Springe nei ynhâld

Rehoboth (Mitselwier)

Ut Wikipedy
Rehoboth
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Mitselwier
adres Balthasar Bekkerstrjitte 27
koördinaten 53° 21'N 6° 04'E
Arsjitektuer
arsjitekt Booijenga
boujier 1912
Webside
PKN Mitselwier-Nijewier
Kaart
Rehoboth (Fryslân)
Rehoboth

Rehoboth is de namme van de tsjerke fan de protestanske gemeente Mitselwier-Nijewier. It is de oarspronklik grifformearde tsjerke fan Mitselwier. Op 11 april 2010 fusearren de grifformearde en herfoarme gemeenten fan Mitselwier en Nijewier ta ien PKN-gemeente.

De ôfskieding yn 1834 gyng ynearsten sûnder grutte gefolgen oan tsjerklik Mitselwier foarby. Op in inkeling nei bleaune de bewenners trou oan de herfoarme tsjerke, ek al wiene de dûmny's yn Eastdongeradiel oan de frijsinnige kant. Wol besochten yn de rin fan de tiid jimmeroan mear bewenners foar in rjochtsinniger lûd tsjerketsjinsten yn oanbuorjende plakken.

Dat feroare doe't yn Eanjum ûnder lieding fan dûmny J. Langhout de doleânsje yn 1886 op gong kaam. Langhout holp guon meistanners yn Mitselwier en op 24 maaie 1887 wie der foar it earst ûnder lieiding fan Langhout in gearkomste yn Mitselwier fan ynwenners fan Mitselwier en Nijewier, dêr't al sûnt 1878 in eigen lokaal stie foar in tal ôfskieden hûshâldings. Doel wie om in tsjerkeried te beneamen foar in op te rjochtsen grifformearde gemeente en te bepraten wêr't de tsjinsten holden wurde moasten.

Gevelstien

Op 10 juny 1887 wie it safier dat der foar it earst yn Mitselwier in grifformearde tsjinst fierd waard en dûmny Langhout preke by dy gelegenheid út Hebreeën 10:23-25. De tsjinst fûn plak yn de doe noch nije pleats fan Wieger Holwerda, dy't achter it gemeentehûs fan Eastdongeradiel stie[1]. Tolve dagen letter lieten sa'n fyftich folwoeksenen harren offisjeel ôfsnije fan de herfoarme tsjerke om werom te kearen nei de tsjerkeoarder fan Doardt.

Nei in ynsammeling yn it lân koe op 1 oktober 1888 de earste stien foar in eigen tsjerkegebou lein wurde. Op 20 oktober 1892 waarden de grifformearde gemeente Mitselwier en de grifformearde gemeente Nijewier-Wetsens as selsstannige gemeenten ynstitusjonearre. Beide gemeenten bleane lykwols troch de tiid nau mei inoar ferbûn. Al hiel gau die bliken dat it yn 1887 boude tsjerkje te lyts waard foar de hurd oanwaaksjende gemeente. Yn 1912 krige de gemeente de hjoeddeiske tsjerke, dy't op 9 jannewaris 1913 yn gebrûk nommen waard.

Yn 1968 waard it ynterieur fan de tsjerke yngeand modernisearre. De âlde banken waarden fuorhelle en ferfongen troch stuollen. De âlde preekstoel oan de eastmuorre waard ferfongen troch dy fan no oan de noardside fan de tsjerkeseal en der kaam in nij oargel.

Foarôf oan de fúzje fan de grifformearden mei de herfoarmen fan Mitselwier en Nijewier foarmen de gemeenten fan 1999 ôf in federative gemeente. De fjouwer gemeenten fusearren op 26 april 2010 ta de protestanske gemeente Mitselwier-Nijewier. Besletten waard om de grifformearde tsjerke fan Mitselwier en de herfoarme tsjerke fan Nijewier oan te hâlden. De Doarpstsjerke fan Mitselwier waard yn de Stichting Doarpstsjerke ûnderbrocht en wurdt allinne noch foar spesjale tsjinsten brûkt, wylst de grifformearde tsjerke fan Nijewier ferkocht en ta wente ferboud waard.[2][3]

Gaueftich nei de foltôging fan de tsjerke krige de gemeente ek in oargel. It hjoeddeiske oargel stamt lykwols út 1968 en is as opus 723 boud troch de firma L. Verschueren út it Limburgske Heythuysen.[4]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: