Justus Tal
Justus Tal (Arnhim, 10 desimber 1881 - Amsterdam, 9 desimber 1954) wie in Nederlânsk opperrabbyn.[1]
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tal wie in soan fan Tobias Tal, opperrabbyn fan Gelderlân en dêrnei fan De Haach, en fan Karolina Wormser. Hy boaske 1917 mei Angela Abrahams; sy krigen tegearre in soan.
Tal studearre yn Amsterdam oan it Nederlands Israëlietisch Seminarium ûnder Joseph Hirsch Dünner en oan de Universiteit fan Amsterdam. Hy die 1909 kandidaatseksamen yn de klassike taal-en letterkunde oan de universiteit. Yn 1911 sleat er syn stúdzje oan it Seminarium ôf en krige er de moré-titel. Fan 1915 oant 1918 joech er les yn klassike talen oan it gemeentlik gymnasium.
Yn 1918 waard Tal beneamd ta opperrabbyn fan de ressorten Utert en Drinte.
1935 waard er yn Drinte opfolge troch Abraham Salomon Levisson. Tal publisearre tal fan boeken en brosjueres, oan de iene kant om de joaden tichter by harren religy te belûken (hy wie tsjin it sionisme), oan de oare kant om net-joaden oer it joadendom te ynformearjen en foaroardielen te bestriden. Heechlearaar Gerard Bolland hie 1921 yn in akademyske les de ûndergong fan de westerske beskaving oankundige; hy seach it 'ynternasjonale joadendom' as ien fan de oarsaken. Tal publisearre in iepen brief dêr't er him yn warde tsjin de antisemitische beskuldigings en sjen liet dat Bolland syn sizzen oernaam hie fan de antysemityske skriuwers Theodor Fritsch en August Rohling.
Tal oerlibbe de Twadde Wrâldkriich troch ûnder te dûken by de Amsterdamske heechlearaar Semityske talen Cornelis van Gelderen. Hy gie koart nei de befrijing by it oerrabbinaat fan Amsterdam en spriek yn maaie 1945 yn de Portegeesk-Israelityske Synagoge de joaden dy't de kriich oerlibbe hienen ta. Yn 1951 waard er ta opperrabbyn fan Amsterdam beneamd. Oant syn ferstjerren wie er foarsitter fan it Opperrabbinaat foar Nederlân. Hy waard yn 1946 beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.
Tal waard beïerdige op it Joadske begraafplak yn Muiderberg.
Publikaasjes (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1917 Jood en jodendom in Christen-omgeving. Rotterdam: W.L. & J. Brusse
- 1921 Open brief aan prof. G.J.P.J. Bolland, hoogleraar te Leiden. Amsterdam: Becht
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|