Johannes Marie Neele Kapteyn
Johannes Marie Neele Kapteyn (berne as Kapteijn) (Sassenheim, 8 oktober 1870 - Hoogeveen, 30 april 1949 wie in Nederlânsk germanist, heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Grins en - yn de Twadde Wrâldkriich Nasjonaalsosjalistysk Rector Magnificus fan dy universiteit.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kapteyn wie al betiid wees en waard grutbrocht by in omke en muoike yn Hoogeveen. Hy folge de HBS en die dêrnei steatseksamen Gryksk en Latyn om him dêrnei ta te lizzen op it boekferkeapersfak. Yn 1893 begûn er in eigen skoalboekhannel en útjouwerij yn Leien. Dêrneist studearre er germanistyk yn Leien en Amsterdam. Kapteyn wie in skoft learaar Dútsk en waard yn 1916 beneamd ta lektor yn de Dútske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit Leien. Hy skreau allerhande ferhannelings oer fral it Ald-Dútsk en waard yn 1924 eare-doktor oan de universiteit fan Bonn en heechlearaar Germanistyk oan de Ryksuniversiteit Grins. Yn 1930 waard syn learopdracht útwreide mei it Ald-Frysk. Yn 1938 wie er ien fan de oprjochters fan de Fryske Akademy.
Yn septimber 1940 waard Kapteyn, tsjin it advys fan de Akademyske Senaat yn, troch de Dútsers beneamd ta Rector Magnificus fan de Grinzer universiteit. Kapteyn hie nauwe kontakten mei de Dútske besetter en wie in grut foarstanner fan de Dietsche gedachte. Hy wie ferantwurdlik foar de deportaasje fan de joadske heechlearaar Leo Polak, dy't yn in brief klage hie oer it feit dat it him ûnmooglik makke waard om syn amt noch út te oefenjen ûnder de Dútske maatregels. Kapteyn liet de brief lêze oan de Dútske autoriteiten op it Scholtenhûs (it gebou op de Grutte Merk in Grins, dêr't it haadkertier fan de Sicherheitsdienst fêstige wie) en Polak waard fuortendaliks nei Sachsenhausen deportearre; dêr't er desimber 1941 stoar oan it bealgjen yn it stiengat dêre.
Kapteyn stie ek oan de widze fan de stichting Saxo-Frisia en it tydskrift mei deselde namme. Hoewol't it tydskrift yn namme net ferbûn wie oan de stichting, hienen beide in ideologysk doel: it fersterkjen fan de Grut-Germaanske gedachte. Yn 1941 hold Kapteyn in rede, Friezen, Saksen: twee loten van den Germaanschen Stam, dy't beskôge wurde kin as it program fan sawol de stichting as it tydskrift. Kapteyn publisearre ek in tal artikels oer Fryske sêgen. Hy waard lykwols earst yn juny 1944 lid fan de NSB.
Nei Dolle Dinsdag yn 1944, Kapteyn wie wilens mei emeritaat, en as Rector opfolge troch de - ek Nasjonaal-sosjalistyske fysiolooch H.M. de Burlet - flechte Kapteyn mei syn frou nei Eastenryk, nei de stêd Murau. Trije moannen nei de oarloch kaam er werom en waard er by de grins al oanholden. Hy siet hast in jier yn ferskillende ynternearringskampen, foardat er finzenisstraf oplein krige. Dy straf hoegde er net út te sitten fanwege syn hege âldens en minne sûnens. By it strafproses woe er neat witte fan syn ferantwurdlikens. "Ik was een geleerde, en naïef", soe er úthâlde. Hy gie werom nei Hoogeveen, dêr't er net folle letter stoar.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Artikel oer Kapteyn yn it Biografysk Wurdboek fan Nederlân[1]
- Klaas van Berkel, Academische illusies. De Groningse universiteit in een tijd van crisis, bezetting en herstel, 1930-1950 (Amsterdam, 2005)