Springe nei ynhâld

Staar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Katarakt (eachoandwaning))
    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!
Katarakt yn in minsklik each

Staar is de oantsjutting fan twa hiel ferskillende eachsykten, dy't beide late kinne ta blinens.

It wurd waard foar it earst brûkt oan de ein fan de 16e iuw troch Cornelis Kiliaan, doetiids fral noch yn de betsjutting fan katarakt,[1] alhoewol't yn dy tiid beide oandwanings as ien en deselde beskôge waarden.

Om beide eachoandwanings te beneamen, is 'staar' dus gjin in gaadlike term. It is sadwaande nedich en brûk de namme fan de sykte sels:

  • Katarakt (grize of grauwe staar): fertroebeling fan de eachlins. Dit kin feroarsake wurde troch in trauma of flugger ferrinne troch diabetes mellitus (sûkersykte). Katarakt wurdt tsjintwurdich ferholpen troch it fuortheljen fan de lins ûnder pleatslike ferdôving, de saneamde kataraktekstraksje („staaroperaasje”). De troebele lins wurdt ferfongen troch in ymplantaat. It is tsjintwurdich meast in polyklinyske yngreep.
  • Glaukoom (griene staar): ferhege druk fan it glêsfocht yn de eachbol. Dit kin de eachsenuw (nervus opticus) skansearje. At dy skansearre is, bliuwt de skea en kin net oerbetterje. At it glaukoom op 'e tiid fêststeld wurdt binne der ferskate behannelingen mooglik, ôfhinklik fan de ûnderlizzende oarsaak.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Etymologybank