Springe nei ynhâld

Joe Abercrombie

Ut Wikipedy
Joe Abercrombie
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Joseph Abercrombie
nasjonaliteit Britsk
berne 31 desimber 1974
berteplak Lancaster (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy
bekendste
  wurk(en)
The First Law-trilogy
Best Served Cold
útjouwer Gollancz
Orbit Books
HarperVoyager
jierren aktyf 2002 – no
offisjele webside
www.joeabercrombie.com

Joe Abercrombie (folút: Joseph Abercrombie; Lancaster (Ingelân), 31 desimber 1974) is in Britsk skriuwer fan fantasyromans en -ferhalen. Hy is benammen bekend wurden troch syn debútwurk The First Law, in trilogy wêrmei't er fanôf 2006 yn ien kear trochbriek. Neitiid skreau er noch ferskate op harsels steande bestsellers dy't yn deselde wrâld spylje, en yn 2014 en 1015 publisearre er de minder dûnkere Half-trilogy, dy't rjocht is op in jonger publyk. Abercrombie wie foarhinne wurksum as filmeditor, mar is no foltiids-skriuwer.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Abercrombie waard op âldjiersdei 1974 berne yn it Noardingelske Lancaster, as de soan fan in learaar Ingelsk en in sosjologe. Hy trochrûn de middelbere skoalle oan 'e Lancaster Royal Grammar School, en studearre neitiid psychology oan 'e Universiteit fan Manchester, dêr't er in bachelorstitel yn behelle.

Tillefyzjekarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er syn stúdzje beëinige hie, fûn Abercrombie wurk as teesetter by in tillefyzjeproduksjebedriuw. Troch dat tydlike baantsje gie it mei syn karriêre lykwols in hiele oare rjochting op as dat er foarôf tocht hie, en waard er freelance-filmeditor. Hy wurke benammen oan dokumintêres en live-registraasjes fan konserten fan bands dy't útinoar rûnen fan Iron Maiden oant Coldplay.

Skriuwkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Abercrombie hie altyd al in deidreamer west, en troch syn freelance-wurk, wêrby't er hiele skoften neat om 'e hannen hie, krige er genôch tiid om in idee foar in roman út syn studintetiid út te wurkjen. Sadwaande sette er yn 2002 útein mei it skriuwen fan wat syn debútroman The Blade Itself wurde soe. Nei't er dat wurk yn 2004 foltôge hie, waard it by ferskate útjouwerijen ôfwiisd foar't Victor Gollancz, Ltd. der yn 2005 yn tastimde it te publisearjen foar in bedrach mei fjouwer nullen.

The Blade Itself ferskynde yn 2006 as it earste diel fan 'e trilogy The First Law. Abercrombie waard der yn 2008 mei nominearre foar de Amerikaanske John W. Campbell Award for Best New Writer. It twadde diel fan 'e trilogy, Before They Are Hanged, kaam yn 2007 út, en it trêde diel, Last Argument of Kings, yn 2008. Yn The Blade Itself wurdt fertelt hoe't de Uny, in lân dat himsels beskave achtet (en basearre is op it Feriene Keninkryk), yn oarloch rekket mei sawol it barbaarske Noarden as mei it Gurkyske Ryk yn it suden. It boek omfiemet de mei-inoar ferweve ferhalen fan Logen Njoggenfingers, de meast freze kriger út it barbaarske Noarden, dy't efterfolge wurdt troch syn ferline; Jezal dan Luthar, in kreaze jonge ealman en ofsier út 'e beskaafde Uny, dy't lykwols in "toanbyld fan egoïsme" is; ynkwisiteur Glokta, in troch foltering ynfalide makke man dy't no sels boal wurden is; en de folslein ymmorele en mei skriklike driftbuien oanhelle tsjoender Bayaz.

Yn it ferfolch Before They Are Hanged is de oarloch noch slimmer wurden. Glokta besiket út alle macht de stêd Dagoska foar de Uny te behâlden, dy't op 'e kust fan in kontinint leit dat fierders al hielendal troch it Gurkyske Ryk ferovere is. Tagelyk besiket kroanprins Ladisla de barbaren út it Noarden dy't de Uny binnenfallen binne, werom te driuwen. Hy hat allinnich ien probleem: hy fiert it befel oer it minst bewapene, minst oefene, minst oanfierde leger út 'e skiednis fan 'e wrâld. Underwilens liedt de tsjoender Bayaz in groep ûnwillige aventoerslju, mei dêrûnder de meast hate frou fan it Suden, de meast freze man fan it Noarden en de meast egoïstyske ealman fan 'e Uny, op in gefaarlike ekspedysje om mank de ruïnes fan it Westen magyske foarwerpen te sykjen dy't in Gurkyske ferovering fan 'e hiele wrâld tsjinkeare kinne.

It ferhaal komt ta in klimaks yn it trêde diel, Last Argument of Kings, wêryn't Logen Njoggenfingers weromkeart nei it Noarden om regaad te meitsjen. Underwilens beslút Jezal dan Luthar en jou syn syktocht nei gloarje op, wêrnei't er ûntdekt dat gloarje in man soms raar oer it mad komme kin. Ynkwisiteur Glokta leveret ûnderwilens in geheime striid om 'e macht yn 'e Uny, wylst de ymmorele Bayaz de wrâld rêde kin as er dêrfoar it risiko nimme wol om 'e Earste Wet te brekken. Abercrombie syn boeken foelen daliks op troch har dûnkere toan en oansprekkende titels; sa is de namme fan it earste boek ûntliend oan in sitaat fan Homêros: "It swurd sels set oan ta dieden fan geweld", wylst de namme fan it trêde boek ferwiist nei it 'ultime argumint fan keningen' (nei't alle oare arguminten faald hawwe), nammentlik kanonnefjoer. De trilogy waard tige goed ûntfongen en betsjutte foar Abercrombie in abslute trochbraak. Binnen in pear jier wied er by steat om fan syn skriuwen te libjen.

Yn 2009 publisearre Abercrombie syn fjirde roman, Best Served Cold (in ferwizing nei wraak, dat 'it bêste kâld optsjinne wurde kin'). Dat is in op himsels steand wurk dat lykwols al yn deselde wrâld as de First Law-trilogy spilet. Dit boek wûn yn 2010 de David Gemmell Ravenheart Award foar de bêste fantasy-omslach (fan Michael Turek en Dave Senior). Yn Best Served Cold beskreau Abercrombie de bloedige en slepende boargeroarloch yn Styria (in lân dat dúdlik op Itaalje basearre is), dy't yn The First Law mar sydlings neamd waard. De haadpersoan is Monza Murcatto, de súksesfolste hierlinge fan it lân, dy't foar de smaak fan har wurkjouwer, gruthartoch Orso, justjes te populêr wurden is by it miene folk. Sadwaande wurdt hja beleanne mei ferrie, dat hja lykwols oerlibbet mei in brutsen lichem en in net te sêdzjen honger nei wraak. Sadree't Murcatto har wer op eigen krêft bewege kin, set se útein mei in kampanje om 'e sân manlju út 'e wei te romjen dy't har ferret hawwe, wêrby't se holpen wurdt troch de ûnbetrouberste sûplap fan it lân, de ferriedlikste fergiftiger fan it lân, in searjemoardner dy't obsedearre is troch getallen en in barbaar út it Noarden dy't inkeld dwaan wol wat goed is.

The Heroes, in twadde op himsels steande roman yn 'e wrâld fan The First Law, kaam út yn 2011. Dat boek fertelt it ferhaal fan ien inkele, trije dagen duorjende fjildslach tusken de legers fan 'e Uny en it Noarden. Swarte Dow, fan wa't it sizzen is dat er mear minsken deade hat as de winter, hat himsels oer in heuvel fan liken nei de troan fan it Noarden ta klaud. Om foar te kommen dat er himsels noch fierder omheech klauwe kin, beslút de kening fan 'e Uny in ein oan syn bewâld te meitsjen. By in fergetten ring fan steande stiennen treffe de beide legers inoar. Oan 'e kant fan 'e Uny hat de yn ûngenede fallen swurdfjochter Bremer dan Gorst sward dat er yn dizze fjildslach syn eare weromwinne sil, en it is him ientoetmem hoefolle bloed oft dêrfoar fergetten wurde moat. Oan 'e kant fan it noarden is it prins Calder net om eare te dwaan, mar om macht. Salang't er der sels mar net foar hoecht te fjochtsjen om dat te bemachtigjen. En Curnden Craw, de lêste oprjochte man yn it Noarden, hat oan in libben fan striid inkeld opsette knibbels oerholden. Hy wol no allinne noch mar dwaan wat goed is, mar twifelet oft er noch wol wit wat dat is.

In trêde op himsels steande roman yn 'e wrâld fan The First Law folge yn 2012 mei Red Country. Dat boek spilet op in westlik kontinint dat kolonisearre is troch de Uny en dat Abercrombie dúdlik basearre hat op 'e Feriene Steaten út 'e tiid fan it Wylde Westen. Haadpersoan is Shy South, dy't har bloedich ferline efter har litten tocht te hawwen, oant hja op in dei thúskomt op har boerespultsje op 'e romte, en ûntdekt dat har jongere broer en suster ûntfierd binne troch slavekeaplju. Mei inkeld har leffe âlde njoggenfingerige styfheit Lamb by har set se ôf om har sibben te befrijen. Geandewei it ferhaal docht lykwols bliken dat Lamb net sa lef is as er him altyd foardien hat en dat er in eigen ferline hat dat er begroeven tocht te hawwen. Ek de ûnbetroubere sûplap Nicomo Cosca, de beruchte hierling út Styria, dûkt wer op, en om har doel te berikken is Shy twongen om in ferbûn mei dyselde en syn naïve abbekaat Temple oan te gean.

Yn 2013 sleat Abercrombie mei HarperCollins Publishers in kontrakt foar in wat minder dûnkere trilogy dy't rjochte wie op in jonger publyk (fanôf in jier as 15). Mids 2014 ferskynde it earste diel, Half a King ("In Heale Kening"), oer de jonge Yarvi dy't berne is mei mar ien goede hân, en fan gefolgen yn syn heitelân Gettlân, dêr't in man beoardiele wurdt nei krêft en lichaamlik kinnen, net foar fol oansjoen wurdt. Mar hy is ek in prins, en as syn heit en âldere broer hommels komme te ferstjerren, ervet hy de troan. It twadde diel, Half the World, dat begjin 2015 ferskynde, giet oer it fanke Thorn, dy't kriichster wurden is om 'e dea fan har heit te wreekjen, mar troch omstannichheden yn it kamp fan Yarvi bedarret. Diel trije, Half a War, kaam ein 2015 út en fertelt it ferhaal fan prinsesse Skara dy't fan har wurden har wapens meitsje moat yn 'e oarloch tusken de slûchslimme Yarvi en syn formidabele fijannen.

Abercrombie hat fierders ek in trijetal koarte ferhalen skreaun, dy't allegear yn 'e wrâld fan The First Law spylje. Yn 2011 sleat er fierders in kontrakt mei Gollancz foar fjouwer romans dy't ek yn dy wrâld spylje moatte. Ofhinklik fan 'e fraach oft The Heroes, dat datselde jiers útkaam, dêryn meiteld wurdt, ja of nee, steane der noch twa of trije fan dy boeken op steapel.

Abercrombie skriuwt tsjintwurdich full-time. Hy wennet yn Bath, yn it súdwesten fan Ingelân, mei syn frou Lou en harren bern Grace, Eve en Teddy.

yn 'e wrâld fan The First Law
  • The First Law-trilogy
    • 2006 – The Blade Itself
    • 2007 – Before They Are Hanged
    • 2008 – Last Argument of Kings
      • 2012 – The First Law Trilogy (omnibusedysje fan The Blade Itself, Before They Are Hanged en Last Argument of Kings)
  • 2009 – Best Served Cold
  • 2010 – The Fool Jobs (koart ferhaal; yn Swords & Dark Magic)
  • 2011 – The Heroes
  • 2011 – Yesterday, Near a Village Called Barden (koart ferhaal; publisearre as extra yn 'e hardcover-edysje fan The Heroes, publisearre troch Waterstone's)
  • 2012 – Red Country
  • 2011 – Freedom! (koart ferhaal; publisearre as extra yn 'e hardcover-edysje fan Red Country, publisearre troch Waterstone's)
    • 2015 – The Great Leveller (omnibusedysje fan Best Served Cold, The Heroes en Red Country)
      • 2013 – The Collected Joe Abercromby (omnibusedysje fan The Blade Itself, Before They Are Hanged, Last Argument of Kings, Best Served Cold, The Heroes en Red Country)
  • 2016 – Sharp Ends (ferhalebondel)
  • Age of Madness-trilogy
    • 2019 – A Little Hatred
    • 2020 – The Trouble with Peace
    • 2021 – The Wisdom of Crowds
oare wurken
  • 2013 – Some Desperado (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing Dangerous Women)
  • de Half-trilogy
    • 2014 – Half a King
    • 2015 – Half the World
    • 2015 – Half a War
      • 2016 – The Shattered Sea (omnibusedysje fan Half a King, Half the World en Half a War)
  • 2015 – Small Kindnesses (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing Unbound)

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar
2008 John W. Campbell Award for Best New Writer nominearre bêste debútroman The Blade Itself
2014 Locus Award nominearre bêste koarte ferhaal Some Desperado

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.