Rintsje fan Aytta

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Rintie fan Aytta)
Jump to navigation Jump to search

Rintsje fan Aytta (Wurdum?, ±1510 – Mitselwier?, 1570) wie in grytman fan East-Dongeradiel.

Rintsje fan Aytta wie in broer fan Gerbrand fan Aytta (*3 july 1509). Hy moast al as seisjierrich jonkje de treurige gefolgen fan de opskuor ûnderfine, dy't yn dy tiid Fryslân teistere. Op 28 jannewaris 1515 wie syn mem twongen om, woe hja it libben behâlde, mei him en syn jongere broerke en jeugdiger suster nei Ljouwert ta te flechten, om't Jancko Douwema en syn meistanners de âlderlike stins Barrahûs oerfoelen. Hy waard yn 1552 grytman fan East-Dongeradiel, en doe't hy syn beameaming krigen hie, stienen de yngesetenen fan de gritenij him by in akte fan 27 jannewaris fan datselde jier ta it amt oan te nimmen, mar ûnder it betingst, dat hy der foar wake soe, dat de âlde privileezjes, rjochten en foarrjochten neilibbe waarden, en dat hy net yn Dokkum, mar, nei âlderwenst, yn de gritenij wenje soe en de gerjochtssittingen op de wênstige plakken te hâlden. Doe't er inkele jierren letter in rekwest fan boargemasters fan Dokkum krige, om as grytmannen fan East- en West-Dongeradiel tenei de rjochtssittings yn dy stêd te hâlden, berôp er him op boppeneamde akte, en ferwiisde de ynleverders fan it rekwest nei de yngesetenen fan gritenij, dy't dêroer allinnich beslute koenen.

As trou oanhinger fan keizer Karel V en kening Filips II, seach hy smertlik dat harren saken alle dagen minder waarden, en bea oan, foar safier't er koe, harren moech wjerstân. Oan'e ein waard er siik, wêrûnder hy yn april 1570 beswykte. By syn beide oarehelten Ida Hettema en Johanna Rommarts hie hy gjin bern, mar bûten echt hie er in soan, Johannes Rintzius neamd, dy't letter geastlike waard.

Rintsje fan Aytta en de frou kamen te hôf yn Mitselwier, harren stien waard fannijs ûntdutsen yn 2015.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Baerdt van Sminia, Nieuwe Naamlijst van Grietmannen, side 78 en 80.
  • Van der Aa