Katharine Mary Briggs

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Katharine Mary Briggs
Livro preto.svg skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Katharine Mary Briggs
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
berne 8 novimber 1898
berteplak Londen (Ingelân)
stoarn 15 oktober 1980
stjerplak Burford (Ingelân)
etnisiteit Flag of England.svg Ingelsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre non-fiksje (folkloare), mearkes,
berneboeken
perioade midden 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
The Anatomy of Puck
Dictionary of British Folk-Tales
jierren aktyf 19261980
offisjele webside
n.f.t.

Katharine Mary Briggs (Londen, 8 novimber 1898Burford, 15 oktober 1980) wie in Ingelsk skriuwster dy't bekend waard troch har publikaasjes fan en oer mearkes en folksferhalen. Har bekendste wurken binne it wittenskiplike The Anatomy of Puck en it fjouwerdielige Dictionary of British Folk-Tales.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Briggs waard berne yn Hampstead, yn 'e Britske haadstêd Londen, as de âldste fan 'e trije oerlibjende dochters fan Ernest Edward Briggs, in telch út in begoedige koalemyneignersfamylje út Yorkshire, en dy syn frou Mary Cooper. Har beide susters hieten Winifred en Elspeth. Har heit wie in keunstskilder mei wetterferve, dy't benammen Skotske lânskippen skildere, en syn bern graach ferhalen fertellen mocht. Yn 1911 ferfear it gesin nei it Skotske Perthshire, dêr't Ernest Edward Briggs it Dalbeathie House sette liet. Twa jier letter, yn 1913, kaam er dêr te ferstjerren. Katharine Mary Briggs wie doe fjirtjin jier. Se studearre fan 1918 ôf Ingelske taal- en letterkunde oan Lady Margaret Hall fan 'e Universiteit fan Oxford, dêr't se yn 1922 har bachelorstitel en yn 1926 har masterstitel behelle.

Nei't se har stúdzje ôfrûne hie, kearde Briggs werom nei hûs, want fanwegen it famyljefortún bestie der foar har gjin needsaak om wurk te sykjen. Thús sette hja útein mei it skriuwen en yn famyljefermidden opfieren fan toanielstikken, wylst se har dêrnjonken ferdjippe yn folksferhalen en de skiednis fan Ingelân yn 'e santjinde iuw. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch hie se oare dingen by de ein hân; sa stie se foar de klasse yn in skoalle foar Poalske flechtlingen en wurke se foar de medyske tûke fan 'e Women's Auxiliary Air Force ("Frouljus-Helploftmacht"; WAAF). Yn 1969 wûn se in doktoraat yn 'e letteren mei in proefskrift oer folkferhalen út 'e regearperioade fan kening Jakobus I (1603-1625).

Nei har earste boek oer Britske mearkefigueren, The Personnel of Fairyland, skreau Briggs noch in grut tal oare boeken oer folksferhalen en mearkes, wêrûnder it fjouwerdielige A Dictionary of British Folktales in the English Language (1971), dat in standertwurk wurden is; The Anatomy of Puck en it ferfolch dêrop, Pale Hecate's Team (1962); en An Encyclopedia of Fairies (1976). Njonken wittenskiplike útjeften publisearre hja ek berneboeken, lykas The Legend of Maiden-Hair, Hobberdy Dick en Kate Crackernuts. Katharine Mary Briggs, dy't nea troude, libbe it lêste part fan har libben yn Barn House, yn Burford, yn 'e mande mei har beide susters en withoefolle katten. Hja wie tige warber foar de Britske Folklore Society, dy't nei har ferstjerren de Katharine Briggs Prize nei har ferneamde. Hja stoar yn 'e âlderdom fan 82 jier op 15 oktober 1980. De foaroansteande Ingelske letterkundige, archeologe en antropologe H.R. Ellis Davidson publisearre yn 1996 in livige biografy fan Briggs ûnder de titel Katharine Briggs: Story-teller.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en External links, op dizze side.