Springe nei ynhâld

Kamizoal

Ut Wikipedy
In wite kamizoal.
In frou dy't in kamizoal fan rekbere stof.

In kamizoal (fia it Frânske camisole fan it Oksitaanske camisola, in ferlytsingsfoarm fan camisa, "himd") is in stik ûnderguod foar froulju, dat oer it boppeliif droegen wurdt. It hat de foarm fan in mouleas topke, dat de boarsten bedekt en ornaris oan 'e mul ta rikt, mar net leger (dan soe it in sjemize wêze). As in frou inkeld in kamizoal en in slipke draacht, bliuwt der dus in streek hûd bleat op 'e ûnderrêch en tusken de nâle en de skamstreek. Kamizoalen binne mei tinne 'spagettybantsjes' oer de skouders befêstige, en kinne oer in beha hinne droegen wurde, mar ek sûnder beha derûnder. Fan 1989 ôf hawwe guon kamizoalen in ynboude beha mei ûnderbûgel, sadat ek foar froulju mei gruttere boarsten gjin ferlet mear hawwe soene fan it dragen fan in beha.

Kamizoalen binne oer it algemien makke fan lichte materialen, lykas satyn, nylon of katoen, en se binne gauris ôfwurke mei kanten fersierings. Oarspronklike sieten kamizoalen frij los oer it liif. De yntroduksje fan lycra as materiaal foar kamizoalen, begjinnend om 2000 hinne, soarge derfoar dat sokke kleanstikken strakker om it liif kamen te sitten en dêrmei dúdliker de rûnings fan 'e boarsten sjen lieten. Mei't kamizoalen fan lycra en oare rekbere stoffen yn 'e regel gjin kantene fersierings hawwe dy't harren dúdlik oanmerke foar ûnderguod, kaam it yn 'e earste helte fan 'e 2000-er jierren yn 'e moade om sokke kamizoalen as boppeklean te dragen. As dat dien wurdt, sprekt men ornaris lykwols net mear fan in kamizoal, mar fan in topke.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.