Klaas Fokkema
Appearance
Klaas Fokkema (Ljouwert, 5 maart 1898 - Amstelfean, 26 febrewaris 1967) wie frisist en bysûnder heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan de Frije Universiteit fan Amsterdam sûnt 1949 en gewoan heechlearaar yn it Aldfrysk, Aldingelsk en Aldsaksysk dêr sûnt 1954.
Hy promovearre yn 1937 op It Stedsfrysk en makke letter stúdzje fan Fryske dialekten. Fokkema organisearre fiif wurkkampen (1960-1965) yn de Súdwesthoeke oer de dialekten dêre, wêrfan't it risseltaat yn 1972 publisearre waard.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Het Stadsfries (1937)
Bydragen oer it Frysk yn:
- Fonologie van het Nederlands en het Fries (1959)
- De derde Emsinger Codex (1959)
- Taelatlas fan de Wâlden ( mei J.J. Spahr van der Hoek, kommintaar en kaarten, 1967)
- Nei wider kimen (karút it wurk mei bibleteek, 1969)
- Dialecten van de Friese west- en zuidkust ( Het Veldwerk fan prof. Fokkema gearfetten troch prof. H.T.J. Miedema en drs. Tineke Steenmeijer-Wielenga, 1972)
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|