Mekong

Ut Wikipedy
Kaart mei de rin fan de Mekong

De Mekong (yn it Fjetnameesk Mê Kông en yn it Sineesk Méigōng Hé 湄公河) is in rivier yn Súdeast-Aazje. De rivier is 4909 kilometer lang (sommige boarnen jouwe in koartere lingte fan 4350 km) en wurdt beskôge as ien fan de wichtichste rivieren yn Aazje. De rivier rint troch ferskillen lannen te witten Sina, Myanmar, Laos, Tailân, Kambodja en Fjetnam.

De Mekong ûntspringt yn it Tanglaberchtme yn Sina en komt fia de (Mekong-delta) út yn de Súd-Sineeske See. De rivier hat sterk wiskjende wetterstannen. De Tonlé Sap mar, dêr't de Mekong troch de Tonlé Sap rivier mei ferbûn is, hat in wichtige regulearjende funksje.

Yn de rivier libbet de grutste soart marfal fan de wrâld. De fisk wurdt hiel bot mei útstjerre bedrige, dochs binne der noch hieltyd plakken yn Tailân dêr't nettsjinsteande in ferbod op har fiske wurdt.

Yn de boppe- en middenrin is de rivier foar in part befarber, yn de benedenrin is de rivier befarber oant de stêd Luang Prabang yn Laos. De Kone-wetterfallen binne fan belang foar enerzjywinning; de delta is tige fruchtber foar de rysbou.

It Sineeske diel fan de Mekong hiet "Láncāng Jiāng" (澜沧江) en is ien fan de rivieren fan it "Beskerme Trije Parallelle Rivierengebiet yn Yunnan", in natuergebiet dat opnommen is yn de UNESCO wrâlderfgoedlist.

Rivier Mekong - Luang Prabang

Enerzjy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de hieltyd waaksende behoefte oan elektrisiteit yn de regio is de rivier tige geskikt om dat te leverjen. Yn 1993 en 2003 hat Sina twa dammen foar elektrisiteitsopwekking yn de rivier oanlein en yn 2008 wienen der plannen foar noch ris seis dammen, wêrfan fjouwer yn Laos, ien in Tailân en ien in Kambodja. Tsjin de bou is nochal wat ferset oan de gong. Nei de oplevering fan de Sineeske dammen ûntstienen er ûngewoane ferskillen yn de wetterstannen fan de rivier. [1]. Der wurdt freest dat by noch mear dammen it in desastreus effekt hawwe sille op de fiskstân en de fruchtberheid fan de rysfjilden. [2]

Sydrivieren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Laos[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tailân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kambodja[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fjetnam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foetnoaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. Chinese dams blamed for Mekong's bizarre flow - 25 March 2004 - New Scientist
  2. Dams May Damage Mekong River, Groups Say