wurk naam it ôfbyldzjen fan mem en bern in sintraal plak yn.
Styl
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kollwitz makke in soad tekeningen, etsen, litografyen en houtfiken en, yn it begjin fan har karriêre, ek in stikmannich sjenrestikken yn oaljeferve. Earst om har fiifenfjirtichste hinne sette se út ei mei byldhouwen.
Nei de iere famylje- en selsportretten dy't realistysk wiene, makke se har earste persoanlike tsjûgeniswurk. Dat wiene detaillearre etsen, yn histoaryske syklussen (bygelyks 'De opstân fan de wevers' en 'De Boerenoarloch'). Under de yndruk fan it wurk fan de Noarske skilder Edvard Munch joech hja har oanklachten stal yn stille figueren sûnder emosjonele útdrukking. Letter ûntwikkele se lykwols in eigen ekspresjonisme.
Fotogalery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grafysk wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Lijen, 1897. Musée d'art moderne et contemporain of Strasbourg
-
Buste fan in arbeidersfrou yn in blauwe sjaal, 1903. Brooklyn Museum
-
Frou mei in dea bern, ets 1903
-
It jonge pear, 1904. Brooklyn Museum
-
Biddende frou, foar 1918. Musée d'art moderne et contemporain of Strasbourg
Byldhouwurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Treurjende âlders yn Vladslo
-
Mem mei twa bern (1937/1951) yn Berlyn Prenzlauer Berg
-
Mem mei twilling foar it Käthe Kollwitz Museum, Berlyn
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (dú) (in) (fr) Käthe-Kollwitz-Museum Berlin
- (in) Artcyclopedia - keppelings nei har wurk
- Kathe Kollwitz yn Wikipaintings
- Käthe Kollwitz Exhibition by it Elizabeth A. Sackler Center for Feminist Art, Brooklyn Museum
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Käthe Kollwitz fan Wikimedia Commons. |