Springe nei ynhâld

Kanieltsjilling

Ut Wikipedy
kanieltsjilling

jerkje en wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai slobeinen (Spatula)
soarte
Spatula versicolor
Vieillot,
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     stânfûgel
     wintergast
     trekfûgel

De kanieltsjilling (Spatula cyanoptera, syn.: Anas cyanoptera) is in fûgel út de famylje fan 'e einfûgels. De lytse ein komt foar op it Noard- en Súd-Amearikaanske kontinint.

Jerkje.

Kanieltsjillings binne lytsere einen fan likernôch 41 sm lang, de wjukken binne 19 sm lang en se ha in gewicht fan goed 340 gram. Jerken yn 'e pronkfearren binne readbrún, it bealchje efter en de sturt is foar it measte donkerbrún en de rêch is ljochtbrún mei grien. De boppewjukken binne ljochtblau en grien, dat goed te sjen is yn 'e flecht, wylst de rest fan 'e wjukken de kleur fan it bealchje ha en ûnder foar in grut part wyt binne. De spatelfoarmige snaffel is swart en de poaten binne oranjegiel. It jerkje hat in oranjereade iris.

Wyfke yn it Nasjonaal Faunareservaat Seedskadee

It ljochtbrune wyfke hat ek in ljochtblauwe foarwjuk en in griene spegel. Fierder binne de fierren foar it measte brún mei ljochtbrune rânen. De iris fan it wyfke is donkerder as dy fan it mantsje en de spatelfoarmige snaffel is ek donker, mar krekt wat ljochter as dy fan it mantsje.

De kanieltsjilling hat in grut ferspriedingsgebiet yn it west fan Noard-Amearika en Súd-Amearika oant yn it suden yn it Fjoerlân. De ein is te finen yn ûndjip wetter en sompich gebiet, dêr't se yn pearkes foarkomme of yn lytse groepkes, somtiden ek tegearre mei oare einesoarten.

Kanieltsjillings binne wetterfûgels, mar kinne har ek goed op it lân rêde. Yn 'e loft binne it tûke fleaners, dy't synchronisearre flechtpatroanen foarmje as se yn grutte groepen trekke.

Flecht kanieltsjillings.

Yn 'e briedtiid binne jerkjes tige territoriaal en ferdigenje se harren territorium fûl tsjin oare kanieltsjillings en fijannen. Wyfkes beskermje harren lechsel troch harsels foar de oandacht te bringen en sa fijannen by it nêst wei te lokjen.

De noardelike en súdlike populaasjes binne trekfûgels dy't yn 'e regel yn it suden fan Noard-Amearika en it noarden fan Súd-Amearika oerwinterje.

It iten fan 'e kanieltsjilling bestiet fral út wetterplanten, lytse lidpoatigen, ynsekten, slakken, gers en fruchten.

Nei in jier is de kanieltsjilling geslachtsryp. Yn 'e noardlike ferspriedingsgebieten is de briedtiid yn maaie, yn 'e súdlike gebieten yn novimber oant desimber. Pearkes bliuwe ien seizoen by inoar. It wyfkes leit acht oant tsien readbrune aaien fan likernôch 4,8 sm lang en briedt dy yn 24 dagen út. It mantsje beweitst it nêst en giet nei it útkommen fan 'e aaien syn eigen gong wer.

Fuort nei it útkommen fan 'e aaien ferlitte de piken it nêst. Wylst it wyfke de jongen noch fuorret bliuwe se in skoftke by de kant omswimmen. Nei likernôch 50 dagen kinne de jonge fûgels fleane en binne se selsstannich. Yn it earste jier stjert likernôch 70% fan 'e piken, yn it twadde jier nochris 40% fan 'e rest. In kanieltsjilling wurdt yn frijheid likernôch tolve jier âld.

Jerk yn it Nasjonaal Faunareservaat Seedskadee.

De kanieltsjilling is te ferdielen yn sân ferskillende ûndersoarten

  • Spatula cyanoptera cyanopteraPerû, Argentynje en de Falklâneilannen. Op de Falklâneilannen is de kanieltsjilling mei mar 12 oant 22 pearkes in tige seldsume soarte, dy't sûnt 1953 in beskerme status hat.[1]
  • Spatula cyanoptera borreroi (Snyder & Lumsden, 1951) – Kolombia. Oars as A. c. tropica, dy't yn it leechlân fan Kolombia libbet, is dizze soarte yn it heechlân te finen.
  • Spatula cyanoptera orinoma (Oberholser, 1906) – Perû, Bolivia en Sily. Dizze ûndersoarte libbet op it heechlân fan 'e Andes. It is de grutste ûndersoarte fan 'e kanieltsjillings.
  • Spatula cyanoptera septentrionalium (Snyder & Lumsden, 1951) – noardwest fan Noard-Amearika. It is de iennige ûndersoarte fan 'e kanieltsjillings, dy 't yn Holarktis foarkomst. It ferspriedingsgebiet leit fan it west fan Teksas oer Kalifornje oant Washington en Montana en Kanadeesk Britsk Kolumbia. Yn Meksiko is de ûndersoarte meast in stânfûgel.
  • Spatula cyanoptera tropica (Snyder & Lumsden, 1951) – Kolombia. Dizze ûndersoarte is de lytste fan 'e kanieltsjillings en hat in tige stippelich boarst.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Zimtente

  1. Wood, S. 96.