Jouke Annes Bakker
Jouke Annes Bakker | ||
politikus | ||
echte namme | Jouke Annes Bakker | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 3 juny 1873 | |
berteplak | Menaam (Fryslân) | |
stjerdatum | 26 septimber 1956 | |
stjerplak | Menaam (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | CHU | |
Lid fan de Twadde Keamer | ||
amtsperioade | 1918 – 1945 | |
Lid fan de gemeenterie fan Menameradiel | ||
amtsperioade | 1909 – 1941 |
Jouke Annes Bakker (Menaam, 3 juny 1873 - dêre, 26 septimber 1956) wie in Fryske arbeiderssoan dy't him opwurke ta Twadde Keamerlid foar de CHU. Dêrnjonken wied er op alle mooglike manieren belutsen by it ferieningslibben yn Menaam, en beklaaide er bestjoersfunksjes yn ferskate provinsjale en lanlike organisaasjes. Nei him waard yn syn bertedoarp Menaam postúm de Jouke Bakkerstrjitte ferneamd.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bakker wie de soan fan boere-arbeider Anne Joukes Bakker (1846-1937) en dy syn frou Tetje de Swart (1850-1931). Hy groeide op yn Menaam, op it Fryske plattelân, yn in húshâlding mei acht bern dy't it faak neat te rom hie. Bakker hie allinnich mar de legere skoalle, mar wist him dochs oan syn earmoedich komôf te ûnwrakseljen. Doe't er fjouwer jier wie, koed er al lêze, en hy koe mei acht jier al fan skoalle. Sadwaande kaam er al jong by de boer te wurkjen om jild te fertsjinjen. Doe't er wat âlder wie, gie er de hannel yn, wylst er safolle learde en lies as er koe. Dêrby spile syn lidmaatskip fan 'e Menamer kristlike jongelingsferiening in wichtige rol. Fierders waard er ek tige holpen troch dûmny H.W.M. Hupkes, predikant te Menaam, dy't him oanfitere om him op te wurkjen.
Mei troch syn eftergrûn wie Bakker in sosjaal beflein man. Hy bejoech him yn 'e polityk, en waard úteinlik as lid fan 'e CHU yn 'e Twadde Keamer keazen. It amt fan folksfertsjintwurdiger beklaaide er 27 jier lang, fan 1918 oant 1945. Dêrnjonken siet er ek 36 jier yn 'e gemeenterie fan Menameradiel (1909-1941) en wurke er 25 jier lang mei oan it ferskinen fan it blêd De Banier, letter Land en Volk. Bakker hat ek in fearnsiuw oan 'e redaksje fan 'e Kristlik Histoaryske Nederlander meiwurke en hat jierren yn it haadbestjoer fan de Unie sitten.
Fierders wie Bakker jierrenlang tsjerkfâd, en yn 'e Nederlânske Feriening fan Tsjerkfâdijen wie hy 29 jier bestjoerslid, wêrfan 25 jier foarsitter, wylst de Fryske Feriening fan Tsjerkfâdijen him ek 25 jier yn dy funksje meimakke hat. Ek wied er lid fan it haadbestjoer fan 'e Christelijke Nationale Werkmansbond en foarsitter fan ’e Fryske ôfdieling en fan ’e redaksje fan it orgaan fan ’e CNW. Hy siet yn it bestjoer fan it Griene Krús, it Sikefûns (54 jier) en de Boerelienbank te Menaam en yn it haadbestjoer fan 'e Kristlike Hielûnthâldersferiening. Fan it kristlike Menamer muzykkorps Halleluja wie Bakker ien fan 'e oprjochters. Yn 'e oarlochsjierren wied er lid fan de Kommisje foar Tsjerklik Oerlis.
Bakker wie ek behelle yn 'e skoalstriid yn Menaam (foar it rjocht op kristlik ûnderwiis), oan it begjin fan 'e tweintichste iuw. Neitiid skreau er dêr ûnder it pseudonym Jan Oukenes in ferslach yn romanfoarm oer, dat er as titel meijoech Kerkelijke Strijd in Menaldum ±1880-±1917. It giet benammen oer de yntratsjerklike rebûlje ûnder de Menamer herfoarmen tusken de frijsinnigen en de otterdoksen. It waard nei gedachten yn 'e jierren tweintich of tritich troch him skreaun en dêrby brûkte er skûlnammen om alle neamde persoanen oan te tsjutten (wêrfan't de measten doe noch libben). It boekwurk waard nea útjûn, mar sirkulearret noch yn 'e Bakker-famylje. In omkesizzer fan Bakker, Jouke Klazes Bakker, hat yn 1985 útsocht wa't der efter de brûkte pseudonimen beskûl giene.
Jouke Annes Bakker wie troud mei Stijntje Alberda (1873-1942), mei wa't er fjouwer bern hie, wêrûnder in twilling, Jacob (Jappy) en Janke. Jacob Joukes Bakker brocht it letter ta boargemaster, earst fan Sleat en dêrnei fan Bleiswyk, yn Súd-Hollân. Jouke Bakker waard foar al syn krewearjen yn 1927 ûnderskaat as Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw. Hy kaam yn 1956 yn syn berteplak Menaam te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 83 jier. Nei syn dea waard yn Menaam de Jouke Bakkerstrjitte nei him ferneamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|