Springe nei ynhâld

Katedraal fan Beauvais

Ut Wikipedy
Sint-Piterkatedraal

Cathédrale Saint-Pierre

bouwurk
lokaasje
lân Frankryk
regio Opper-Frankryk
departemint Oise
plak Beauvais
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1225-1569
boustyl Romaansk (âlde katedraal)
Gotyk (nije katedraal)
monumintale status Histoarysk monumint
offisjele webside
Side parochy

De Sint-Piterkatedraal (Frânsk: Cathédrale Saint-Pierre) is in roomsk tsjerkegebou yn Beauvais yn it departemint Oise yn de regio Opper-Frankryk. It is de katedraal fan it bisdom Beauvais.

De tsjerke waard likernôch tagelyk boud mei de katedralen fan Chartres, Reims, Bourges en Amiens.

De Sint-Piter hat mei in hichte fan 48,50 meter oant it ferwulft it heechst goatyske koer fan 'e wrâld. Fan 1569 oant 1573 wie de katedraal mei syn 153 meter hege spits boppe de krusing sels it heechste bouwurk fan 'e wrâld. De arsjitekten hiene de ambysje om nei dy fan Amiens de grutste katedraal fan Frankryk te bouwen. Twa rampen, ien yn de 13e iuw en de oare yn de 16e iuw, soargen der foar dat de katedraal oant de dei fan hjoed nea foltôge waard. Allinne it koer en it transept binne réalisearre.

La Basse-Œuvre

Fan de eardere katedraal binne in pear traveeën fan it skip bewarre bleaun. Dy yn de let-karolingyske styl boude katedraal datearret moai wis út de twadde helte fan de 10e iuw. De tsjerke wie eartiids mei njoggen traveeën folle langer as de tsjintwurdige tsjerke en hearde ta grutste tsjerken fan dy tiid. Ynwenners fan Beauvais (dy't Beauvaisiens neamt wurde) joegen dy romaanske tsjerke de namme la Basse-Œuvre, yn tsjinstelling ta de letter boude goatyske tsjerke, dy't as la Haute-Œuvre oantsjut wurdt.

Opgravings ûnder de goatyske katedraal wiisden út dat de foargonger in grut transept út de Karolingyske tiid hie. Oer de fraach oft dat transept oarspronklik wie of letter tafoege is ferskille de gedachten.

Yn 1225 wie nei in brân it koer fan de âlde katedraal folslein ferneatige. De biskop Milon de Nanteuil (1217-1234) keas by de weropbou der foar om wat fierder eastlik in nij koer te bouwen. Mei it einen fan de bou fan de nije katedraal nei it westen ta waard de âlde katedraal stadichoan ôfbrutsen. Op it plak fan de hjoeddeiske Basse-Œuvre soe oarspronklik it goatyske skip boud wurde. Om op hurde rots te bouwen moasten de fûneminten somtiden mear as 10 meter djip oanlein wurde. It boumateriaal fan krytstien kaam út de groeven fan Beauvais en Saint-Martin-le-Nœud. Om 1240 hinne wie de sokkel fan it koer en alles ûnder de ljochtbeuk foltôge. Yn 1260 wie it koer ree en koene dêr missen opdroegen wurde.

Nei alle gedachten wie it in stoarm dy't op in freed yn novimber 1284 de ramp feroarsake dat in part fan de ferwulften ynstoarten. De restauraasje duorre lang en pas om 1347 hinne wie it wurk dien, mar doe tsjinne de Hûndertjierrige Kriich him oan. Yn 1472 stiene de legers fan Karel de Stoute foar de stedspoarten. Beauvais waard doe ûnder lieding fan Jeanne Hachette fûl ferdigene.

Pas 150 jier letter waard mei de bou fan it transept wer fierder wurke oan de katedraal. Mei de foltôging fan it transept yn 1548 wiene de ôfmjittings ûnbidich: fan de aksiale Marijekapel oant de westlike skiedingsmuorre fan it transept wie it gebou 72,5 meter lang, it transept hie in breedte fan 58 meter en it ferwulft fan it koer wie 48,5 meter heech; nochris 4 meter heger as dy fan Amiens.

In pear jier letter naam it kapittel it beslút om earst net fierder mei it skip te bouwen mar útein te setten mei de bou fan in lantearne, sadat de katedraal al fan fierrens te sjen wie. It wurk begûn yn april 1563 ûnder lieding fan Jean Vast. Doe't it krús op de houten spits set waard wie de katedraal 153 meter heech en dat makke fan de Sint-Piter it heechste bouwurk fan de hiele kristenheid. Dochs wist elkenien ek yn dy tiid al dat it bouwurk kwestber wie.

De katedraal sa't dy mar foar in lyts skoft west hat

De toer rêste boppe in ûnbidich grutte lege romte, allinne op de fjouwer tige lichte krusingspylders fan it transept, dy't op harren sels al in nuodlike konstruksje foarmen en al hielendal net berekkene wiene op sa'n hege stiennen toer. Troch it ûntbrekken fan in skip oan de westlike kant fan de krusing miste de bou de steunbearen dêr, dy't nedich wiene foar de stipe fan pylders. Om't tocht waard dat it izeren krús op de toer te swier wie waard dat al yn 1572 ferwidere. Op 30 april 1573, doe't de minsken de tsjerke útgyngen nei de Himelfeartmisse, stoarte de toer nei ûnder. De kosten fan skansearrings en weropbou fan de ferneatige ferwulften fan it dwersskip wiene sa heech, dat de weropbou fan de toer net mooglik wie en ek it jild foar de bou fan it skip folslein op gyng oan de restauraasje.

De westlike kant fan de katedraal

Yn 1604 waard oan de westlike kant mei de bou it earste travee fan it skip úteinset, dat dêrnei mei in mei laaien dutsen skiedingsmuorre tichtset waard. Dêrmei kaam definityf in ein oan de bouwurksumheden. Yn de 17e en de 18e iuw soe al it omtinken gean nei de ynrjochting fan de katedraal mei skilderijen, in heechater, de preekstoel en oare monuminten. Sa bleau de Sint-Piter fan Beauvais in ûnfoltôge katedraal.

Revolúsje en restauraasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de tiid fan de Frânske Revolúsje fernielden de Sansculotten de bylden fan it timpaan en it súdlike portaal. De katedraal ferlear ek in part fan it meubilêr en de objekten fan edelmetaal waarden út de katedraal helle. Earder wiene al dielen fan de ea tige rike skat fan de katedraal ferkocht om de bou of restauraasje te beteljen, mar ek om by te dragen oan it losjild fan kening Frâns I. Yn de Frânske Revolúsje waarden op 18 augustus 1791 de siboaria, kelken, monstrânsen, sulveren bylden, gouden krusen en in relykskryn nei de Munt fan Parys stjoerd om dêr omraand te wurden.

De katedraal feroare yn in 'Timpel fan de Rede'. Nei't de slimste revolúsjeterreur wer wat delbêde wie de katedraal foar in skoft in ienfâldige parochytsjerke.

De Sint-Piter waard yn 1822 op 'e nij in katedraal. Stadichoan liet it bisdom it noch oanwêzige religieuze erfgoed fan Beauvais renovearje. Yn 1840 waard de katedraal op de earste Frânske list fan histoaryske monuminten set. De arsjitekt Daniel Ramée stelde yn 1842 út om de katedraal mei twa traveeën nei it westen ta út te wreidzjen, sadat de tsjerke stabiler waard en der in mooglikheid wie om in súdlike toer te bouwen. It projekt krige goedkarring fan de Commission des arts et édifices religieux, mar Ramée krige dien nei't him ferwiten waard dat er syn bouprojekten ferwaarloazge. Syn projekt krige gjin ferfolch, sadat de wisse ferneatiging fan de rest fan de noch besteande 10e-iuwske katedraal tefoarren kommen waard.

Sûnder skansearrings oerlibbe de katedraal de Earste Wrâldkriich. Yn 1939 waarden alle brânskildere ramen fan de katedraal demontearre en opslein yn it kastiel fan Carrouges. It soe bliken dwaan dat soks hiel ferstannich wie, want op 6 juny 1940 foelen by it Dútske bombardemint seis bommen op de katedraal sûnder te ûntploffen. De sakristy waard lykwols ferneatige en alle glês-yn-leadramen dy't net útnommen wiene leine yn gruzels. Ek de ferneamde astronomyske klok rekke skeind en wurke net mear.

Houten stutten

Yn de 19e iuw wiene by de restauraasje izeren lûkstangen, dy't it gebou omfiemen, ferwidere. Wylst de lûkstangen diel útmakken fan de midsiuwske fernimstigens om it gebou op syn plak te hâlden, like it de restauraasjeploech ûnder lieding fan de arsjitekt Aymar Verdier estetysker om dy mar ôf te seagjen. De lêste fan dy 'mâle' en 'nutteleaze' lûkstangen waarden yn de jierren 1960 ferwidere. De lûkstangen foarmen lykwols ûnderdiel fan de stabiliteit fan it gebou en troch de ferwidering dêrfan ûnstie der instabiliteit. Sa'n 20 jier letter ferskynden jimmeroan grutter wurdende skuorren. Om de katedraal iepen te hâlden en de earms fan it dwersskip te stabilisearjen, waarden op in hichte fan mear as fjirtich meter yn de tsjerke acht grutte balken oanbrocht. Yn de 21e iuw waarden op de midsiuwske plakken wer metalen lûkstangen oan de binne- en bûtekant oanbrocht, dy't it bouwurk stadichoan wer op it plak werom setten. Op hege, los fan it gebou steande steigers, waard der oan it begjin fan de 21e iuw fierder wurke oan de restauraasje en stabilisaasje fan it gebou. Mei it opsetten fan in stabiliteitskontrolesysteem waard sûnt 2014 in earste stap setten foar de ferwidering fan de stutten.

Plattegrûn en ôfmjittings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Plattegrûn

De katedraal soe boud wurde yn de foarm fan in Latynsk krús. Fan it skip is lykwols allinne it earste travee boud. De liturgyske oriïntaasje is fan east nei west.

  • De totale lingte (fan it koer oant de westlike gevel) is 72,5 meter (de katedraal fan Senlis is 76 meter lang).
  • Yn de tsjerke hat it dwersskip in lingte fan noard nei súd fan 58,6 meter (dy fan de katedraal fan Amiens hat in ynwindige lingte fan 62 meter).
  • It koer is 47 meter lang (tsjin 64 meter foar it koer fan de katedraal fan Amiens, dy't noch in travee mear hat en werfan 't de akiale kapel langer is as de oare seis).
  • De hichte fan it gebou is bûten 67,2 meter (de twa tuorren fan de Notre-Dame fan Parys binne 69 meter heech).
  • De hichte fan de súdlike gevel is 64,4 meter.
  • De hichte yn it koer oant it ferwulft is 48,50 meter. Dêrmei gie de katedraal fan Beauvais alle oare goatyske katedralen (Amiens 42,3 meter, Metz 41,41 meter, Narbonne 41 meter, Reims 38 meter, Bourges en Chartres 37,5 meter) te boppe.
  • Breedte fan it middenskip: 16 meter (Chartres: 16,40 meter).
Ynterieur

De katedraal hat noch 13e-, 14e- en 16e-iuwske ramen. Yn de twadde helte fan de 20e iuw binne ek nije ramen fan ferskillende gleskers ynset. De âldste ramen út 1240 binne te finen yn de eastlike, aksiale Marijekapel, de meast sintrale kapel fan de njoggen straalkapellen. Oan de linker kant wurdt de Beam fan Jesse foarstelt en oan de rjochter kant in ferhaal út de leginde fan Teofilius fan Adana. It roasfinster yn it noardertransept is wijd oan it Lêste Oardiel.

Astronomyske klok

Oer de hiele wrâld ferneamd is de astronomyske klok, dy't tusken 1865 en 1868 troch Auguste-Lucien Vérité boud waard. De klok, dy't yn in 12 meter hege, 5,12 meter brede en 2,82 meter djippe yn romano-byzantynske styl makke kast stiet, krige in plak yn de Kapel fan it Hillich Sakramint yn de noardlike earm fan it dwersskip en bestiet út likernôch 90.000 mechanyske ûnderdielen fan staal en messing en 53 emaillearre wizerplaten. Middeis kraait de hoanne en jouwe 68 figuerkes in foarstelling fan it Lêste Oardiel. Yn de Sint-Teresiakapel yn it noardlike diel fan de koeromgong stiet ek ien fan de âldste oerwurken fan it lân. De bou fan it oerwurk, dat foltôge waard yn 1305, waard troch mooglik makke troch de kanunnik Etienne Musique, dy't yn 1323 ferstoar.

De houten koerbanken binne 16e en 17e-iuwsk en stamme oarspronklik út de âlde abdij fan Saint-Paul. It heechalter datearret fan 1758. De preekstoel is 17e iuwsk en ôfkomstich út de benediktynske abdij fan Saint-Lucien, dy't tusken 1791 en 1810 ôfbrutsen waard. De kûp wurdt ûnderstipe troch twa knibbeljende finzenen, op de byldhoude panelen fan de kûp steane de ûnthalze martlers Sint-Lucianus en syn gesellen Sint-Julianus en Sint-Maksianus. It doopfont hat in moarmeren bekken út de 18e iuw.

Yn de katedraal hingje ferskillende skilderijen út de 17e, 18e en 19e iuw mei wurk fan û.o. Charles de La Fosse, José de Ribera en Jean Jouvenet. Fan it byldbouwurk is it neamen wurdich in 15e iuwske krusige Kristus, in 15e-iuwske Ecce Homo fy't by it midsiuwske oerwurk stiet, in passy-retabel út de twadde helte fan de 16e iuw (oarspronklik ôfkomstich út de tsjerke fan Bracheux), in 16e-iuwsk byld fan de abdis Sint-Angadrisma, in 17e iuwske byldegroep efter it heechalter fan Marije mei Jezus fan Nicolas Sébastien Adam en in troanende Sint-Piter by de tagong fan de katedraal.

De katedraal besit noch in rige opmerklike koertapijten. Fan de oarspronklik 11 stikken oer it libben fan Petrus binne der seis bewarre bleaun. Dy 15e-iuwske muorretapijten binne yn 1461 skonken troch biskop Guillaume de Hellande. In tapijt mei de Passy waard om 1500 hinne yn Flaanderen makke. De katedraal wist it tapijt yn 1837 oant te skaffen en tsjintwurdich wurdt it bewarre yn it Departemintale Museum fan de Oise.

De katedraal hat twa oargels. It haadoargel waard yn 1979 troch Danion-Gonzalèz boud, It sleeplade-ynstruint hat fjouwer manualen en pedalen, 77 registers en likernôch 5.000 pipen. By de bou waard materiaal fan it âlde oargel út 1827 op 'e nij brûkt. Fierder stiet yn de katedraal in twamanualich koeroargel, dat yn 1850 troch Ducroquet boud is en yn 1943 restaurearre en oanpast is troch Gutschenritter.

Kleastergong en kapittelseal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kleastergong waard yn de 14e iuw boud, mooglik noch ûnder it episkopaat fan Pierre de Savoie. Boppe de gong is it gebou boud fan fakwurk en bakstien. Fan de oarspronklik fjouwer fleugels fan de kleastergong binne der twa bewarre bleaun. In diel hat stiennen ferwulften en in diel is oerkape mei in flak balkeplafond. Foar de Frânske Revolúsje wie yn it gebou boppe de gong de bibleteek fan it kapittel ûnderbrocht.

Yn de 16e iuw waard njonken de kleastergong in stiennen gebou boud, dêr't boppe de kapittelseal waard ûnderbrocht. Yn it midden fan de kleastergong is in lytse tún mei yn it midden in izeren krús op in 16e-iuwske pylder.

Ofbylden ynterieur

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.