Springe nei ynhâld

Joaris mei it Burd

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Joris mei it Burd)
Joaris mei it Burd

George fan Saksen, better bekend as Joaris (of Georg) mei it Burd (Meißen 27 augustus 1471Dresden 17 april 1539) wie fan 1500 oant 1539 hartoch fan Saksen. As potestaat hearske hy oer Fryslân en Grinslân fan 1504 oant 1515.

Hy waard earst geastlike, mar folge yn 1500 syn heit Albrecht de Kloekmoedige op as hartoch. Hy regearre tegearre mei syn broer Hindrik de Fromme oer Fryslân oant dizze yn 1505 al syn rjochten oan him ôfstie. Dêrnei sintralisearre er bestjoer en rjochtspraak en fierde jiertaks en aksyns yn, wat grutte wjerstân oprôp.

Op 22 febrewaris 1505 sleat er in oerienkomst mei de bruorren Dirk, Floris en Jacob fan Wyngaarden, en Thomas Beukelaar, de skoansoan fan ien fan harren. Dizze Súd-Hollânske Hearen soenen de kwelders yn it noarden fan Fryslân yndykje tsjin frijstelling fan pacht yn it earste jier. Noch datselde jier waard it gebiet yndike troch de oanlis fan in 14 kilometer lange dyk. Sa ûntstie It Bildt.

Hy besocht yn 1514 Grinslân ûnder syn gesach te bringen, dat him earder lykwols ferbûn hie mei Edzard I fan East-Fryslân. Troch de hege kosten fan de striid sleaten de Friezen in ferbûn mei hartoch Karel fan Gelre, tagelyk in bûnsgenoat fan Grinslân. Joaris moast him uteinlik weromlûke oant Ljouwert, Harns en Frjentsjer. Omdat syn macht yn Fryslân ek tanende wie, die er op 19 maaie 1515 syn oanspraken op Grinslân en Fryslân foar it lytse bedrach fan ƒ100.000 oer oan keizer Karel V.

Joaris herfoarme ek yn Saksen op foarútstribjende wize bestjoer en finânsjes. Hy stipe Karel V safolle at er koe en die syn biedwurd "de naam des Heren zij geprezen" eare oan troch him dúdlik tsjin de ynfloed fan Jan Hus en Maarten Luther yn it Hillige Roomske Ryk te fersetten.

Hy wie troud mei Barbara (1478-1534), dochter fan kening Kasimir IV fan Poalen. Nei har dea liet er as teken fan rou syn burd stean, wat him syn bynamme oplevere. Ut dit houlik kaam Magdalena fuort, dy't letter boaskje soe mei Joachim II Hector fan Brandenburch. Ek Kristina fan Saksen (1505-1549), de frou fan lângreve Filips I fan Hessen, wie in dochter fan Joaris. Hy waard opfolge troch syn broer Hindrik.