Peter Kollwitz
Peter Kollwitz (Berlyn, 6 febrewaris 1896 - Esen, 23 oktober 1914) wie in Dútsk soldaat dy't focht en sneuvele yn de Earste Wrâldoarloch.
Peter Kollwitz wie de jongste fan twa soannen fan Karl Kollwitz en byldhouster Käthe Kollwitz. Syn broer Hans Kollwitz fjochte ek yn de oarloch. Ut argiven docht bliken dat er in fynbesnare jongkeardel wie.
Under dy kriich siet Peter yn de 4e kompanjy fan it 207e Reserve Ynfantery Rezjimint. By de ynfal fan België moast syn kompanjy op 23 oktober 1914 it Belgyske 11e Liny Rezjimint oanfalle op de hichte fan Esen, ûnder Diksmuide, om sadwaande de Izer oer te stekken. Peter, noch mar 18 jier, sneuvele by dy aksje.
Al in wike nei syn dea tocht syn mem nei oer in tinkteken foar har soan. Jierren letter, nei in protte besykjen, kaam se mei De Treurjende Alden. Ynearsten stiene de bylden, sûnt 1932, op it Friedhof Roggefjild, tusken Zarren en Esen, it militêre begraafplak dêr't Peter beïerdige wie. Yn 1956 waard it begraafplak mei ferskate oare Dútske oarlochshôven romme en de grêven by inoar brocht op it Dútsk militêr begraafplak yn Vladslo. Ek de byldegroep fan Käthe Kollwitz waard nei dat begraafplak oerbrocht. It nije grêf fan Peter Kollwitz leit deun njonken de byldegroep. It In Flanders Fields Museum yn Ieper hat syn oarspronklike grêfkrús.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
It grêfkrús fan Peter Kollwitz yn it In Flanders Fields Museum
-
De treurjende âlden