Springe nei ynhâld

Klaas van der Woude

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Klaas van der Woude

Klaas van der Woude (Rinsumageast, 1954) is Frysk komponist, arranzjeur, muzykpedagooch, dirigint en klankregisseur.

Klaas van der Woude kaam al jong troch famylje en de pleatslike muzykferiening mei muzyk yn de kunde. Hy spile kornet en krige les fan de Fryske brassbandpionier Sierd de Boer. Troch him kaam er as jonge fan fyftjin by brassband De Bazuin yn Oentsjerk. Nei in oplieding ta ûnderwizer en in oerstap nei brassband De Wâldsang kaam er ta it beslút fierder te studearjen oan de Muzyk Pedagogyske Akademy yn Ljouwert. Hy waard dêrta oantrúnd troch Tjeerd Brouwer, dy't jierrenlang dirigint fan De Wâldsang en ek in tal jierren fan De Bazuin wie. It wie deselde Tjeerd Brouwer dêr't er syn earste direksjelessen fan krige.

Oan de MPA studearre Van der Woude trompet, HaFaBra-direksje en arranzjearjen. Hjoed de dei (1997) stiet er as dirigint foar De Bazuin, Oentsjerk en Crescendo, Drachten. Dêrnjonken is er aktyf as arranzjeur, klankregisseur en haadfakdosint Direksje oan it Prins Claus Konservatoarium Grins. Krige yn 2008 de Buma Brass Award foar syn trochbrekken fan grinzen en sa bydroech oan de ûntwikkeling fan de moderne brassmuzyk.

De Bazuin Oentsjerk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan maart 1986 ôf is Klaas van der Woude dirigint fan De Bazuin, Oentsjerk. Yn de fiifentweintich jier dat er dy band muzikaal liedt, is it nivo stadichoan omheech gien en binne in soad súksessen ynhelle. De mannichte arranzjeminten dy't Van der Woude yn dy jierren foar brassband skreaun hat, hawwe altyd in wichtich oandiel hân yn it repertoire fan De Bazuin, benammen by konserten. De band hat dêrom it beslút nommen om yn oparbeidzjen mei muzykútjouwerij De Haske in CD te meitsjen mei allinnich mar arranzjeminten fan Klaas van der Woude. Dat album, mei as titel 'Far From Over' is yn begjin 2007 ferskynd.

Stikken foar harmony- en fanfareorkest en brassband (karút)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1983 Adagio & Badenerie, foar fluit en brassband
  • 1991 Dances With Wolves
  • 1994 African Negro Dance
  • 1997 Big Spender
  • 2000 A Christmas Fantasy, foar harmony-orkest
  • 2000 De Bugel Fan "Looft Den Heer"
  • 2001 Aria (Bozza)
  • 2002 Trumpets Of Jericho
  • 2003 The Great Pretender
  • 2004 Heb Je Even Voor Mij
  • 2005 Circle Of Life
  • 2006 Thunderbirds
  • 2007 Backdraft
  • 2008 Gabriella's Song - As It Is In Heaven
  • 2010 An Old Swedish Hymn
  • 2011 Devil's Galop
  • 2012 Jackson V

Sjoch fierder syn webside

Stikken foar koar

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1980 A funny thing happened, foar gospelkoar
  • 1980 All good gifts, foar gospelkoar
  • 1983 A Christmas Fantasy, foar gospelkoar

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]