Katedraal fan Ripon
Katedraal fan Ripon
Cathedral Church of St Peter and St Wilfrid | ||
Lokaasje | ||
lân | Ingelân | |
greefskip | Noard-Yorkshire | |
plak | Ripon | |
koördinaten | 54° 8' N 1° 31' W | |
Tsjerklike gegevens | ||
bisdom | Leeds | |
patroanhillige | Petrus Wilfryd fan York | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1160–1547 | |
boustyl | gotyk | |
monumintale status | Grade I listed building | |
monumintnûmer | 1150164 | |
Webside | ||
Side katedraal | ||
Kaart | ||
De Katedraal van Ripon (Ingelsk: Ripon Cathedral; formeel de Katedrale Petrus en Wilfrydtsjerke, Cathedral Church of St Peter and St Wilfrid) yn de Ingelske stêd Ripon is ien fan de trije katedralen fan in Anglikaanske bisdom Leeds. De oare twa katedralen fan it bisdom steane yn Wakefield en Bradford.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjintwurdige tsjerke is de fjirde tsjerke op itselde plak.
In earste stiennen tsjerke op it hjoeddeiske plak stie der al sûnt 672. Yn dat jier ferfong Wilfryd fan York in houten tsjerke troch in stiennen basilica, ien fan 'e earste stiennen gebouwen dy't yn it Angelsaksyske keninkryk Noardumbrje boud waard. Foar de bou dêrfan liet Wilfryd de ambachtslju út Frankryk helje en letter waard Wilfryd sels yn syn nije tsjerke by it heechalter begroeven.
De tsjerke waard troch de Ingelske kening Eadred yn it jier 948 ferneatige as in warskôging oan 'e aartsbiskop fan York. De krypte bleau bestean, mar tsjintwurdich rêst dy lytse 7e-iuwske kapel folslein ûnder de letter troch aarsbiskop Roger de Pont l’Evêque boude minster. In twadde minster gyng yn 1069 ek ferlern, doe troch Willem de Oermasterer. Thomas fan Bayeux, de earste Normandyske aartsbiskop fan York, joech dêrnei opdracht om de tredde tsjerke te bouwen, dêr't dielen fan yntegrearre waarden yn it kapittelhûs fan 'e letter troch Roger de Pont l'Evêque boude tsjerke.
It westlike front yn d'e iere ingelske gotyk waard yn 1220 tafoege. De twa twillingtuorren hiene oarspronklik houten spitsen. Yn it ramt fan in ferbouwing fan it koer tusken 1276-1288 en 1330 waard it eastlike raam ynbrocht. De keunsthistoarikus Nikolaus Pevsner (1902-1983) omskreau it raam as in treflik foarbyld fan 'e grutte Noard-Ingelske goatyske ramen yn 'e decorated style.
In grutte ferbouwing moast útsteld wurde troch de útbraak fan 'e Roaze-oarloggen (1455-1485), mar waard wer oppakt nei't Hindrik VII op 'e troan kaam en it lân wer ta rêst kaam. De as gefolch fan 'e ierdskodding fan 1450 ynstoarte sintrale toer waard wer opboud, mar nea foltôge.
De 35 miserikordes fan 'e katedraal waarden tusken 1489 en 1494 fike. Deselde houtfikers makken ek de misericordes fan de minster fan Beverley en de katedraal fan Manchester.
Yn 1547 ûntbûn Edward VI fan Ingelân it kolleezje fan koarhearen fan Ripon. Alle ynkomsten waarden troch de Kroan taëigene en de toer krige nea de lêste perpendicular bôgen.
Katedraal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De minster waard yn 1836 in katedraal fan it doe nije Anglikaanske bisdom fan Ripon. Ripon waard it earste nije bisdom sûnt de reformaasje.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel fan 'e katedraal stamt fan de oargelbouwers Harrison & Harrison. It waard boud neffens it oarspronklike ynstrumint fan Lewis út 1878. It ynstrumint stiet op it doksaal en hat in front fan Gilbert Scott. Yn 2013 ûndergyng it oargel in renovaasje.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Doksaal
-
Skip
-
Koer
-
Westlike ôfsluting
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:RiponCathedral
|