Kleastertsjerke (Nijewier)
Kleastertsjerke | ||
De tsjerke yn 2023 | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Nijewier | |
adres | Tsjerkepaed | |
koördinaten | 53° 21' N 5° 58' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1678 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 31587 | |
Webside | ||
PKN Mitselwier-Nijewier | ||
Kaart | ||
De Kleastertsjerke is in tsjerkegebou fan de protestanske gemeente Mitselwier-Nijewier. Nei de fúzje fan de herfoarme en grifformearde gemeenten fan Mitselwier en Nijewier op 11 april 2010 bleaune der fan de fjouwer tsjerken twa iepen. Yn beide doarpen wurde om bar tsjerketsjinsten fierd. De tsjinsten yn Nijewier fine yn 'e regel yn it doarpshûs Nij Sion plak.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kleastertsjerke is in yn 1678 fan âld materjaal, kleastermoppen, boude tsjerke. Boppe de noardlike tagong is in gevelstien ynmitsele dy't de bou betinkt. De namme fan de tsjerke ferwiisd nei it kleaster Sion dat eartiids westlik fan Nijewier stie en dêr't it doarp gruttendiels fan wie.
It ienskepige sealtsjerkje hat in trijesidich koer en achter de westlike gevel in mei laaien dutsen dakruter.
Ynrjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ynterieur fan de tsjerke wurdt oerkape troch in houten segmintfoarmich ferwulft.
De preekstoel is út 1678, wylst it achterskot en it klankboerd nei alle gedachten út 1817 datearje, doe't de preekstoel fan de súdlike muorre nei it koer ferhûze. Mooglik stamme ek it doophek en de tsjerkebanken út dy tiid.
In 13e-iuwske klok mei in diameter fan 66,5 sintmeter is nei it Frysk Museum oerbrocht.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ienmanualige oargel waard yn 1818 boud troch Johan Adolf Hillebrand út Ljouwert mar net hielendal ôfmakke; dat hat N.A. Lohman yn 1822 dien.
Boek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer de skiednis fan de tsjerke waard yn opdracht fan de tsjerkfâlden yn 2004 it boek "Wij zijn maar met weinigen, klein in getal" fan doarpshistoarikus Jan Walda (1934-2022) [1] publisearre.[2]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Rehoboth, Mitselwier
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|