Heidi (roman)

Ut Wikipedy
Heidi
Omslach fan in printinge út 1887.
Omslach fan in printinge út 1887.
algemiene gegevens
auteur Johanna Spyri
taal Dútsk
foarm roman
sjenre berneboek
1e publikaasje 1881, Gotha
oarspr. útjwr. F.A. Perthes

Heidi is in roman en berneboek fan 'e hân fan 'e Switserske skriuwster Johanna Spyri. De titel ferwiist nei de namme fan 'e haadpersoan. It boek fertelt it ferhaal fan in fiifjierrich weesfamke, dat op 'e noed komt by har pake, in âldman dy't as klúzner heech yn 'e Alpen wennet. It boek waard oarspronklik publisearre yn twa dielen: Heidis Lehr- und Wanderjahre yn 1880 en Heidi kann brauchen was es gelernt hat yn 1881. Nei de publikaasje fan it twadde part binne de beide dielen ornaris tegearre yn ien bân ferskynd ûnder de titel Heidi. It boek hat, lykas de measte wurken fan Spyri, as ûndertitel: Geschichte für Kinder und auch für Solche, welche Kinder lieb haben ("Ferhaal foar bern en ek foar dyselden dy't fan bern hâlde"). Heidi is ien fan 'e bêst ferkeapjende boeken aller tiden en ien fan 'e bekendste wurken út 'e Switserske literatuer. It boek is oerset yn mear as fyftich talen en it is mear as tweintich kear adaptearre ta in film of tillefyzjesearje.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heidi is in weesfamke dat al hiel ier har heit Tobias en mem Adelheid kwytrekke is. Neitiid wurdt se yn 't earstoan grutbrocht troch har beppe oan memmekant en har muoike Dete yn Maienfeld, yn 'e Alpen. As beppe lykwols komt te ferstjerren, wurdt Dete in goedbeteljende baan as tsjinstfaam yn 'e grutte stêd oanbean, mar dat betsjut wol dat se gjin tiid hat om foar Heidi te soargjen. Sadwaande nimt se it dan fiifjierrige famke mei de bergen yn, dêr't se Heidi efterlit by har pake oan heitekant.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Pake is in lulke âldman dy't al jierren deilis mei de oare doarpsbewenners en ferbittere tsjin God is, en dêrom yn ôfsûndering yn in berchhutte op 'e alm (Alpengreide) wennet. Hy is der ree foar noch bliid mei dat er sûnder warskôging de soarch foar syn jonge pakesizzer taskood kriget, en in lyts skoftke besiket er Heidi dêrûnder lije te litten. Al rillegau slagget it him lykwols net mear om lulk te bliuwen op it yntelliginte en sûnder ophâlden fleurige famke, en wit se syn oprjochte, sij it in bytsje ôfhâldige, leafde te winnen.

Op entûsjaste wize befreonet Heidi har nije buorlju, de jonge geitehoeder Peter en dy syn mem Brigitte en syn bline beppe. Mei elts seizoen dat foarbygiet, reitsje de berchbewenners, fral Peter en syn beppe, mear hechte oan Heidi, en sy oan harren. Har ferbliuw op 'e berch wurdt meitiid lykwols problematysk as pake wegeret om ta stean, fanwegen syn rûzje mei de pleatslike skoalmaster en pastoar, om Heidi nei skoalle gean te litten. Fan gefolgen bliuwt it famke analfabeet.

In yllustraasje út Heidi: muoike Dete hastiget har fuort nei't se Heidi by har pake brocht hat.

Trije jier letter, as Heidi acht jier is, komt muoike Dete werom om Heidi mei te nimmen nei it fiere Frankfurt am Main. Dêr hat se in posysje foar Heidi regele as selskipsdame foar in ryk famke fan likernôch deselde jierren, dat Klara Sesemann hjit. Dyselde kin net rinne en sit yn in rolstoel, en wurdt sadwaande beskôge (en behannele) as in ynfalide. De iensume Klara is tige sjarmearre fan 'e ienfâldige freonlikens fan Heidi en fan har beskriuwings fan it libben op 'e alm. Ek hat se in protte wille om 'e brike setten dy't it gefolch binne fan Heidi har naïviteit en har gebrek oan ûnderfining mei it bestean yn 'e stêd.

Juffer Rottenmeier, de strange húshâldster fan it gesin Sesemann, sjocht de ûntregelings fan 'e húshâlding dy't it gefolch binne fan Heidi har hâlden en dragen lykwols as opsetlik wangedrach. Dêrom beheint se it famke almar mear yn har dwaan en litten. Fan gefolgen rekket Heidi bot ûnwennich nei de alm en wurdt se skrikbarende bleek en tin. It iennichste dêr't se noch wol nocht oan hat, is om lêzen en skriuwen te learen, eat dêr't se ta oanset wurdt troch de beppe fan Klara. Dat âldminske toant har fertrouwen en affeksje, en trunet har oan om yn God te leauwen en te bidden.

De net del te bêdzjen ûnwennigens fan Heidi liedt ta foarfallen fan sliepwannejen, wêrby't se de treppen ôf giet en de foardoar iepenet. Yn 't earstoan hâlde de Sesemanns en harren tsjinstfolk dat foar it wurk fan spûken. As de wierheid úteinlik oan it ljocht komt, wurdt dokter derby helle. Dy rikkemandearret sterk oan om Heidi nei hûs te stjoeren foar't se slim siik rekket. Sadwaande keart Heidi oerladen mei geskinken foar pake en har freonen werom nei de bergen. Dêr fynt se har grutste freugde yn it foarlêzen fan hymnen oan Peter syn beppe, dy't sels net mear lêze kin. Har nij wûne fertrouwen yn God treft in gefoelige snaar yn pake, dy't troch har weromkeart nei it kristlik leauwe. Hy giet op 't lêst mei har nei tsjerke en dy winters ferbliuwe se yn it doarp (ynstee dat se har ynsnije litte yn 'e bergen), sadat Heidi nei skoalle kin.

Underwilens hâlde Heidi en Klara kontakt troch in libbene briefkerij. As de pleatslike dokter fan 'e sûnensswierrichheden fan Heidi har freondinne heart, riedt dy oan dat Klara har besykje sil, mei't it sûne om-en-by yn 'e bergen har sûnder mis goed dwaan sil. Heidi briefket dy goerie troch, en in fearnsjier letter ûndernimt Klara de foar har drege reis nei Switserlân, dêr't se in prachtige simmer mei Heidi trochbringt. Se sterket oan fan 'e geitemolke en de berchlucht.

Johanna Spyri, de skriuwster fan Heidi.

Mar Peter, dy't jaloersk wurdt op har bân mei Heidi, triuwt har lege rolstoel by de berch del, dat it ding te pletter falt. Hoewol't er al rillegau fertard wurdt troch skuldgefoel en úteinlik alles opbychtet, kriget Klara dêrmei har rolstoel net werom. Se hat gjin oare kar as om sûnder te dwaan, en is sadwaande twongen om te besykjen en lear sels te rinnen. Nei in dreech begjin slagget dat stadichoan. Se is net botte sterk, en moat gauris op Heidi of har pake lynje om it op fuotten te hâlden, mar likegoed is it in drastyske feroaring dy't in ein betsjut oan har iensume bestean as ynfalide hûsmosk. Klara har heit en beppe binne yngelokkich om Klara rinnen te sjen, en de famylje Sesemann ûnthjit om 'e soarch foar Heidi oer te nimmen as der ea in tiid komme soe dat it har pake tefolle wurdt.

Mooglik ynspiraasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn april 2010 kaam de Switserske germanist Peter Büttner mei de beskuldiging dat skriuwster Johanna Spyri it ferhaal fan Heidi fierhinne oernommen hie fan in earder, folle minder bekend ferhaal, Adelheide: Das Mädchen vom Alpengebirge, út 1830, fan 'e Dútske skiednislearaar Hermann Adam von Kamp. Neffens Büttner diele beide ferhalen withoefolle oerienkomsten wat sawol plotûntjouwing as beskriuwende tekstdielen oanbelanget. Regine Schindler, in biografe fan Spyri, sei dat it skoan koe dat Spyri al jong bekend wie mei Adelheide, mei't se opgroeid wie yn in húshâlding dêr't gâns boeken lêzen waarden.

De betichting fan plagiaat, dy't Büttner op it aljemint brocht, roert lykwols igge noch seame, mei't auteursrjocht yn 1830 noch net bestie, en dus plagiaat ek net. Boppedat die bliken, doe't ekspêrs har neitiid yn 'e kwestje ferdjippen, dat Büttner in protte oerflakkige oerienkomsten oanfierde dy't likegoed op tafal berêste koene, wylst er in protte yngeande ferskillen op it mêd fan plot en personaazjes alhiel bûten beskôging litten hie. Syn metoaden waarden doe omskreaun as "ûnwittenskiplik". De oerienkomst yn ûnderwerp fan 'e beide wurken wurdt ferklearre út 'e saneamde 'Switserske sykte', in ûnwennigens nei de bergen yn lju dy't dêrwei ferfearn wiene, en dy't al yn 'e achttjinde iuw in tige algemien tema yn 'e Switserske literatuer wie. Büttner wie trouwens lang net de earste dy't beskate oerienkomsten tusken Heidi en Adelheide opmurk.

Oersettings en ferfolgen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan Heidi binne oersettings yn mear as fyftich talen ferskynd. It boek waard tusken 1882 en 1959 allinnich al trettjin kear yn it Ingelsk oerset. Anno 2022 is der noch gjin oersetting nei it Frysk makke.

Der binne fiif ferfolchromans op Heidi: Heidi jeune fille (1936), Au Pays de Heidi (1938), Heidi et ses enfants (1941), Heidi grand'mère (1941) en Le sourire de Heidi (1950). Dy boeken waarden net skreaun en likemin goedkard troch Johanna Spyri, de skriuwster fan Heidi, mar ynstee fiifentritich oant fyftich jier nei har ferstjerren adaptearre út har oare romans troch har Frânsktalige oersetter Charles Tritten.

Adaptaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmadaptaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tillefyzje-adaptaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oare adaptaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fierders binne der troch de jierren hinne ek ferskate toanielstikken basearre op Heidi, wêrby't it gauris om musicals gie. Ek waarden der teminsten twa kompjûterspultsjes op it boek basearre, it meast resinte yn 2015 troch Studio 100. Yn 1968 brocht Disneyland Records in Ingelsktalige harkspuladaptaasje fan Heidi út op LP.

Heidi op in betinkingsmunt fan 50 Switserske frank út 2001.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nettsjinsteande de net-ôflittende populariteit fan it boek hat Heidi krityk krigen, sels al doe't it boek foar it earst publisearre waard, omreden fan it tige religieuze, konservative boadskip. Letter kamen ek de swart-wite personaazje-ôfskilderings en de idealisearring fan it plattelânslibben bleat te stean oan krityk.

Ynfloed[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heidi hat grutte ynfloed hân op it byld fan Switserlân dat yn it bûtenlân bestiet. Gauris is it boek, of in film- of tillefyzje-adaptaasje dêrfan, it earste wat men fan Switserlân opnimt, faak op in leeftyd dat sokke yndrukken maklik hingjen bliuwe. Yn Japan hat it boek, sûnt de earste oersetting nei it Japansk yn 1906, in tige grutte ynfloed hân op it algemiene, stereotype idee fan Switserlân dat by it grutste part fan 'e befolking libbet. Foar Súd-Koreä jildt fierhinne itselde. Dêr spylje de Switsers sels ek op yn. De krite 'Heidiland', in diel fan it Switserske kanton Graubünden dat fuort besuden it ûnôfhinklike foarstedom Lychtenstein leit, besiket mei dy namme toeristen te lûken, fral út Japan en Súd-Koreä. Ien fan 'e doarpen dêre, dat foarhinne Oberrofels hiet, hat himsels formeel omneamd ta Heididorf. 'Heidiland' is bekritisearre as in "bespotlik, ynfantyl klisjee" en in "foarbyld fan hyperreäliteit".

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.