Klaas van Berkel

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Klaas van Berkel (Nieuwer-Amstel, 24 july 1953) is in Nederlânse heechlearaar yn de skiednis fan nei de Midsiuwen en in wittenskipshistoarikus.

Van Berkel studearre skiednis en filosofy oan de Ryksuniversiteit Grins, en promovearre yn 1983 oan de Universiteit Utert op in proefskrift oer Isaac Beeckman (1588-1637) en de meganisearring fan it wrâldbyld.

Sûnt 1997 is Klaas van Berkel lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen (KNAW).

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boeken fan Klaas van Berkel

  • 1981, Natuurwetenschappen van Renaissance tot Darwin. Thema's uit de wetenschapsgeschiedenis, mei H.A.M. Snelders (red.).
  • 1983, Isaac Beeckman (1588-1637) en de mechanisering van het wereldbeeld.
  • 1985, In het voetspoor van Stevin. Geschiedenis van de natuurwetenschap in Nederland 1580-1940, Meppel: Boom.
  • 1998, Dijksterhuis: een biografie, Bert Bakker Amsterdam.
  • 1999, A history of science in the Netherlands: survey, themes and reference, mei Albert van Helden en Lodewijk Palm, Brill Leien.
  • 2005, Academische illusies. De Groningse universiteit in een tijd van crisis, bezetting en herstel, 1930-1950 Bert Bakker, Amsterdam
  • 2008, De stem van de wetenschap Geschiedenis van de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen. Deel I 1808-1914 Bert Bakker, Amsterdam

Fierders skreau er artikels oer ûnder oaren Jacob Clay, Eduard Jan Dijksterhuis, de Hollandse significa en Frits Zernike

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]