Springe nei ynhâld

Katedraal fan St Albans

Ut Wikipedy
Sint-Albanuskatedraal

St Albans Cathedral

Lokaasje
lân Ingelân
greefskip Hertfordshire
plak St Albans AL1 1BY
koördinaten 51° 45' N 0° 20' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Anglikaanske Tsjerke
patroanhillige Sint-Albanus
Arsjitektuer
boujier 1077-1893
boustyl Normandyske en goatyske arsjitektuer
hichte 43.9 meter (toer); 20.2 meter (skip)
monumintale status Grade I listed building
Webside
www.stalbanscathedral.org
Kaart
Katedraal fan St Albans (Hertfordshire)
Katedraal fan St Albans

De Katedraal fan Sint-Albanus (Ingelsk: St Albans Cathedral), ek bekend ûnder de namme Katedraal en Abdijtsjerke fan Sint-Albanus (Cathedral and Abbey Church of St Alban) is in Anglikaanske katedraal yn St Albans, Ingelân. De katedraal giet werom op it jier 793, doe't kening Offa fan Mersia in abdij stifte en dy wije liet oan Sint-Albanus, de earste kristlike martler fan it lân. Sûnt 1077 waard útein set mei de bou fan 'e hjoeddeiske katedraal. In soad arsjitektuer fan 'e katedraal datearret noch út de Normandyske tiid, mar der binne ek goatyske en neogoatyske tafoegings.

Yn 'e midsiuwen wie it ien fan 'e rykste en machtigste abdijen fan it eilân, mar yn 'e 16e iuw liet Hindrik VIII de kleasters ôfskaffe en krige de abdijtsjerke de funksje fan parochytsjerke. Yn 1877 waard it in katedraal, mar it mear as 167 m lange gebou funksjonearret ek noch jimmeroan in parochytsjerke.

De katedraal leit likernôch 35 kilometer noardlik fan Londen yn it greefskip Hertfordshire.

In soad fan 'e hjoeddeiske struktuer stamt út de tiid fan fuort nei de Normandyske oermastering fan it eilân. Lanfranc, de nije aartsbiskop fan Canterbury, wiisde as ferfanger fan 'e Angelsaksyske abt Frithrig syn neef Paulus (1077–1093) oan as fjirtjinde abt fan it kleaster, dy't earder de abt fan 'e Saint-Étienne-abdij yn Caen wie. Fuort nei de komst fan 'e nije abt waard útein set mei de bou fan 'e kleastertsjerke. De arsjitektuer fan de nijbou briek mei de Angelsaksyske boutradysjes en waard beynfloede troch de Frânske bou yn Cluny, Bernay en Caen. Om maksimaal gebrûk te meitsjen fan 'e heuvel dêr't de katedraal op kaam, krige it gebou in súdeastlike oriïntaasje. De krúsfoarmige abdijtsjerke waard yn dy tiid de grutste fan it lân; it krige in koer fan fjouwer traveeën, in transept mei sân apsissen en in skip mei wol tsien traveeën. De Normandyske boumaster Robert joech in soad omtinken oan stevige fûneminten en de toer fan 'e katedraal bleau de iennige grutte krusingstoer út de 11e iuw, dy't nea ynstoarten is. Mooglik wie de toer eartiids bekroand mei in pyramidedak mar tsjintwurdich hat er in flakke ôfsluting. Lange tiid waard der oannommen dat de abdijtsjerke noch twa lytsere westlike tuorren west ha, mar dêr binne nea resten fan fûn.

De abdij St Albans foar de opheffing yn 1539

It kleaster wie yn 1089 foltôge, maar waard pas op 28 desimber 1115, op 'e betinkingsdei fan 'e Unskuldige Bern, ynwijd troch de aartsbiskop fan Rouen, wêrby't ek kening Hindrik I oanwêzich wie. Yn 1140 waard tichteby noch in priorij foar froulju stifte.

Ynearsten wie der hast gjin byldhouwurk yn 'e abdijtsjerke. De bestúkte muorren wiene kleurd en waarden fersierd mei tapiten. Pas yn 'e 12e iuw kaam der mei in nije moade mear byldhouwurk yn 'e tsjerke, benammen nei't de goatyske styl om 1170 hinne yn Ingelân yn 'e moade rekke. Yn it hjoeddeiske bouwurk binne de orizjinele Normandyske bôgen fral ûnder de sintrale toer en de noardlike kant fan it skip te finen. De bôgen yn 'e rest fan it gebou binne goatysk en stamme út midsiuwske fernijings, útwreidings en de restauraasje yn de Fiktoariaanske tiid.

Mei de oanwaaks fan it tal muontsen fan fyftich nei mear as hûndert sette abt John fan Wallingford (1195–1214) útein mei in ferlinging fan 'e tsjerke nei it westen ta mei trije traveeën en de ferfanging fan it strange Normandyske front. It lege pyamidedak fan de Normandyske toer waard ôfbrutsen en ferfongen troch in nije, hegere smelle spits.

Resten fan de kleastergong.

In ierdskodding yn 1250 skansearre it eastlike ein fan 'e tsjerke, wêrtroch't dielen fan it eastlike ein yn 'e lêste helte fan 'e 13e iuw wer opboud wurde moasten. It ynstoarten fan twa pylders yn it súdlike diel fan 'e tsjerke op 10 oktober 1323 feroarsake ek grutte skea. Yn de fal fan 'e pylders waarden grutte dielen fan it dak en fiif traveeën meinommen. De weropbou fûn plak yn 'e iere Ingelske boustyl, dy't paste by de oare traveeën, mar foege wol ûnderskiedende, 14e-iuwske details en ornaminten ta.

Yn 1365 krige it kleaster in nije poarte (Abbey Gateway), dy't njonken de katedraal it iennige gebou is dat de opheffing fan 'e abdij yn 'e tiid fan 'e reformaasje oerlibbe hat. It poartegebou waard nei de reformaasje brûkt as finzenis en foarmet sûnt 1871 ûnderdiel fan 'e St Albans School. De oare kleastergebouwen stiene eartiids súdlik fan 'e poarte en katedraal.

It grutte westlike raam waard yn 'e 15e iuw ynbrocht en ek yn dy iuw waard de spits ferwidere en waarden op de dakken kantielen tafoege. Ek krige de katedraal nije ramen yn it dwersskip en in nij doksaal.

Nei de reformaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de dea fan abt Ramryge yn 1521 rekke de abdij yn it neigean en bouden de trije swakke opfolgers skulden op. Doe't kening Hindrik VIII de Ingelske abdijen opheffe liet, kaam der yn 1539 ek in ein oan 'e Sint-Albanusabdij en waarden de abt en de noch fjirtich oanwêzige muontsen mei pinsjoen stjoerd. De gebouwen waarden plondere en alle gouden, sulveren en fergulde saken waarden út de katedraal stript. Wat fan wearde wie waard ferwidere en grêven waarden iepene om de ynhâld te ferbaarnen. De eardere abdij kaam sûnt 1542 ûnder it bisdom Lincoln te fallen en fanôf 1550 ûnder it bisdom Londen. De gebouwen fertutearzgen en waarden nei 1550 systematysk ôfbrutsen. Nei't al it muorrewurk ôfbrutsen wie, waard de grûn oan de abt werom jûn. It gebiet krige de folgjende twa iuwen de namme Abbey Ruins.

Poartegebou.

De Marijekapel fan 'e katedraal waard yn 1553 in skoalle en it poartegebou fan it kleaster krige de funksje fan finzenis. Oare gebouwen waarden oerdroegen oan 'e Kroan en de kleastertsjerke waard troch kening Edward VI ferkocht oan de stêd om tenei as parochytsjerke te tsjinjen. De stêd liet renovaasjes útfiere, dy't lykwols troch de Ingelske boargerkriich om 'e nocht west hiene, om't de abdijtsjerke doe as finzenis brûkt waard en troch sawol finzenen as bewakers slim skeind waard. Ek de puriteinen diene it harres ta troch noch restearjende dekoraasjes te fernielen, mar yn 'e jierren 1681-1684 waard der op 'e nij jild útjûn om it dak en it ferwulft fan it koer te reparearjen. Mei in keninklike bydrage fan Willem III en Mary II yn 1689 waard it algemiene ûnderhâld, in nije ynrjochting en it fuortwurkjen fan "âlderwetske" goatyske skaaimerken betelle. Yn 1698 folge noch in bydrage fan 'e kening.

Nije skea ûntstie yn 1703 doe't in fûle stoarm oer Súd-Ingelân raasde en de tsjerke it súdlike transeptraam ferlear. It waard ferfongen troch in houten raam mei trochsichtich glês. Nettsjinsteande mear reparaasjes yn 'e rin fan 'e 18e iuw drige de folsleine ôfbraak fan 'e katedraal. De kosten fan 'e reparaasjes waarden te heech en laten yn 'e jierren 1770 ta in hast slagge plan om de abdijtsjerke te ferfangen troch in lytsere tsjerke. Yn 1797 soarge in nije stoarm foar fersakkings, skuorren yn flierren, iepen grêven en wetteroerlêst yn 'e tsjerke.

De katedraal fan St Albans op in gravuere út it begjin fan de 19e iuw.

Yn 'e 19e iuw wurken benammen de arjitekten Lewis Nockalls Cottingham, Henry J.B. Nicholson, George Gilbert Scott en Edmund Beckett oan de katedraal.

Yn febrewaris 1832 foel in diel fan 'e muorre fan 'e ljochtbeuk troch it dak fan it súdlike sydskip, dat in gat fan goed njoggen meter feroarsake. Yn it ramt fan 'e reparaasje waard de arsjitekt Lewis Nockalls Cottingham frege om de steat fan it gebou te beöardielen. Syn ferslach wie tige soarchlik: oeral wie it mitselwurk striemin en de houten balken wiene oan it rotsjen. Der moast in soad dien wurde en de begrutte kosten fan 'e restauraasje wiene folle heger as it beskikbere jild. Allinne de ljochtbeuk koe wer boud wurde en dêrnjonken krige it dak nij lead, waard de spits op 'e toer ferwidere en fjirtich ramen wer iepene en fan glês foarsjoen. Henry Nicholson, dy't rektor fan de katedraal wie (1835-1866), die ek in soad oan 'e reparaasje fan 'e tsjerke en besocht safolle as er koe de ferburgen en ferwaarleazge goatyske dekoraasjes te meitsjen en foar it ljocht te heljen.

De tsjerke foar de restauraasje yn de jierren 1880.

Nije reparaasjes setten yn 1867 útein. No waard George Gilbert Scott oanwiisd om fan 1860 oant syn dea yn 1878 tasicht te hâlden op in rige fan renovaasjes. Scott die in soad oan 'e fûneminten, de ôfwettering, de restauraasje fan 'e flier en liet de út it lead hingjende súdlike muorre rjochtsette.

It doksaal út 1480. De bylden binne fiktoariaanske ferfangers út 1184-1889. De orizjinele bylden waarden by de opheffing fan 'e abdij ferneatige, sa't ek it doksaal sels skansearre waard.

Yn 1877 waard út it bisdom Rochester St Albans as in selsstannich bisdom stifte. De earste biskop fan it nije bisdom wie de eardere biskop fan Rochester, Thomas Legh Claughton. Hy bleau oant 1890 biskop en leit begroeven oan 'e noardlike kant fan de katedraal.

Koer.

George Gilbert Scott wurke noch oan it dak, ferwulft en it westlike travee, doe't er ferstoar op 27 maart 1878. Syn plannen waarden foar in part foltôge troch syn soan John Oldrid Scott, mar de rest fan it wurk foel yn hannen fan Edmund Beckett. Beckett's wurk soe in soad krityk opleverje, mar hy droech finansjeel foars by oan 'e ûnbidich hege kosten fan de restauraasje. Wylst Scott folle mear rekken holden hie mei it besteande gebou, folge Beckett fral it fiktoariaanske ideaal. Kontroversjeel wie benammen de restauraasje fan it brekfallige westlike front, dêr't Beckett, sels mar in amateur-arsjitekt, in hiel nij ûntwerp foar levere. Him waard it ûntbrekken fan histoarysk besef en arrogânsje oanrekkene en der folgen oare ûntwerpen fan oare arsjitekten, dy't troch Beckett mei sin ferfongen waarden troch earmoedige tekeningen, dat sadwaande kaam syn ûntwerp der lang om let dochs troch. It wurk oan de £ 20.000 kostende weropbou fan 'e gevel sette yn 1880 útein en waard yn april 1883 foltôge. Beckett stie bekend om syn wjerstân tsjin de saneamde perpendicular styl; wat er sels net moai fûn liet er as "te ferotte" beoardielje en neffens eigen smaak ferfange. Hy fûn it gjin punt om hiele dielen fan de tsjerke folslein nij te bouwen. De súdlike muorre krige foarse steunbearen. Yn 'e hielendal fernijde gevel fan it súdlike transept liet er in groep lânsetfinsters ynbringe, sydtuorkes tafoegje en op it dak nije pannen lizze. In raam yn 'e perpendicular styl yn it noardlike transept liet er ferfange troch in roasfinster mei allegear sirkels. Hy wurke dêrnei troch mei de oanpassing fan it presbytearium en de Marijekapel, ek yn in eigen styl, fernijde it ferwulft, liet in flier yn swart en wyt moarmer lizze (1893) en brocht ûnder de baldakinen nije fiktoariaanske arkades en byldhouwurk oan. Om it nije dak te skoarjen waarden bûten de steunbearen grutter makke.

Al yn 1897 moast Beckett werom nei syn earder renovearre dielen fan 'e tsjerke om reparaasjes út te fieren. Syn gebrûk fan te sterk semint hie skuorren fan gefolgen, wylst syn foarleafde foar it izerwurk yn ramen korroazje feroarsake en skea oan 'e stiennen derom hinne. Beckett ferstoar yn 1905 en waard op it tsjerkhôf begroeven. Hy liet in legaat efter om fierder te wurkjen oan 'e katedraal.

20e iuw-21e iuw

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

John Oldrid Scott (ferstoarn yn 1913 en de soan fan George Gilbert Scott) bleau nettsjinsteande botsings mei Beckett wurkjen yn 'e katedraal. Hy wie in konsekwint oanhinger fan 'e neogoatyske moade (Gothic Revival) en ûntwurp it grêf fan 'e earste biskop. Ek liet er in nije biskopstroan meitsje (1903), tegearre mei nije koerbanken en joech er it oargel in oar plak (1907). Dêrnei einige it wurk troch it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich.

Yn 'e jierren 1930 moast it ferwulft troch oantaasting fan krobben reparearre wurde. Ek waard der fjouwer ton oan smoargens ferwidere by de krusingstoer en it houtwurk ferstevige. Yn 1934 waarden de acht klokken neisjoen en fjouwer nije klokken tafoege om se te brûken by de fiering fan it sulveren jubileum fan George V.

Nei de Twadde Wrâldkriich waarden it oargel fernijd en nije banken tafoege. De krusingstoer hie in soad lêst fan it semint fan Beckett, dat de romaanske stiennen skansearre. De oantaaste stiennen moasten ferfongen en yn it goede semint werom lein wurde troch ien man, Walter Barett. Ek it plafond fan de toer waard renovearre, lykas ek de muorrebeskildering fan it skip.

Om it kontakt tusken de foargonger en it tsjerkefolk te ferbetterjen waard yn 'e jierren 1970 de alterromte grutter makke. De massive njoggen ton swiere preekstoel waard mei de koerbanken en de fêste banken ferfongen troch ljochtere koerbanken, stuollen foar it tsjerkefolk en in preekstoel dy't oernommen wie fan in tsjerke út Norfolk.

De skryn fan Sint-Albanus.

In deeglik ûndersyk yn 1974 wiisde út dat der op 'e nij sprake wie fan ferfal, nije lekken en oare efterútgong. Der waard in herstelplan foar tsjien jier oerienkommen. Op 'e nij easke it dak wer in soad reparaasjewurk. Ek de finsters fan ljochtbeuk en it westlike front waarden renovearre. Tsjin 'e ein fan 'e jierren 1970 waard in nij besikerssintrum iepene oan 'e súdlike kant fan 'e katedraal, tichteby it plak fan it oarspronklike kapittelhûs fan 'e abdij. It sintrum waard op 8 juny iepene troch keninginne Elizabeth.

Oare wurken oan 'e ein fan 'e 20e iuw wiene de restauraasje fan 'e skryn fan Sint-Albanus, dy't ek in nije borduerde baldekyn krige, en it nije glêswurk foar Beckett's roasfinster yn it noardlike transept, dat troch Diana, de prinsesse fan Wales, ûnthulle waard.

De sân nije bylden fan it doksaal dy't yn it ramt fan it 900 jierrich jubileum makke waarden.

Yn it ramt fan it 900-jierrich jubileum fan 'e katedraal waarden yn 2015 sân nije bylden troch Rory Young makke foar de noch lege nissen yn it út 'e jierren 1349-1350 stammende doksaal fan 'e tsjerke. Fjouwer dêrfan stelle lokale martlers foar: Sint-Albanus, de preester Amfibalus dy't Sint-Albanus doopte, de benediktynske preester Alban Roe en de protestant George Tankerfield, dy't by de katedraal op 'e brânsteapel oan syn ein kaam. De oare trije bylden binne fan 20e-iuwske hilligen en wjerspegelje de oekumenyske kongregaasje fan 'e katedraal: de russysk-otterdokske Elisabeth Fjodorovna Romanov, de lutherske Dietrich Bonhoeffer en roomske aartsbiskop Oscar Romero.[1]

It oargel waard yn 1962 troch Harrison & Harrison (Durham) boud en yn 'e jierren 2007–2009 troch deselde firma restaurearre en fergrutte. It ynstrumint krige in nije fjouwermanualige spyltafel. Fieders waarden der tariedings troffen foar de ynbou fan in oargel yn it skip; de bou dêrfan is lykwols noch net wis. It oargel hat no 64 registers, ferdield oer fjouwer manualen en pedaal. De spyltraktueren binne elektro-pneumatysk en de registertraktueren elektrysk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:St Albans Cathedral