Springe nei ynhâld

Johanna Spyri

Ut Wikipedy
Johanna Spyri
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johanna Louise Spyri-Heusser
nasjonaliteit Switsersk
berne 12 juny 1827
berteplak Hirzel (Zürich (kanton))
stoarn 7 july 1901
stjerplak Zürich (stêd)
etnisiteit Switserdútsk
wurk
taal Dútsk
sjenre lit. romans & koarte ferhalen,
berneboeken
perioade 2e helte 19e iuw
bekendste
  wurk(en)
Heidi
jierren aktyf 18711901
offisjele webside
www.spyri-museum.ch

Johanna Spyri (útspr.: [joˈhana ˈʃpiːri], likernôch: "jo-han-na sjpii-ry"; folút: Johanna Louise Spyri-Heusser; Hirzel, 12 juny 1827Zürich, 7 july 1901) wie in Switsersk skriuwster fan romans en koarte ferhalen dy't foar it meastepart ta de berneliteratuer hearre. As bern brocht se ferskate simmers troch yn 'e neite fan Chur, yn 'e Alpen fan it kanton Graubünden. Letter soe se dat berchlânskip as setting brûke foar in protte fan har wurken. Spyri is benammen ferneamd wurden om it berneboek Heidi.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Spyri waard yn 1827 berne as Johanna Louise Heusser yn it doarp Hirzel, op it plattelân fan it Switserske kanton Zürich. Hja wie it fjirde fan seis bern yn 'e húshâlding fan 'e hûsdokter Johann Jakob Heusser en dy syn frou, de dichteresse Meta Heusser-Schweizer, dy't allebeide fan Switserdútsk etnysk komôf wiene. Har âldere broer Jakob Christian Heusser waard letter in foaroansteand geolooch.

It bertehûs fan Johanna Spyri yn Hirzel.

Spyri woeks op yn Hirzel oant se yn 1842 mei fyftjin jier by in muoike yn 'e stêd Zürich yn 'e kost gie, sadat se yn 'e stêd nei skoalle koe. As bern brocht se ferskate simmers troch yn 'e neite fan Chur, yn 'e Alpen fan it kanton Graubünden. Letter soe se dat berchlânskip as setting brûke foar in protte fan har wurken. Mids 1844 waard se foar in jier nei Yverdon-les-Bains stjoerd, yn Romanje (Frânsktalich Switserlân) om Frânsk te learen. In jier letter kearde se werom nei Hirzel, dêr't se oant 1852 wenjen bleau. Yn dy tiid holp se har mem by it berêden fan 'e húshâlding en ûnderrjochte se de beide bern dy't ûnder har sieten.

Yn 1851 ferloofde Spyri har mei de Züricher abbekaat en redakteur Bernhard Spyri (1821-1884), dy't ta it neiste freonefermidden fan komponist Richard Wagner hearde. De brulloft fûn plak yn 1852 yn 'e Alte Kirche fan Wollishofen, wêrnei't it nije troud pear him nei wenjen sette oan 'e Stadelhoferstrasse yn Zürich. Troch har houlik waard Spyri famylje fan Emilie Kempin-Spyri, in oantroude nicht fan har man, dy't de earste froulike abbekaat fan Switserlân wie. Yn 1855 befoel Spyri fan har ienlingsbern Bernhard Diethelm. Under it swierwêzen wie Spyri yn in djippe depresje rekke, dy't nei de berte fan har soan noch jierrenlang oanhold. It houlik fan Spyri en de man wie net gelokkich, en Spyri fûn eins inkeld soelaas yn har djippe freonskip mei Betsy Meyer, de suster fan 'e dichter Conrad Ferdinand Meyer.

Spyri har mem hie famylje yn Bremen, wylst har man dêre befreone wie mei de abbekaat Hans Heinrich Spöndlin en de pastoar fan 'e Leaffrouwetsjerke Cornelius Rudolph Vietor. Dy lêste besocht Spyri yn Bremen, wylst er sels gauris ôfreizge nei Zürich om by de Spyri's op besite. Syn dochter wenne sels in jier lang by de húshâlding Spyri yn. It wie Vietor dy't Spyri as earste oanfitere om te skriuwen. Fia Vietor publisearre Spyri ek har earste wurk by útjouwerijen yn Bremen. Dêrby gie it om ferskate moralisearjende koarte ferhalen dy't útbrocht waarden ûnder de inisjalen J.S. en dy't net bysûnder súksesfol wiene. It alderearste, Ein Blatt auf Vrony's Grab, ferskynde yn 1871, mei as ûnderwerp in frou dy't troch har dronkelap fan in man mishannele wurdt, mar har biddend yn har lot skikt, om't har pastoar har dat hjitten hat.

Yn 1875 waard Spyri beneamd yn 'e kommisje foar tafersjoch oer de Züricher Hegere Famkesskoalle, in funksje wêryn't se oant en mei 1892 aktyf bliuwe soe. Mooglik dat se har yn ferbân dêrmei mear op jeugdliteratuer begûn ta te lizzen. Har earste berneboek wie de ferhalebondel Heimathlos, dy't yn 1878 ferskynde by de útjouwerij fan Friedrich Andreas Perthes yn Gotha. Har namme as skriuwster wie weilitten; yn it stee dêrfan stie oanjûn: "fan 'e skriuwer fan Ein Blatt auf Vrony's Grab". Heimathlos wie ek it earste boek dêr't as ûndertitel op stie "In ferhaal foar bern en ek foar dyselden dy't fan bern hâlde"; neitiid kaam dat op frijwol alle publikaasjes fan Spyri te stean.

Johanna Spyri om 1890 hinne.

Yn 1880 ferskynde, ek by F.A. Perthes, it boek Heidis Lehr- und Wanderjahre, dat fuortendaliks in grut súkses waard en foar Spyri in tige noflike âlde dei mooglik makke. Twa jier letter, yn 1881, publisearre se it ferfolch Heidi kann brauchen was es gelernt hat. Letter waarden beide dielen yn 'e regel yn ien bân útbrocht, mei as titel koartwei Heidi. Dat waard ien fan 'e bêst ferkeapjende boeken dy't ea skreaun binne, en der ferskynden oersettings fan yn mear as fyftich talen. It ferhaal waard mear as tweintich kear adaptearre ta in film of tillefyzjesearje.

Yn april 2010 kaam de Switserske germanist Peter Büttner mei de beskuldiging dat Spyri it ferhaal fan Heidi fierhinne oernommen hie fan in earder, folle minder bekend ferhaal, Adelheide: Das Mädchen vom Alpengebirge, út 1830, fan 'e Dútske skiednislearaar Hermann Adam von Kamp. Neffens Büttner diele beide ferhalen withoefolle oerienkomsten wat sawol plotûntjouwing as beskriuwende tekstdielen oanbelanget. Regine Schindler, in biografe fan Spyri, sei dat it skoan koe dat Spyri al jong bekend wie mei Adelheide, mei't se opgroeid wie yn in húshâlding dêr't gâns boeken lêzen waarden. De betichting fan plagiaat, dy't Büttner op it aljemint brocht, roert lykwols igge noch seame, mei't auteursrjocht yn 1830 noch net bestie, en dus plagiaat ek net. Boppedat die bliken, doe't ekspêrs har neitiid yn 'e kwestje ferdjippen, dat Büttner in protte oerflakkige oerienkomsten oanfierde dy't wierskynlik op tafal berêsten, wylst er in protte yngeande ferskillen op it mêd fan plot en personaazjes alhiel bûten beskôging litten hie. Syn metoaden waarden doe omskreaun as "ûnwittenskiplik". De oerienkomst yn ûnderwerp fan 'e beide wurken wurdt ferklearre út 'e saneamde 'Switserske sykte', in ûnwennigens nei de bergen yn lju dy't dêrwei ferfearn wiene, en dy't al yn 'e achttjinde iuw in tige algemien tema yn 'e Switserske literatuer wie. Büttner wie trouwens lang net de earste dy't beskate oerienkomsten tusken Heidi en Adelheide opmurk.

It grêf fan Johanna Spyri op it Friedhof Sihfeld.

Lêste jierren en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1886 sette Spyri, dy't doe ûnderwilens al trije jier widdo wie, har nei wenjen yn in rom hûs oan 'e Zeltweg yn Zürich, dêr't se oan har ferstjerren ta wenjen bleau. De lêste fiifentweintich jier fan har libben skreau hja in protte, mar it súkses fan Heidi koe hja nea wer belykje. Spyri reizge yn dy tiid ek in soad, en teffens ûnderhold se in libbene briefkerij mei ferskate freonen en bekenden. Nei't se yn 1901 oanhelle rekke wie mei kanker, liet se har behannelje troch de earste froulike dokter yn Switserlân, Marie Heim-Vögtlin. Doe't se úteinlik oan har sykte beswiek, waard se op it Friedhof Sihfeld yn Zürich begroeven.

  • 1871 – Ein Blatt auf Vrony’s Grab (koart ferhaal)
  • 1872 – Nach dem Vaterhause!
  • 1873 – Aus früheren Tagen
  • 1872 – Ihrer Keines vergessen
  • 1872 – Verirrt und gefunden (Aus dem Leben) (ferhalebondel dêr't earder publisearre wurk yn sammele waard)
  • 1878 – Heimathlos (ferhalebondel)
    • Am Silser- und am Gardasee
    • Wie Wiseli’s Weg gefunden wird
  • 1879 – Aus Nah und Fern (ferhalebondel)
    • Der Mutter Lied
    • Peppino, fast eine Räubergeschichte
  • 1879 – Verschollen, nicht vergessen: Ein Erlebnis, meinen guten Freundinnen, den jungen Mädchen (roman)
  • 1880 – Heidis Lehr- und Wanderjahre (1e diel fan 'e roman Heidi)
  • 1880 – Im Rhônethal
  • 1880 – Aus unserem Lande (ferhalebondel)
    • Daheim und wieder drauẞen
    • Wie es in Waldhausen zugeht
  • 1881 – Am Sonntag
  • 1881 – Heidi kann brauchen, was es gelernt hat (2e diel fan 'e roman Heidi; neitiid ornaris yn ien bân útjûn)
  • 1881 – Ein Landaufenthalt von Onkel Titus
  • 1882 – Kurze Geschichten für Kinder und auch für Solche, welche die Kinder lieb haben (ferhalebondel)
    • Beim Weiden-Joseph
    • Rosen-Resli
    • Der Toni von Kandergrund
    • Und wer nur Gott zum Freunde hat, dem hilft er allerwegen!
    • In sicherer Hut
  • 1883 – Zwei Volksschriften (ferhalebondel foar folwoeksenen)
    • Ein goldener Spruch
    • Wie einer dahin kam, wo er nicht hin wollte
  • 1883 – Wo Gritlis Kinder hingekommen sind (1e diel fan 'e roman Gritlis Kinder)
  • 1884 – Gritlis Kinder kommen weiter (2e diel fan 'e roman Gritlis Kinder; neitiid ornaris yn ien bân útjûn)
  • 1885 – Aus dem Leben eines Advocaten
  • 1886 – Kurze Geschichten für Kinder und auch für Solche, welche die Kinder lieb haben: Zweiter Band ()
    • Moni der Geissbub
    • Was der Grossmutter Lehre bewirkt
    • Vom This, der doch etwas wird
    • Am Felsensprung
    • Was Sami mit den Vögeln singt
  • 1887 – Was soll denn aus ihr werden? Eine Erzählung für junge Mädchen
  • 1888 – Artur und Squirrel
  • 1888 – Aus den Schweizer Bergen (ferhalebondel)
    • In Hinterwald
    • Die Elfe von Intra
    • Vom fröhlichen Heribli
  • 1889 – Was aus ihr geworden ist: Eine Erzählung für junge Mädchen (yn 1956 bewurke troch Charlotte Gottschalk ta Was aus Dori geworden ist)
  • 1890 – Einer vom Hause Lesa (letter ek útjûn yn twa dielen as Die Kinder vom Lesahof: Dat Lied des Berges en Stefeli: Weitere Schicksale der Kinder vom Lesahof)
  • 1890 – Cornelli wird erzogen
  • 1891 – Volksschriften von Johanna Spyri: Zweiter Band (ferhalebondel foar folwoeksenen)
    • In Leuchtensee
    • Wie es mit der Goldhalde gegangen ist
  • 1892 – Schloss Wildenstein
  • 1901 – Die Stauffer-Mühle

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.