Scholtenhûs

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
It Scholtenshûs oan de Grutte Merk

It Scholtenhuis (Grinslânsk: Scholtenshuis) wie in wreed ferneamd gebou yn it sintrum fan de stêd Grins, oan de eastkant fan de Grutte Merk. It waard tusken 1878 en 1881 boud yn eklektyske boustyl, yn opdracht fan de Grinzer yndustrieel Willem Albert Scholten. It pân waard bewenne fan twa famyljes Scholten: W.A. Scholten en soan J.E. Scholten.

Twadde Wrâldkriich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Scholtenhuis waard berucht yn de Twadde Wrâldkriich.[1] It pân waard troch de Dútske besetter brûkt as haadkertier fan de regionale ôfdieling fan de Sicherheitsdienst. Under lieding fan û.o. de SD'er Robert Lehnhoff waarden der hûnderten fersetsstriders fêstset, ûnderfrege, as bisten behannele en tramtearre. Dêrnei waarden se faak op bûtenút plakken deasketten. It Scholtenhuis waard net om'e nocht faak it voorportaal van de hel neamd. By de befrijing fan Grins waard it gebou swier besketten, yn 'e brân stutsen en folslein ferwoastge.[2] It libbet lykwols noch by de lju dy't de oarloch bewust meimakke hawwe.

De beulen fan it Scholtenshûs hawwe neffens in ûndersyk fan Nico de Both (1936) sa'n 473 minskelibbens op harren gewisse. Dêr binne ek dejingen dy't troch de SD nei konsintraasjekampen stjoerd binne en dêr stoarn binne, mar dêr binne de Joaden dy't net werom kaam binne net by rekkene. [3].

De meiwurkers fan de SD yn it Scholtenshûs

Nei de oarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oarloch hat it oant 1954 duorre ear't op it plak fan it Scholtenhûs nijbou kaam. It gie om Mutua Fides, sosjeteitsgebou fan it Grinzer studintekorps Vindicat atque Polit. De roailine oan de eastkant fan de Grutte Merk waard sa'n tweintich meter efterút lein sadat it eardere plak fan it Scholtenshûs net sa maklik werom te kennen is. Der kamen ek winkels, en de Naberpassaazje, dêr't de fersetsstrider Caspar Naber mei eare waard, dy't yn 1944 yn it Scholtenhûs troch de Dútskers finzen naam waard en selsmoard die om neat te ferrieden by de ferhoaren. Der kaam in tinkplaat mei it neifolgjend gedicht:

Scholtenshuis 1940 - 1945
Hier stond 't huis van het nazisme,
van hakenkruis en van SS
Hier gaven zij germaanse les
in gruwelijk sadisme.
Hier hebben zij die voor de vrijheid streden
onmenselijk geleden.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Nico de Both, Het Scholtenshuis 1940-1945, 2008, Utjouwerij In Boekvorm Assen, isbn 978 90 7754 856 1
  • Beno Hofman, Grote Markt Oostzijde, 2005, Utj. In Boekvorm Assen, isbn 90 7754 800 9
  • Monique Brinks, Het Scholtenhuis 1940 - 1945 -diel 1 Daden- ynkl. DVD, 2009, Utj. Profiel Bedum, isbn 978 90 529 4449 4

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Scholtenshûs berucht as S.D.-haadkertier, Ut: Nieuwsblad van het Noorden
  2. Ferwoasting fan 15 april 1945
  3. Nico de Both