Doarpstsjerke (Mitselwier)
Doarpstsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Mitselwier | |
adres | Tsjerkebuorren 7 | |
koördinaten | 53° 21'N 6° 04'E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1776 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 31583 [1] | |
Webside | ||
PKN Mitselwier-Nijewier | ||
Kaart | ||
De Doarpstsjerke oan de Tsjerkebuorren yn Mitselwier is in tsjerkegebou fan de "Stichting Doarpstsjerke". Oant 11 april 2010 wie de tsjerke fan de herfoarme gemeente, dy't op 11 april 2010 mei de herfoarme gemeente fan Nijewier en de grifformearde gemeenten fan Mitselwier en Nijewier ta de protestanske gemeente Mitselwier-Nijewier fusearre. De Doarpstsjerke wurdt noch regelmjittich brûkt troch de PKN gemeente Mitselwier-Nijewier foar spesjale tsjinsten.
Yn de tsjerke huzet de grutste koloanje wetterflearmûzen fan Nederlân.[2]
Bouskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De herfoarme tsjerke waard yn 1776 boud op it plak fan de midsiuwske tsjerke fan Mitselwier. Dy foargonger wie neffens Jacobus Stellingwerff in tsjerke fan seis traveeën lang mei in foarse sealtektoer. By de restauraasje fan 1970 binne der noch resten fan fûn. De hjoeddeiske tsjerke is in trijesidich sletten sealtsjerke mei in ynboude toer, dy't fan in ynsnuorre spits bekroane wurdt. Yn de jierren 1960 ferhûze de noardlike tagong nei de westlike kant fan de tsjerke en waard de konsistoarje yn de meast westlike traveeën ûnderbrocht. De stien boppe de tagong ferhûze doe mei. Oan de eastlike muorre fan de tsjerke is in stien ynmitsele, dy't de Alderheljenfloed fan 1570 betinkt.
Nei de fúzje fan de herfoarmen en grifformearden fan Mitselwier en Nijewier yn 2010 waard de tsjerke oerdien oan in stifting. De Stichting Doarpstsjerke krige in breidskat fan de tsjerklike gemeente mei en krige stipe fan Provinsje en de DOM (Dorps Ontwikkeling Maatschappij), wêrmei't in restauraasje bekostige wurde koe. Ek fûnen der oanpassings fan de ynrjochting plak om de tsjerke geskikt te meitsjen foar multifunksjoneel gebrûk.
Ynrjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De preekstoel mei trep en klankboerd (1776) en de hearebank (1777) stamme út de boutiid fan de tsjerke. Yn de tsjerke hinget in klassisistysk rouboerd foar Johannes Casparus Bergsma, dykgraaf fan East-Dongeradiel, dy't yn 1793 ferstoar. Yn de tsjerke leze grêfstiennen foar Focke fan Ropta, Worp fan Ropta (1504-1551) en Wick fan Abinga, in portretsark fan Christoffel fan Sternsee (†1560) en Cunera fan Ropta (†1555). Op it tsjerkhôf leit Rintie fan Aytta, de broer fan steatsman Viglius fan Aytta, mei syn frou. Rintie fan Aytta hat fan 1552 oant 1570 grytman west fan Eastdongeradiel.[3] Yn de toer hinget in klok mei in diameter fan 100 sintimeter. De klok waard yn 1711 getten troch Petrus Overney.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard yn 1819 troch Jan Radersma boud foar de herfoarme tsjerke fan Spannum. Fanwegen it ferstjerren fan Radersma moast de bou foltôge wurde troch Van Dam. Yn 1913 ferhûze Bakker & Timmenga it ynstrumint nei Mitselwier. Dêrby gyng it rêchwurk ferlern. By de restauraasje fan de jierren 1980 waard it rêchwurk troch Mense Ruiter rekonstruearre.[4]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
De grêfsark fan Kunera fan Ropta en Kristoffel fan Sternsee
-
Tinkstien Balthasar Bekker
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Doarpstsjerke, Mitselwier fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|