Springe nei ynhâld

Kletster Feart

Ut Wikipedy

De Kletsterfeart wie in feart dy't fan de Smeliester Sâning nei it âlde rivierke de Dragt (Noarder-Drait), letter de Burmaniasleat neamd, oant it buorskip De Kletten, roan. By de oanlis fan it Drachtster yndustryterrein 'De Haven' is feart tichtsmiten, op de lêste 50 meter nei de Burmaniasleat nei.

Wetters en feanen yn Noarddrachten, sitewaasje yn 1719
Lofts fan it midden de Burmaniasleat, de Jelle Pieterssleat en De Kletten

Fan der Aa skreau oer de Kletsterfeart:
De feart is groeven yn it lêst fan de sechtjinde iuw, om dêr turf ôf te fieren fan Noarder-Drachten. It wie al troch de "Hoogen-weg", dêr't in fallaat as wetterkearing makke wie, oplein, doe't de ûndernimmingwangeunst en tsjinwurking fan omlissende plakken op skynde te roppen. Alteast, it ferlaat waard yn 1604 troch de opsjenners fan de Leppedyk wer dimpt, omdat, sa hjitte it, dêrtroch tefolle wetter nei bûten ôfstreame soe. Deputearre Steaten, dy't foar de feangenoaten opkamen, besochten wol te bemiddeljen, mar dit skynt net folle jûn te hawwen. Njoggen jier letter, 2 febrewaris 1615, sleaten de folmachten fan Noarder-Drachten in kontrakt mei Jelle en Goslick Pieters, boargers fan Ljouwert, dy't har ferbûnen, om, tsjin 55 roeden fean en te heffen tollen op de skipfeaart, de Kletsterfeart op te meitsjen, en ferlaten en dûkers te meitsjen. Dit plan, wêrby't de feart, lâns De Folgeren, oant yn de hege feanen fan de Drachtster Kompenije rinne soe, is ek foar in diel útfierd. De Kletsterfeart is oanlein en krige nei de namme fan ien fan de ûndernimmers, Jelle Pieterssleat. Mar it gie wer mis troch de ynfloed fan oangrinzjende soarpen. Want yn 1627 waard de grytman fan Smellingerlân feroardield troch it Hof om de trochgroevene wegen te dimpen, omdat it skerpe feanwetter (dat bûtendat sels fan heech nei leech ôfrûn), skealik wie foar de flakke lannen fan de omlizzende pleatsen. Doe't yn 1641, de Drachtster Feart groeven wie, hoegde de Kletsterfeart net trochlutsen te wurden. De feart rûn dêrnei út yn de Smeliester-Sâning net fierder as de Hegewei, en waard allinnich foar de ôf- en oanfier fan dong, hea en oare produkten brûkt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Van der Aa oer de Kletsterfeart
  • Historische Atlas van Friesland, Chromotopografische Kaart des Rijks 1:25.000. Robas producties 1990.
  • Bosatlas van Fryslân. Noordhof Atlasproducties, Grins 2009.