Joseph Roth

Ut Wikipedy
Joseph Roth 1918
Joseph (rjochts) en Friedl) en in ûnbekende.

Moses Joseph Roth (Brody, 2 septimber 1894 - Parys, 27 maaie 1939) wie in Joadsk Eastenryksk-Hongaarsk, ynternasjonaal ferneamde, sjoernalist en skriuwer. Hy hat yn sa'n 20 jier sechtjin romans en njoggentjin novellen skreaun, neist hûnderten reportaazjes en oare stikken foar kranten.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Roth waard berne yn Brody yn Galysje yn East-Jeropa, oan de úterste eastgrins fan de doetiidske dûbelmonargy. Nei de middelbere skoalle gie er yn 1913 nei Lviv foar universitêr ûnderrjocht. In jier letter ferfarde er nei Wenen en begjint er syn stúdzje filosofy en Dútske literatuer. Yn 1916 jout Roth de stúdzje oer en giet er frijwillich it Eastenryksk-Hongaarske leger yn. Syn ûnderfinings oan it front yn de Earste Wrâldkriich hawwe him syn libbenlang neisitten. Dit, en de delfal fan it Habsburchske Keizerryk yn 1918, hat him fan syn woartels berôve, hy koe it nearne mear echt fine, in feit dat gereldwei yn syn wurk werom komt. It hie ek fan gefolgen dat er polityk net yn ien hokje paste, mar hy hinge wol oer nei it konservatisme.

Nei de oarloch soe syn wurk fol fan heimwee nei syn ferlerne heitelân bliuwe. Hy skreau romans en koarte ferhalen. Hy waard fral bekend troch syn romans 'Job' (Hiob, roman oer it joadske libben, 1930) en 'Radetzkymars' (Radetzkymarsch, 1932. Roth syn 'lykskôging fan it âlde Eastenryk'[1]) en it essay Juden auf Wanderschaft (De swalkjende Joad',1927. In fragmintarysk ferslach fan de joadske migraasje fan East- nei West-Europa nei de Earste Wrâldkriich en Russyske Revolúsje. [2]. .

Roth arbeide fan 1920 ôf as sjoernalist yn Berlyn foar de Neue Berliner Zeitung. Nei 1921 wurke er foar de Berliner Börsen-Courier en noch in pear jier letter foar de gesachhawwende Frankfurter Zeitung. Roth hie al betiid aan fan it gefaar dat nasjonaal-sosjalisme ynhold. Yn 1933 flechte er út Dútslân wei, dêr't syn boeken ferbean waarden. Sûnt hie er in swalkjend bestean: Wenen, Praach, Marseille, Oostende, Amsterdam en Parys. Hy wenne yn pensjons en hotels. De kafeetafel waard syn wurkplak. Syn wurk waard sûnttiids útjûn yn Nederlân troch de Amsterdamske útjouwers Frits Landshoff fan Querido en Allert de Lange.

Roth's privee-libben stie fan 1928 ôf yn it skaad fan de sykte fan syn frou Friedrike (Friedl) dy't slim mei skizofreny oanhelle wie [3]. Yn dy jierren skreau er ek syn measte romans. Yn Oostende, dêr't in protte ferballe Dútske skriuwers sieten, hie er in pear jier in ferhâlding mei ûnder oaren de skriuwster Irmgard Keun (dy't him nei harren earste moeting omskreau as 'in minske dy't fan treurichheid wol yn in pear oeren stjerre kinne koe'.

Roth stoar yn earmoed yn 1939 as banneling yn Parys oan de gefolgen fan alkoholisme (delirium en longûntstekking/tuberkuloaze.[4]). Hy kaam te hôf op it Cimetière de Thiais.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earste printinge Radekskymars, 1932
  • Der Vorzugsschüler, 1916
  • Das Spinnennetz, 1923
  • Hotel Savoy, 1924
  • Die Rebellion, 1924
  • Der blinde Spiegel, 1925
  • Die Flucht ohne Ende. Ein Bericht., 1927
  • Zipper und sein Vater, 1928
  • Rechts und links, 1929
  • Der stumme Prophet, 1929
  • Hiob. Roman eines einfachen Mannes, 1930
  • Radetzkymarsch, 1932
  • Stationschef Fallmerayer, 1933
  • Tarabas, 1934
  • Triumph der Schönheit, 1934
  • Die Büste des Kaisers, 1934
  • Die hundert Tage, 1936
  • Beichte eines Mörders, erzählt in einer Nacht, 1936
  • Das falsche Gewicht. Die Geschichte eines Eichmeisters, 1937
  • Die Geschichte von der 1002. Nacht, 1937
  • Die Kapuzinergruft, 1938
  • Die Legende vom heiligen Trinker, 1939
  • Der Leviathan, 1940
  • Juden auf Wanderschaft

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dútsktalige Wikipedia
  • Geert Mak, Stem van Chaos en ondergang yn Historisch Nieuwsblad july/augustus 2010
  1. Benno Barnard, Huizingalêzing 2002
  2. www.kirjasto.sci.fi
  3. Sy waard slachtoffer fan it nasjonaal-sosjalistyske eutanasyprogramma s. Aktion T4 op 15 july 1940
  4. Joseph Roth, Author of Several Novels, Dies. New York Times, 6/7/1939, p. 23.