Kjifstikelbargen fan 'e Alde Wrâld beskikke oer in duchtich wapen yn 'e foarm fan 'e lange, fjoerskerpe stikels dy't har op 'e rêch groeie. Yn gefal fan gefaar sette se dy stikels op en keare it oangeande rôfdier de rêch ta, wêrby't se soms beklingse útfallen dogge. Sels liuwen litte har net selden troch dy ferdigeningsstrategy op in ôfstân hâlde. Mochten se dochs oanfalle, dan komme se derefter dat de stikels maklik loslitte fan 'e rêch fan 'e kjifstikelbaarch, mar troch wjerheakjes oan 'e puntige úteinen dreech út hûd te krijen binne as se dêr ienris ynstutsen binne. Sels as de stikels wol te ferwiderjen binne, kinne se noch in aaklike ûntstekking feroarsaakje trochdat kjifstikelbargen gauris yn har eigen kjitte omrôlje.