Springe nei ynhâld

Jill Jackson (Skotsk sjongster)

Ut Wikipedy
Jill Jackson (Skotsk sjongster)
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jill Jackson
nasjonaliteit Britsk
berne 24 jannewaris 1979
berteplak Paisley (Skotlân)
etnisiteit Skotsk
wurkpaad
sjenre rock, folk, pop, country
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint stim, gitaar, banjo, ukelele
jierren aktyf 1994 – no
offisjele webside
www.jilljackson.co.uk

Jill Jackson (Paisley, 24 jannewaris 1979) is in Skotsk sjongster en muzikante, dy't it gitaar, de banjo en de ukelele bespilet. Se skriuwt sels ek ferskes. Hja waard bekend as lead-sjongster fan 'e band Speedway. Nei't dy yn 2005 útinoar foel, sette Jackson útein mei in karriêre as solo-artyst. Har rippertwaar omfettet ferskate sjenres en subsjenres, wêrûnder rock, folksmuzyk, americana, popmuzyk en alternative country.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jackson waard yn 1979 berne yn in muzikale famylje yn Paisley, in plak yn it Skotske greefskip Renfrewshire, ûnder de reek fan 'e grutte stêd Glasgow. Mei njoggen jier begûn se gitaar te spyljen en op har alfde skreau se har earste ferske. Yn 1994, doe't se fyftjin jier wie, begûn Jackson beropsmjittich op te treden as lid tan 'e countryband Jacksonville. Se gie nei de middelbere skoalle oan 'e Gleniffer High School en wie dêr in klasgenoate fan David Sneddon, dy't letter op 'e Britske tillefyzje de talintejacht Fame Academy winne soe.

Jackson krige yn 2004 foar it earst bekendheid yn Grut-Brittanje doe't de band Speedway, dêr't sy lead-sjongster fan wie, twa top 10-hits skoarde. Yn 2005 foel dy band lykwols útinoar, en moast Jackson wer hielendal fan it begin ôf oan úteinsette om in karriêre as solo-artyst op te bouwen. Dêrby ûntjoech se in eigen muzikale styl dy't alhiel net liket op 'e pop/rockmuzyk dêr't se namme mei makke yn Speedway. Yn in fraachpetear sei se dêroer: "Doe't Speedway oan syn ein kaam, besleat ik om werom te gean nei myn muzikale woartels, om it soarte muzyk te spyljen dêr't ik fan hâld: Dolly Parton, Shelby Lynne, de Stones, Buddy Holly, Chet Atkins en Joni Mitchell." Oare ynfloeden op har wurk kamen fan Shawn Colvin, Emmylou Harris en Mary Chapin Carpenter.

Sûnt hat Jackson gauris op toernee west. Dêrby stie se yn it foarprogramma fan û.o. Natalie Imbruglia, en wie se eftergrûnsjongster fan Albert Lee, Roger McGuinn en Bryan Adams. Yn 2006 waard foar har in dream wier doe't se optrede mocht yn it Bluebird Café yn Nashville (Tennessee), dêr't de pleatslike parse har de bynamme de 'Skotske sjongfûgel' joech. Datselde jiers brocht Jackson har earste solo-album út, mei as titel Jill Jackson. Twa fan 'e lieten fan dat album waarden letter covere troch de Ingelske sjongster Mel C. (foarhinne fan 'e Spice Girls) op dy har album This Time. Yn it neijier fan 2008 wie Jackson eftergrûnsjongster op it 50 States in 50 Days-toernee fan countrysjonger Kevin Montgomery, wêrby't se alle fyftich Amerikaanske steaten yn fyftich dagen tiid oandiene.

Yn 'e twadde helte fan 2010 gie Jackson wer as eftergrûnsjongster op 'en paad, diskear mei de û.m. de Red Hot Chilli Peppers en de Skotske folksmuzykband Runrig. Yn desimber 2010 waard har liet Just Not Myself brûkt foar de soundtrack fan 'e foarlêste ôflevering fan 'e BBC-tillefyzjesearje Lip Service. Dêrtroch kaam Jackson yn 'e kunde mei ien fan 'e stjerren fan dy rige, sjongster en aktrise Heather Peace, mei wa't se ferskate kearen gearwurke, earst by 'losse' optredens ein 2010 yn Glasgow en Brighton, mar yn april 2011 ek by in toernee troch it hiele Feriene Keninkryk.

Jill Jackson.

Yn febrewaris 2011 brocht Jackson har album Back to Zero út. Oan 'e ein fan dat jier ferskynde fia har website yn in beheinde oplaach foar trouwe fans ek it album The Ones That Got Away. Dêrop wiene ferskes sammele dy't Jackson har foargeande albums net helle hiene en oare noch nea útbrochte lieten, wêrûnder in nije ferzje fan it nûmer Save Yourself fan Speedway. Jackson stie yn 2011 ek op 'e omslach fan it tydskrift Diva, dêr't in artikel fan acht siden oer har yn opnommen wie. Begjin 2012, nei't se de opnamen foar har album Getaway Driver foltôge hie, gie Jackson op in akoestysk toernee troch Grut-Brittanje om The Ones That Got Away oan te priizgjen. Getaway Driver waard op 14 maaie fan dat jier útbrocht, wêrnei't se yn Grut-Brittanje fannijs op toernee gie.

Jackson har fyfde solo-album, mei as titel Are We There Yet?, kaam yn 2018 út. Mei lieten dêrfan, oanfolle mei oare muzyk yn country-americana-blues-styl, gie se wer op toernee troch it Feriene Keninkryk. It iennichste bûtenlânske útstapke fan dy toer makke se op 1 en 2 septimber 2018, doe't se lytsskalige optredens fersoarge yn in skuorre fan in Fryske pleats yn Dronryp.

albums
  • 2006 – Jill Jackson
  • 2011 – Back to Zero
  • 2011 – The Ones That Got Away (beheinde edysje)
  • 2012 – Getaway Driver
  • 2018 – Are We There Yet?

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: