Kiruna

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kiruna
Kiruna.jpg
Sifers
Ynwennertal 18.148 (2010)
Oerflak 15,92 km²
Befolkingstichtens 1140 / km²
Polityk
Lân Sweden
Lânskip Laplân
Län Norrbottens län
Oar
Stifting 1900
Tiidsône CET (UTC+1)
*Simmertiid CEST (UTC+2)
Webside Webside fan Kiruna
Kiruna oan it ertsspoar fan Lulea-Narvik

Kiruna (Finsk: Kiiruna; Samysk: Giron) is in Sweedske gemeente yn it lânskip Lapland en ek de grutste stêd yn dy gemeente. Karuna leit 145 kilometer benoarden de Poalsirkel en is dêrmei de meast noardlike stêd fan it lân.

Kiruna ûntstie as delsetting by izerertsminen. De haadmyn, Kiirunavaara, waard yn 1901 iepene en wurdt noch altyd eksploitearre. Twa oare minen, Luossavaara en Tuolluvaara, binne yn de jierren '20 iepene en yn de jierren '70 sletten. Likernôch yn dy tiid waard ek oergien fan deibou nei skachtbou. De haven yn Luleå befriest, dat it measte erts wurdt oer Narvik yn Noarwegen útfierd. Yn de Twadde Wrâldkriich wie Sweden offisjeel neutraal, mar levere wol izererts út Kiruna foar de Dútske oarlochsyndustry.

Kiruna sil yn de kommende jierren foar in grut part fiif kilometer nei it easten ferpleatst wurde om it winnen fan izererts ûnder de stêd mooglik te meitsjen. Dat om skea en ûngemakken troch in ynstabile ûndergrûn foar te kommen.

Kiruna is it sintrum fan de gemeente en hat foarsjennings op sosjaal en kultureel gebiet. Toeristen komme dêr om de myn, it stedhûs, de tsjerke, en winterdeis it tichteby lizzende Iishotel yn Jukkasjärvi te sjen.

Ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Kiruna hat in boarger- en in militêr fleanfjild (Kalixfors), in spoarstasjon en in busstasjon. De E 10 rint troch de stêd. Tusken 1898 en 1903 waard it saneamde ertsspoar tusken Luleå en Narvik oanlein.

Klimaat[bewurkje seksje | edit source]

Kiruna hat in sub-arktysk klimaat. Winters kuollet it ôf oant sa'n -20C, mar op plakken yn de omkriten kin it noch wol 20 graden kâlder wurde. Simmerdeis wurdt it 15–25 graden.
Meidat de stêd boppe de poalsirkel leit, hearsket fan begjin desimber oant begjin jannewaris de poalnacht en simmers giet de sinne benei twa moannen net ûnder.

Susterstêden[bewurkje seksje | edit source]

Foto's[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]