Banda Atjeh

Ut Wikipedy
Banda Atjeh

Flagge=

Flagge Wapen
Polityk
Lân Yndoneezje
Provinsje Atjeh
Gemeente
Sifers
Ynwennertal 220.433 (2010)
Oerflak 61,36 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 3.457 / km²
Stêdekloft 513.698 (2010), 0.175/km2
Hichte 0-10 m
Oar
Stifting 22 april 1205
Tiidsône UTC+7
Webside www.bandaaceh.go.id
Lizzing fan Banda Atjeh

Banda Atjeh of Banda Aceh (Yndonesysk: Banda Aceh; eartiids ek Kutaraja of Kota Radja) is de haadstêd fan de Yndonesyske provinsje Atjeh (op it eilân Sumatra); de stêd hjit folút Nanggroe Aceh Darussalam.

Lykas yn hiel Atjeh is de befolking foar it grutste part islamitysk, en wurdt it leauwe dêr sterker beliden as yn in protte oare dielen fan Yndoneezje.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd leit op de noardpunt fan it eilân Sumatra, oan de mûning fan de Atjehrivier (Sungai Aceh), dêr't de Strjitte Malakka en de Yndyske Oseaan by elkoar komme. Yn 2000 besloech it steedlik gebiet 61,36 km² en hie it 220.737 ynwenners. Neffens opjefte fan de Yndonezyske dielregearing hie de stêd (mei de doarpen yn de omkriten) krekt foar de tsûnamy fan 2004 goed 260.000 ynwenners en wie it tal slachtoffers likernôch 61.000.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eartiids hjitte de stêd Kota Radja, wat letterlik "Keningsstêd" of "Hofstêd" betsjut, ek wurdt de noch Kûtaradja (yn it Yndonesysk Kotaraja) skreaun.[1] De republyk Yndoneezje hat yn 1945 it Sultanaat opheft. Dêrnei waard op 28 desimber 1962 de offisjele namme fan de stêd feroare yn Banda Aceh dat letterlikk fertaald "Poarte (Haven) fan Atjeh" betsjut. Banda is ôflaat fan it Perzyske wurd bandar (بندر), dat 'haven' betsjut.

Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Banda Atjeh is ferdield yn 9 ûnderdistrikten (kecamatan)[2]:

Ferkear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De haven Krueng Raya is de wichtichste fan de regio Atjeh. Fyftjin kilometer fan it stedssintrum leit de ynternasjonale lofthaven Sultan Iskandarmuda Airport. De ienichste start- en lâningsbaan hat in langte fan 2.250 meter en kin dêrom allinne brûkt wurde troch fleantugen oant in grutte fan in Boeing 737 of Airbus 320. De IATA-koade fan Banda Atjeh is BTJ.

Stedsbyld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Susterstêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De Nederlânske Taaluny seit dat de namme Kota Radja noch faak brûkt wurdt yn it Nederlânsk, mar stelt fêst dat de hjoeddeiske namme Banda Aceh jimmeroan mear brûkt wurdt. Zie Indonesië
  2. ferdieling neffens Unicef