Lânsetfinster
Appearance
In lânsetfinster is in finster foar in lang, smel spitsbôgich raam. It krige de namme "lanset" fanwegen de oerienkomst mei in lâns.
Lânsetfinsters komme fakentiden yn goatyske en neogoatyske tsjerken foar. Somtiden giet it om ien raam, mar se komme ek yn in pear foar of in groep yn in ûneven oantal mei it heechste raam yn it sintrum.
It arsjitekturale motyf waard foar it earst yn de Frânske goatyske perioade (1140-1200) tapast en fûn letter ek yn oare lannen neifolging yn de goatyske arsjitektuer.
De term lânsetfinster wurdt korrekt brûkt as it op finsters sûnder trasearring fan tapassing is.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lancet windows fan Wikimedia Commons. |