Springe nei ynhâld

Lângoed Keningsbergen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Koningsbergen)

Koningsbergen of Keuningsbargen is in gebiet by Aldeholtpea ten easten fan de Finkegeafeartwei en ten suden fan de Stellingenwei. De Stellingenwei wie de wichtichste ferbiningswei tusken Fryslân en Drinte. It lânhûs moat sa'n 350 meter fan de Stellingenwei stien hawwe.

It lânhûs "Koningsbergen" mei byhearrende bosken waard yn 1805 oankocht foar 1105 goudgûnen troch it echtpear Roelof Sjoerts Hofstee en Popkjen Pieters. Der soe eartiids in stins op dit stee stien hawwe dat letter ôfbaarnd is. In ûnderskrift fan ien fan de bekende reizgjende tekener Jacobus Stellingwerf is: "Het huis Lieuwenburg onder Oldeholtpade in de grietenij van Stellingwerf Westende, behorende den Heere Augustinus Lycklama à Nijeholt 1723". Trochdat de grûn om it lânhûs yn de sechtiger jierren ôfgroeven is, kin net mear neigien wurde oft mei dizze stins "Lieuwenburg", "Leemburg" bedoeld wêze kin.

Oer it lângoed bestiet in ferhaal dat hjir in fjildslach yn it jier 28 n.Kr. west hawwe soe tusken Fryske legers en de Romeinen. Hjirfoar binne lykwols gjin oanwizings fûn.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]