Narvik

Ut Wikipedy
Narvik
Narvik
Narvik
Polityk
Lân   Noarwegen
Provinsje Nordland
Gemeente Narvik
Sifers
Oerflak 2.023 km2
Ynwennertal 21.530 (2022)
Befolkingstichtens 6 inw./km
Oar
Stifting 1902
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Offisjele webside
Webside gemeente Narvik
Kaart
Narvik (Noarwegen)
Narvik
Izererts út Kiruna en Malmberget wurdt oer it spoar nei de havens fan Luleå en Narvik ferfierd.
(grinzen fan 1920–1940.)
Narvik, april 1940

Narvik is in stêd en in gemeente yn de provinsje Nordland yn Noarwegen. It plak dat yn 1902 stedsrjocht krige, hie yn 2022 21.530 ynwenners. Mei syn lokaasje op 68° noarderbreedte is er nei it Russyske, krekt wat noardliker lizzende Moermansk, de meast noarlike stêd yn Europa mei in spoarstasjon. Narvik leit oan de Narvik Fjord (Ofotfjord). De gemeente is part fan de tradisjonele regio Ofoten yn Noard-Noarwegen.

Narvik mei syn iisfrije haven oan de waarme Golfstream, wie in spearpunt by de Dútske ynvaazje fan Noarwegen yn april 1940. Ut Narvik wei koe izererts út it neutrale Sweden nei Dútslân (fral Emden) ferfierd wurde. Narvik is ek letter yn de Twadde Wrâldkriich geregeldwei bombardearre troch de Alliearden en de Dútsers om de haven te blokkearjen as wol om him frij te hâlden foar de skipfeart nei Dútslân.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It plak is neamd nei in pleats mei de namme Narvik ("Narduigh" - 1567). De betsjutting fan it earste elemint is 'net witten', mar vik betsjut 'ynholte'.

Narvik hiet yn 't earstoan Victoriahavn nei Victoria fan it Feriene Keninkryk, mar ek de kroanprinsesse fan Sweden, Victoria waard mei de namme eare.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: