Luleå
Luleå | ||
Storgatan, Luleå | ||
Polityk | ||
Lân | Sweden | |
Provinsje | Norrbottens län | |
Gemeente | Luleå | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 46.607 (2010) | |
Oerflak | 28,81 km² | |
Befolkingsticht. | 1601 / km² | |
Hichte | 6 m | |
Oar | ||
Tiidsône | CET (UTC+1) | |
Simmertiid | (UTC+2) | |
Offisjele webside | ||
www.lulea.se |
Luleå (Finsk: Luulaja; Samysk: Luleju; Lule-Samysk: Julevu) is in Sweedske stêd yn de provinsje Norrbottens län en yn it Sweedske lânskip Norrbotten. Luleå is fierwei de grutste stêd fan de provinsje mei in befolking fan sa'n 46.000; de gemeente hat likernôch 75.000 ynwenners. Stêden as Kiruna en Boden komme net boppe de 20.00 ynwenners út. Luleå is it bestjoerssintrum fan provinsje, lânskip en gemeente, mar bygelyks it spoar yn Noard Sweden wurdt ek út Luleå wei regele.
De stêd leit op it plak dêr't de rivier Lule (Luleälv) yn de Botnyske Golf útmûnet. It is in wichtige haven. Izererts wurdt troch LKAB yn Kiruna en Gällivare út de grûn helle en dêrnei yn Narvik en Luleå skip(p)e. Op Svartö stiet in izerfabryk. Ek hout wurdt fia de havens ferfierd. De haven is yn de rin fan de tiid in pear kear ferlein, omdat it noardlik part fan it gebiet rûnom de Botnyske Golf omheech giet wat de seespegel oangiet. De Botnyske Golf is in grut part fan it jier beferzen, dat Luleå kin net optimaal profitearje fan de oerslach fan izererts.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As haven wie Luleå al bekend fan de 13e iuw ôf. De stêd waard lykwols offisjeel stifte ûnder Gustaf II Adolf fan Sweden yn 1621, net op it plak fan no, mar op it plak dêr't tsjintwurdich Gammelstad (âlde stêd) leit. Troch it omheech gean fan de omkriten fan de stêd wie it al yn 1649 nedich om de kearn te ferlizzen nei it hjoeddeiske plak.
Luleå wurdt earst wier in wichtige stêd at ein 18e iuw izererts fûn wurdt yn de omkriten fan Kiruna en Malmberget. Der is mar ien manier om it erts te skypjen en dat is fia de haven fan Luleå. Foar de nedige tsjinsten anneks, waard de wyk Bergviken oanlein.
Yn 1887 ferbaarnd in diel fan de stêd mei syn protte houten huzen. Belangrike gebouwen, sa as de tsjerke, wurde neitiid fannijs boud. Fanwege it hieltyd grutter wurden fan de ertsproduksje en - tanimmend ferfier yn it generaal - krijt de stêd yn 1907 in spoarferbining. It spoar wurdt trochlutsen nei Narvik yn Noarwegen. Luleå is noch altyd in spoarweiknooppunt yn it gebiet. Fan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich ôf is Luleå ien fan de hurdst waaksende stêden fan it lân.
Luleå is de grutste oerslachhaven fan Sweden wurden; hy hat de earste Technyske Universiteit fan it lân, in drok fleanfjild en is in leger- en marinestêd.
-
Technyske universiteit Luleå
-
Yndustryterrein Luleå
-
Storgatan yn de simmer
-
Coop Arena, it iishockystadion
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Luleå fan Wikimedia Commons. |