Jouwert Witteveen
Jouwert Witteveen (Wurdum, 27 maart 1850 - De Haach, 13 juny 1928) wie in Nederlânsk-Frysk luitenant-kolonel, ûnder mear detasjearre by it Yndysk leger en ridder yn de Militêre Willems-Oarder.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Witteveen waard yn 1874 beneamd ta twadde luitenant, yn 1880 earste luitenant en yn 1885 (hy tsjinne doe by it earste rezjimint yn Ljouwert) waard er foar fiif jier detasjearre by it Yndysk leger. Hy gie 23 jannewaris fan dat jier nei Ynje en waard dêr op 15 july 1887 by it 3e Bataljon Ynfantery pleatst. Op 22 maart 1888 waard er yn it militêr kommandemint Atjeh en Onderhorigheden oerpleatst fan it tredde bataljon (Kota Radja) nei it garnizoensbataljon fan Atjeh (Tjot Iri), yn novimber fan dat jier by it tolfde bataljon ynfantery yn Kota Radja pleatst en yn desimber nei Padang evakuearre.
Witteveen waard by Keninklik Beslút fan 22 maaie 1888 nûmer 14 beneamd ta ridder yn de Militêre Willems-Oarder foar syn warberens yn de Atjeh-oarloch yn 1887. Om reden fa'n sykte gie er yn 1889 werom nei Nederlân. Doe't er better wie, waard er oerpleatst nei it rezjimint Grenadiers en Jagers. Yn 1893 waard Witteveen befoardere ta kapitein en yn 1896 waard er foar twa jier detasjearre by it leger ynt West-Ynje.
Yn 1898 kaam Witteveen yn Nederlân werom om te tsjinjen by it earste rezjimint ynfantery; hy waar yn 1902 befoardere ta majoar en yn 1904 ta luitenant-kolonel, wêrnei't him yn juny 1907 earfol ûntslach en pinsjoen ferliend waarden. Witteveen stoar yn juny 1928 en waard beïerdige op Nieuw Eykenduynen yn De Haach, yn it bywêzen fan in offisjele ôffurdiging fan de brigade Grenadiers en Jagers.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|