Katedraal fan Wakefield
Katedraal fan Wakefield
Cathedral Church of All Saints in Wakefield | ||
Lokaasje | ||
lân | Ingelân | |
greefskip | West-Yorkshire | |
plak | Wakefield WF1 1HG | |
adres | Northgate | |
koördinaten | 53° 40' N 29° 49' W | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Anglikaanske Tsjerke | |
bisdom | Leeds (sûnt 2014) | |
patroanhillige | Alderheljen | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1300-1905 | |
boustyl | gotyk | |
monumintale status | Grade I listed building | |
Webside | ||
www.wakefieldcathedral.org.uk | ||
Kaart | ||
De Katedraal fan Wakefield (Ingelsk: Wakefield Cathedral; ek de Alderheljenkatedraal fan Wakefield, Cathedral Church of All Saints in Wakefield) yn Wakefield, West-Yorkshire, Ingelân, is ien fan 'e trije Anglikaanske katedralen fan it bisdom Leeds.
De oarspronklike parochytsjerke hat Angelsaksyske woartels. Mei in hichte fan 75 meter is de tsjerke it heechste gebou fan Wakefield.
Sûnt 14 july 1953 stiet de katedraal ynskreaun as in Grade I listed building.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal stiet yn it sintrum fan 'e stêd op in heuvel en waard boud op it plak fan in Saksyske tsjerke. It bewiis dêrfoar waard levere by de opgravings, doe't yn 1900 it eastlike ein fan de tsjerke útwreide waard. It Domesday Book fan 1086 neamde al it bestean fan in tsjerke yn Wakefield en al rillegau dêrnei waard de Saksyske tsjerke ferfongen troch nijbou nei de Normandyske ferovering. De Normandyske tsjerke waard yn 1329 op 'e nij boud en (útsein de toer mei de spits) yn 1469 grutter makke. De tsjerke waard ferskate kearen ferboud en de spits waard yn 1823 fernijd nei't dy by in fûle stoarm skeind rekke.
Yn it begjin fan 'e 15e iuw waard de tsjerke foar in grut part yn de perpendicular style ferboud. Nei jierren fan ferwaarloazing fûn der tusken 1858 en 1874 in fiktoariaanske restauraasje ûnder lieding fan George Gilbert Scott en syn soan John Oldrid Scott plak.
Yn 1888 waard it bisdom Wakefield stifte en de Alderheljentsjerke waard de katedraal fan it dat bisdom. It bisdom waard op 20 april 2014 opheft, doe't it nije bisdom Leeds stifte waard.
Bouskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De muorre fan it noardlike sydskip is it âldste diel fan 'e katedraal en datearret út likernôch 1150. De pylders fan it skip stamme út de 12e en 13e iuw en de arkades en koerbôgen út de 14e iuw. Yn it let 15-iuwske koer steane hjoed-de-dei de koarbanken. It oarspronklik stiennen ferwulft fan it skip waard yn 'e rin fan 'e tiid ferfongen troch in houten ferwulft. It 15e-iuwske houten ferwulft fan it middenskip en de sydskippen hawwe fike ferfulftkaaien.
It tsjintwurdige eastlike ein, besteande út it hjoeddeiske koer, in dwersskip en de Markuskapel, waard yn 1904 neffens it ûntwerp fan John Loughborough Pearson boud en foltôge troch syn soan Frank L. Pearson. It 20e iuwske koer hat in stiennen ferwulft.
De hege westlike toer hat op de hoeken steunbearen, in balustrade mei pinakels en in hege spits.
Ynrjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De glês-yn-leadruten stamme út de Fiktoariaanske tiid en binne foar it measte makke troch Charles Eamer Kempe. Syn ramen dogge tinken oan 'e kleuren fan 'e lette midsiuwen: donkere kleuren oan 'e noardlike kant mei tema's út it Alde Testamint en ljochtere kleuren oan 'e súdlike kant mei figueren út it Nije Testamint.
De katedraal hat in 17e-iuwsk doksaal, dat mei in krúsigingsgroep fan Ninian Comper út 1950 bekroand wurdt. It doopfont datearret út 'e midden fan 'e 17e iuw en de preekstoel út 1708. De 15e-iuwske koerbanken, skonken troch Thomas Savile, hawwe alve miserikordes en oar fykwurk.
It alter is it wurk fan John Oldrid Scott (1841-1913) mei mooglik âlder wurk, wylst it iken retabel makke is troch Frank Loughborough Pearson (1864-1947).
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel stiet yn in front út 1743 en waard troch Abbott & Smith boud yn 1902. Yn 'e jierren 1951-1952 boude John Compton it ynstrumint op 'e nij en yn 1985 folge in restauraasje troch Phillip Wood & Sons.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Wakefield Cathedral
|