Kambodja
| |||||
Offisjele taal | Kmer | ||||
Haadstêd | Pnom Pen | ||||
Steatsfoarm | Monargy | ||||
Gebiet % wetter |
181.040 km² 2,5% | ||||
Ynwenners (1998) | 11.437.656 | ||||
Munt | Riel (KHR) | ||||
Tiidsône | UTC +7 | ||||
Nasjonale feestdei | 9 novimber | ||||
Lânkoade | KHM | ||||
Ynternet | .kh | ||||
Tillefoan | 855 |
Kambodja is in lân yn Súdeast-Aazje. De haadstêd is Phnom Penh en de kening fan de monargy is sûnt 2004 Norodom Sihamoni.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kambodja wurdt begrinzge troch:
- Tailân en Laos yn it noarden;
- Fjetnam yn it easten en suden;
- de Golf fan Tailân yn it súdeasten.
Lânskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tônlé-Sap-bekken en de Mekong-delta foarmje in leechflakte dy't begrinzge wurdt troch bergen. Dizze flakte foarmet it tichtbefolke part fan Kambodja en is tige fruchtber. It wichtichste lânbouprodukt dat hjir ferboud wurdt is rys. Troch de flakte streamt de Mekongrivier fanút Laos út nei de Golf fan Tailân.
Yn it noarden fan Kambodja leit it Dongrek-berchte mei piken oant 700 meter hichte en yn it suden en súdwesten it Kardamom-berchtme mei as heechste pyk de Aoralberch dy't op 1771 meter hichte leit.
It lân hat in fochtich tropysk klimaat mei in fegetaasje dat fariearet fan mangrove oan de kust oer moessonbosken yn it sintrale part, oant reinwâlden yn it berchlân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de 1e iuw fan de jiertelling sette minsken har nei wenjen yn Kambodja. Fan 802 oant likernôch 1350 hearde Kambodja by it Kmer-Ryk. Dat ryk besloech grutte dielen fan Súdeast-Aazje. Angkor Wat en oare Hindûtimpels binne oerbliuwsels fan dy tiid. Nei ferskate oarloggen mei it keninkryk Ayutthaya en Lan Xhang waard de Phnom-Penh haadstêd fan it Kmer-ryk en yn dy tiid feroaren hja de namme nei Kambû-ja (Kambodja).
Healwei de 15e iuw oant de Frânske tiid hienen de keningen net folle macht, mar wol ynlânske swierrichheden. Troch kriich mei it Keninkryk Ayutthaya en Fjetnam ferliest Kambodja sawol grûngebiet as rykdom. De glory tiid fan it Khmer-ryk soe net wer weromkomme. Tusken 11 augustus 1863 en 9 novimber 1953 wie Kambodja in Frânske kolony. Op 9 novimber 1953 ferklearre kening Norodom Sihanouk de ûnôfhinklikens.
Yn 1970 ûntstie in boargerkriich dy't einige yn it foardiel fan de kommunistyske Reade Kmer. Fan 1975 ôf fierden hja in wier skrikbewâld dat pas troch in ynfal fan Fjetnameeske troepen beëinige wurde soe. Neidat it Fjetnameeske leger har weromluts waarden frije ferkiezings holden. De lêste ienheden fan de Reade Kmer joegen har oer yn 1998.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It meastepart fan de Kambodjanen (94%) hearre etnysk besjoen by de Kmer. De Sjinezen binne de ien nei grutste groep mei sawat 3%, de Moslimske Gams folgje mei 2%. De rest fan de befolking bestiet út Fjetnamezen, Tais en berchfolken.
Der is ek in grutte groep Kambodjanen dy't bûten it lân wenje, nammentlik yn it noardeasten fan Tailân en yn it súdlike diel fan Fjetnam. Kambodja hat in jonge befolking dy't hurd waakst.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste religy yn Kambodja is it boedisme dêr't om-en-de-by 88% fan de befolking by heart. De islam is mei 3% fan de befolking de twadde grutste religy. Fierders is der in lytse kristlike minderheid.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lânbou draacht foar 50% by oan it Bruto Nasjonaal Produkt en jout wurk foar 85% fan de befolking. Utsein rys wurde dêr sojabeanen, stynske weet en piper ferboud. Tabak, fisk en tropysk hout wurde allyksa útfierd.
De yndustrysektor is lyts en produsearret fral foar de eigen merk.