Springe nei ynhâld

Johan Winkler

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Johan Winkler (dialektolooch))
Johan Winkler
persoanlike bysûnderheden
fakgebiet genêskunde, ethnology[*], taalkunde, sjoernalistyk[*], nammekunde
berop skriuwer, dokter, ethnologist[*], taalkundige[*], sjoernalist
lân Keninkryk fan de Nederlannen
geslacht man
berne 12 septimber 1840
berteplak Ljouwert
stoarn 11 maart 1916
stjerplak Haarlim
famylje
troud mei Andrieske Tjallings Römer[*]
bern Andries J. Winkler[*]
Fers foar Johan Winkler fan Guido Gezelle, nijjier 1891: 'Hoe graech ik jo ris sprekke woe,' opnommen yn Forjit my net 1902, nûmer 5, mei in ferhaal oer Guido Gezelle troch Johan Winkler út Haarlim

Johan Winkler (Ljouwert, 12 septimber 1840 - Haarlim, 11 maart 1916) wie in dokter, sjoernalist en publisist op it mêd fan Fryske taal en Fryske skiednis.

Winkler waard berne yn 1840 as jongste fan sân bern. Winkler arbeide as dokter yn Ljouwert fan 1865 oant 1875. Ferfear doe nei Haarlim, dêr't syn âldste broer Tiberius konservator fan it Teylers Museum wie. Dêr wije er him oan taalkundige-, âldheidkundige- en folkloaristyske stúdzjes. Hy hat him ek dwaande holden mei it Oera Linda Boek en mei stúdzje fan geslachts- en eigennammen. Winkler wie in pleiter foar it behâld fan it 'Aldfrysk karakter'.

Yn 1874 publisearre er it Algemeen Nederduitsch en Friesch Dialecticon yn twa dielen. Dit dialektikon is in samling fan 200 oersettingen fan de gelikenis fan de ferlerne soan (Lukas 15, fers 11 oant en mei 32). Hûndert dêrfan komme út ferskillende plakken yn Nederlân, de oaren komme fan neder-Dútslân en Flaanderen: fan Keningsbergen (no Kaliningrad) oant Dúntsjerk. Elk fan dy oersettingen hat in ynlieding en ferklearjende oantekeningen. Omdat iderkear deselde tekst as útgongspunt naam is, koenen al dy dialekten goed mei elkoar fergelike wurde. Johan Winklers wurk is it earste boek dêr't de dialekten fan Nederlân systematysk yn neist elkoar set wurde.[1]

Yn 1885 wie er in pionier mei sy stúdzje yn twa dielen De Nederlandsche geslachtsnamen in oorsprong, geschiedenis en beteekenis. Hjiryn beskriuwt Winkler de systematyk fan Fryske, Nederlânske en Flaamske efternammefoarming.

By in werprinting yn 2007 wreide Jan Nijen Twilhaar it boek út mei twa haadstikken. It earste giet oer de efternammen dy't Nederlân derby krigen hat sûnt Winkler: de nammen fan Sineeske, Yndonesyske, Turkske, Arabyske, Surinaamske, Hindûstaanske en Joegoslavyske ymmigranten wurde allegear behannele. It twadde haadstik behannelt de Nederlânske bynammen: it ûntstean en de funksje fan bynammen en de systematysk yn it jaan fan bynammen. Letter hawwe P.J. Meertens en A. Huizinga ek soksoarte fan wurk publisearre.[2]

  • Johan Winkler en Jan Nijen Twilhaar, Achternamen in Nederland & Vlaanderen. Oorsprong, geschiedenis en betekenis. 2007, Sdu Uitgevers. ISBN 9789012116602

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De Vlielandse Taal, H. Scholtmeijer. Meertens Ynstitút.
  2. Nederlânsktalige Wikipedia, Johan Winkler

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Winkler, Johan.