Katedraal fan St Davids
Katedraal fan St Davids
Eglwys Gadeiriol Tyddewi | ||
Lokaasje | ||
lân | Wales | |
greefskip | Pembrokeshire | |
plak | St David's | |
koördinaten | 51° 52' N 5° 16' W | |
Tsjerklike gegevens | ||
bisdom | St Davids | |
patroanhillige | Sint-David | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | John Nash (18e iuw); George Gilbert Scott (19e iuw) | |
boujier | 1181-13e eeuw | |
boustyl | romaanske en goatyske arsjitektuer | |
hichte | 90 m | |
monumintale status | Grade I listed building | |
Webside | ||
Side katedraal | ||
Kaart | ||
De Sint-Davidkatedraal (Welsk: Eglwys Gadeiriol Tyddewi; Ingelsk St David's Cathedral) is in Anglikaanske katedraal yn St David's yn Wales. It is de biskopstsjerke fan it bisdom St Davids.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de sechde iuw stifte de abt fan Menevia, Sint-David, op it plak in kleastermienskip. Nettsjinsteande it grutte tal oerfallen tusken 645 en 1097 fan û.o. Wytsings bleau it sa'n wichtich religieus sintrum, dat kening Alfred de help fan it kleaster ynrôp om it yntellektuele libben fan it keninkryk Wesseks wer op 'e gong te krijen. In soad fan 'e biskoppen waarden fermoarde troch de plonderjende lju, ynklusyf biskop Moregenau yn 999 en biskop Abraham yn 1080. De stien fan it grêf fan 'e lêstneamde biskop, bekend as de "Abrahamstien", is mei iere Keltyske symboalen fersierd en wurdt tsjintwurdich útstald yn 'e Cathedral Exhibition yn it poartegebou (Porth-y-Tŵr).
Yn 1081 besocht Willem de Oermasterer it kleaster om dêr te bidden, in teken dat hy it as in hillich en respektearre plak wurdearre. De mei kostber metaal fersierde skryn fan 'e hillige David gyng troch fernieling yn 1089 ferlern.
Nei't it gebiet ûnder Normandysk bewâld foel, beneamde kening Hindrik I yn 1115 biskop Bernard as biskop fan St Davids. Dy ferbettere de omstannigheden yn it kleaster en joech opdracht ta de bou fan in nije katedraal. Yn 1123 ferliende paus Kalikstus it kleaster privileezjes, dy't fan it kleaster in drok besocht pylgerssintrum foar de westlike wrâld makken. De paus hie ornearre dat twa pylgerreizen nei de skryn fan Sint-David lyk stie oan ien nei Rome en trije pylgerreizen nei it kleaster stiene lyk oan ien nei Jeruzalim. De bou fan 'e katedraal eine gaueftich en biskop Bernard koe de katedraal yn 1131 ynwije. In besite oan 'e katedraal yn 1171 fan Hindrik II soarge foar noch mear oanrin en de needsaak fan in noch gruttere katedraal.
Bou katedraal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei de bou fan 'e hjoeddeiske katedraal waard yn 1181 útein set. Net lang dêrnei waard de katedraal foltôge. Al yn 1220 stoarte de nije toer yn en in ierdskodding brocht yn 1247/1248 skea. Under biskop Gower (1328-1347) fûnen nije feroarings plak. Ut dy tiid binne it doksaal en it biskoplike paleis (as ruïne) bewarre bleaun.
Biskop Adam Houghton (1362-1389) en hartoch Jan fan Gint setten yn 1365 mei de bou fan it Sint-Marijekolleezje (St Mary's Colleg) en in kapel útein. Hy liet letter ek oan 'e noardlike kant fan it 12e-iuwske tsjerkeskip de kleastergong oanbouwe.
It kleasterkompleks waard folslein troch in muorre omklamme. De iennige poarte dy't bewarre bleau, Porth-y-Twr, iepenet de wei fan 'e katedraal nei it stedssintrum. Muorren en poarte datearje út likernôch 1300. Under it episkopaat fan Edward Vaughan (1509-1522) waard de Kapel fan 'e Hillige Trije-ienheid boud mei in waaierferwulft, dêr't fan sein wurdt dat it dat fan it King's College yn Cambridge beynfloede hat. Hast yn deselde snoarje waard yn 'e tsjerke it dak en it plafond fan Iersk ikehout boud (1530-1540).
De brek mei de Roomsk Katolike Tsjerke troch kening Hindrik VIII makke yn 1536 in ein oan de kleastermienskip. Ek kaam der in ein oan 'e ferearing fan Sint-David. Biskop Barlow liet fan David's skryn de juwelen ferwiderje en beslach lizze op 'e reliken om dêrmei it byleauwe te bestriden.
De stifting fan it Mienebest fan Ingelân ûnder Oliver Cromwell hie in soad ynfloed op katedralen en tsjerken yn it lân, benammen yn St Davids. De troepen fan Cromwell holden tige hûs yn St David's. Se fernielden de katedraal en lutsen it lead fan it dak fan it biskoplik paleis en dielen fan 'e katedraal, sadat it ferfal syn yntrede die.
Hjoeddeiske katedraal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pas yn 'e 18e iuw waarden der wer plannen ûntwikkele foar it behâld fan teminsten in diel fan it kleasterkompleks. De Welske arsjitekt John Nash krige yn 1793 de opdracht om de fernielings fan twa iuwen earder oan it westlik front wer yn oarder te meitsjen. Foar dat doel fernielde er lykwols de ramen fan 'e kapel fan it Marijekolleezje (St Mary's College) om it maaswurk foar it nije westlike front te brûken. Al gau die bliken dat de kwaliteit fan syn wurk net al te bêst wie (lykas dat earder ek al it gefal wie by syn wurk oan it kapittelhûs). Al binnen in iuw wie it westlik front brekfallich en moast it hiele gebou tusken 1862 en 1870 troch George Gilbert Scott restaurearre wurde. De restauraasje fan 'e eastlike Marijekapel (Lady's Chapel) folge yn 1901 en de eastlike kapellen koene mei in legaat fan grevinne fan Maidstone yn 'e jierren 1901-1910 restaurearre wurde.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aldste diel fan 'e katedraal is it tsjerkeskip (12e iuw). De swakke fûneminten en de gefolgen fan 'e 13e iuwske ierdskodding meitsje dat de muorren oan 'e westkant fan it skip nei bûten niigje. Ek al binne de finsters fan 'e trijskippige tsjerke goatysk, it karakter is noch dúdlik Normandysk. De healrûne arkades binne dekorearre mei reliëfs, elts mei in eigen patroan. It houten plafond stamt út 'e 16e iuw; omreden fan 'e swakke fûneminten en de ierdskodding wie in stiennen ferwulft net mooglik.
It tsjerkeskip wurdt ôfsletten troch it yn 'e 14e iuw boude doksaal, dat yn 'e 14e iuw troch biskop Gower boud waard. Under dy biskop waard der in soad yn en om de katedraal boud en oan him wurdt ek it biskoplik paleis taskreaun. It ferwulft yn it doksaal is fersierd mei fresko's. Der wurdt tocht dat it resten binne fan in noch âlder doksaal, dat yntegrearre is yn it hjoeddeiske doksaal. Yn it súdlike diel fan it doksaal is de tombe te sjen fan biskop Gower.
It bekken fan it doopfont stamt mooglik nog út de tiid fan foar de Normandyske oermastering. De basis is fan lettere tiid en 13e-iuwsk.
It koerstuolte stamt út de lette 15e en begjin 16e iuw. Ien fan 'e stuollen draacht it keninklik wapenskyld, om't de regearende foarst(inne) lid fan it kapittel is. De miserikordes litte moai 16e iuwsk fykwurk sjen.
De oan it begjin fan 'e 13e iuw boude en troch biskop Gower yn 'e 14e iuw ferboude Thomas Becket-kapel hat noch in iergoatyske dûbele piskina. Boppe de kapel is de katedrale bibleteek.
De yn 'e perpendicular styl boude Trije-ienheidkapel hat in waaierferwulft. Yn 'e kapel leit biskop Edward Vaughan (1509-1522) begroeven. It tsjintwurdige alter en de opbou binne gearstald fan midsiuwske fragminten. It retabel efter it alter steld de apostels Jakobus, Andréas, Petrus en Paulus foar. Yn in nis fan wat oarspronklik in 12e-iuwske bûtenmuorre wie, stiet in kist mei de bonken fan Sint-David en Sint-Justinianus.
Súdlik fan 'e Marijekapel is de Sint-Edward de Belider-kapel. Nei't de troepen fan Cromwell yn 1648 it dak fan 'e kapel fernielden troch it lead der ôf te skuorren, ferfoel de kapel. Oan it begjin fan d'e 20e iuw waard de kapel restaurearre. De grevinne fan Maidstone, dy't mei in legaat de restauraasje mooglik makke, leit hjir begroeven.
De eastlike Marijekapel stamt oarspronklik út de 13e iuw en waard yn 'e 16e iuw troch biskop Vaughan ferboud. Nei't ek dêr yn 'e midden fan 'e 17e iuw it daklead ôfskuord waard, stoarte it ferwulft healwei de 18e iuw yn. Ek de Marijekapel, dêr't noch in soad midsiuwske saken te sjen binne, waard oan it begjin fan 'e 20e iuw restaurearre.
Iuwenlang wie de skryn fan Sint-David foar de kristenheid in wichtich doel foar in pylgerstocht. Mei de reformaasje kaam in ein oan dy tradysje. Yn septimber 2010 naam de dekaan fan 'e katedraal it ynysjatyf om jild yn te sammeljen foar it herstel fan it midsiuwske hillichdom. Ferskate keunstners út Wales krigen de opdracht om it wurk út te fieren. Op 'e foarkant fan 'e restaurearre skryn waarden yn 'e nissen trije ikoanen oanbrocht. Se stelle fan lofts nei rjochts Sint-Patrik, Sint-David en Sint-Andréas foar. Efter it hillichdom binne noch twa ikoanen, dy't de mem fan Sint-David, Sint-Nonna, en Sint-Justinianus foarstelle. In mei in blauwe himel en gouden stjerren beskildere baldekyn boppe de skryn besiket de orizjinele 13e-iuwske konstruksje te reprodusearjen. Ek waarden der nije relykhâlders makke foar de reliken fan Sint-David en Sint-Justinianus.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel fan 'e katedraal waard yn it jier 2000 boud troch de firma Harrison & Harrison út Durban. Dêrby waard âlder piipmaterjaal brûkt fan it âlde oargel fan Peter Willis. It oargel hat 53 registers op fjouwer manualen en pedaal. De spyl- en registertraktueren binne mechanysk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:St David's Cathedral
|