Springe nei ynhâld

Kleastertsjerke Sint-Benediktus (Benediktbeuern)

Ut Wikipedy
Kleastertsjerke Sint-Benediktus
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Beieren
plak Benediktbeuern
adres Mühlbach
koördinaten 47° 42' N 11° 23' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Augsburg
patroanhillige Benediktus fan Nursia
Arsjitektuer
boujier 1672-1686
boustyl barok
Webside
pfarrei-benediktbeuern.de
Kaart
Kleastertsjerke Sint-Benediktus (Beieren)
Kleastertsjerke Sint-Benediktus

De Sint-Benediktusbasilyk (Dútsk: Klosterkirche St. Benedikt; ek: Basilika St. Benedikt und Klosterbasilika) is in eardere abdijtsjerke en de hjoeddeiske parochytsjerke yn it Beierske plak Benediktbeuern. It tsjerkegebou is ien fan 'e wichtichste baroktsjerken yn Opper-Beieren en foarmet in ûnderdiel fan it kleaster Benediktbeuern. De tsjerke waard yn 1972 in basilica minor.

De basilyk waard yn 'e 17e iuw ûnder abt Plazidus Mayr as kleastertsjerke fan 'e benediktynske abdij boud yn 'e styl fan 'e iere Italjaanske-barok. Yn 'e gevel binne ek noch ynfloeden fan 'e lette renêssânse te sjen.

Under lieding fan Kaspar Feichtmayr waarden fan 1672 oant 1681 de tuorren en de sakristy boud. Dêrnei waard tusken 1681 en 1686 de rest fan 'e tsjerke boud, wêrfan it skip 18 m lang en 26 m breed is.

Ynterieur' .

Oant de sekularisaasje bleau de Sint-Benediktustsjerke in kleastertsjerke, mar hjoed-de-dei is it de parochytsjerke fan Benediktbeuern. Fanwegen de strieminne steat moast de tsjerke yn 'e jierren 1962-1973 renovearre wurde.

Paus Paulus VI joech de tsjerke op 29 maaie 1972 de status fan basilica minor.

De tsjerke is mei in soad stúkwurk fersierd. De fresko's yn 'e ferwulften binne makke troch Hans Georg Asam, de heit fan de ferneamde bruorren Asam. It binne de ierste fresko's fan 'e Aldbeierske barokkeunst.

It skilderij fan it heechalter (1788) en de skilderijen fan de foarste sydalters binne it wurk fan 'e ferneamde Eastenryksk-Italjaanske keunstner Martin Knoller. It byld lofts fan it skilder is de hillige Bonifatius, ien fan 'e stifters fan Benediktbeuern en rjochts de hillige Ulrich fan Augsburg.

Earmrelikwy fan Sint-Benediktus.

Op it yn 1973 makke folksalter wurdt op bysûndere dagen it yn 1794 troch de goudsmit Peter Streissel út München makke earmrelikwy fan Sint-Benediktus útstald. Efter de ramen boppe de bylden fan it heechalter is it koer, dêr't de muontsen sânris deis en ienris nachts tegearre kamen om God mei it sjongen fan psalmen te tankjen (itjinge it saneamde Psallierchor neamd wurdt). Dêrûnder is de sakristy.

Yn 1763 waard oan 'e noardeastlike hoeke fan 'e tsjerke de rokokokapel opdroegen oan 'e hillige Anastasia fan Sirmium.

It grutte oargel waard tusken 1682 en 1686 troch Christoph Egedacher út Salzburg boud. Yn 1770 waard it ynstrumint troch Andreas Jäger grutter makke en krige it in nije oargelkas. It yn 1967 restaurearre oargel bleau bewarre en hat 33 registers, ferdield oer twa manualen. Dêrby binne ek de registers fan it posityf rekonstruearre.

Nr. Gewicht Namme Toer Toan
1 4630 kg. Benediktus Noardlike toer (Benediktusklok)
2 1800 kg. Anastasia Súdlike toer
3 850 kg. Marije Súdlike toer
4 650 kg. Don Bosco Súdlike toer
5 300 kg. Anna Súdlike toer

Yn 2012 waard yn 'e tsjerke de protestantske rouplechtichheid fan 'e ferneamde Dútske sportsjoernalist Harry Valérien holden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Klosterkirche St. Benedikt (Benediktbeuern)