Springe nei ynhâld

Jiertaks

Ut Wikipedy

De Jiertaks wie in yn 1501 fan de Saksyske hartoggen ynstelde belesting. De belesting waard meast basearre op lânrinten; by guon stêden en gritenijen waard ek rikens troch hannel en nearing yn de oanslach ferrekkene.

De jiertaks waard oer de gritenijen en stêden omslein, dat eltse stêd as gritenij koe de belesting ferpartsje sa't sy woene. Nei de ynfiering fan it Register van den Aanbreng waard de jiertaks yn in protte gritenijen omslein oer de floreenplichtigen. Geastliken en kleasters wiene frijsteld foar it goed dat hja sels brûkten. Dat jilde sûnt 1515 ek foar de hearen dy't de Boergonjers mei har meiers trou blean wienen.

Yn 1623 waard de jiertaks foar it grutste part ôfkocht, yn Gaasterlân en Lemsterlân lykwols mar foar twatredde; it oarepart bleau oant 1775 bestean.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Jaartax.