Karl Kollwitz

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Betinkplakette foar Karl en Käthe Kollwitz, Kollwitzstraße 58, yn Berlin-Prenzlauer Berg
Grêfstien fan Käthe en Karl Kollwitz

Dr. Karl Kollwitz (Rudau (ûnder Koningsbergen), 13 july 1863 - Berlyn, 19 july 1940) wie in Dútsk medikus en de soan fan Frederick Kollwitz en Dorothea Kollwitz.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Karl Kollwitz waard doe't er fyftjin wie wees en kaam sadwaande yn it weeshûs fan Koningsbergen te lâne. Dochs slagge it him en studearje, nei it gymnasium, genêskunde oan de Albertus-universiteit. Hy hie al jong in passy foar polityk en waard as jongkeardel lid fan de Sosjaal-Demokratyske Partij (SPD).

Hy studearre yn 1891 ôf en boaske itselde jier oan de keunstneresse Käthe Kollwitz. It pear kaam te wenje yn in appartemint yn de 25 Weissenburger Strasse, Wärther Platz yn Berlyn. Dêr begûn er ek syn dokterspraktyk. As sosjalist woe Karl de earmelju tsjinje (Armenarzt) en makke er gebrûk fan de syktekostefersekering dy't Otto von Bismarck yntrodusearre hie. Dy wie de earste fan Jeropa wêryn't de oerheid ûngemakken en sykte fan arbeiders en harren famylje duts.
Yn 1892 waard harren âldste soan Hans Kollwitz berne en fjouwer jier letter kaam soan Peter Kollwitz op'e wrâld. Yn 1913 stichte er mei Ernst Simmel en Ignaz Zadek de Sosjaaldemokratyske Doktersferiening (Sozialdemokratischen Ärzteverein). Om 1938 hinne waard him ferbean syn dokterspraktyk fuort te setten.

Nei in mislearre operaasje oan staar is er krekt foar it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich ferstoarn. Hy waard byset yn it famyljegrêf op it Sintrale Begraafplak Friedrichsfelde, mei syn sweager Conrad Schmidt en dy syn frou Anna. Letter soe Käthe Kollwitz dêr ek har lêste rêstplak fine.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Käthe Kollwitz: Mein Mann Karl Kollwitz (1942). Ýn: Jutta Bohnke-Kollwitz: Die Tagebücher 1908–1943. Siedler, Berlyn 1989, s. 748–751.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: