Mary Chapin Carpenter
Mary Chapin Carpenter | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Mary Chapin Carpenter | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 21 febrewaris 1958 | |
berteplak | Princeton (Nij-Jersey) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
sjenre | country | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | gitaar | |
grutste hit(s) | Down at the Twist and Shout I Feel Lucky Passionate Kisses Shut Up and Kiss Me Family Hands | |
jierren aktyf | 1987 – no | |
prizen | 5x Grammy Award | |
offisjele webside | ||
www.marychapincarpeneter.com |
Mary Chapin Carpenter (Princeton (Nij-Jersey), 21 febrewaris 1958), is in ferneamd en populêr Amerikaansk sjongster, lietsjeskriuwster en muzikante (gitariste). Har muzyk heart ta it countrysjenre, al skaait it altemets ris wat út nei soft rock.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Carpenter waard yn 1958 berne yn 'e stêd Princeton, yn 'e steat Nij-Jersey, as de dochter fan Chapin Carpenter jr., dy't in liedingjaande funksje hie by it ferneamde tydskrift Life Magazine, en dy syn frou Mary Bowie Robertson. Fan 1969 oant 1971 wenne it gesin yn Japan. Nei't se nei de Feriene Steaten weromkeard wiene, wennen se yn Washington, D.C., dêr't Carpenter yn 1976 har middelbere-skoaloplieding ôfrûne. Se learde fierder oan 'e Brown Universiteit, dêr't se yn 1981 ôfstudearre mei in bachelorstitel yn Amerikaanske stúdzjes. Yn har stúdzjetiid trede se yn 'e simmerfakânsjes al hjir en dêr yn Washington op, en dêrby mette hja John Jennings, de produsint mei wa't se desennialang gearwurkje soe. It wie Jennings dy't har oerhelle om har eigen materiaal te sjongen ynstee fan oare artysten te coverjen. Nei't Carpenter klear wie mei studearjen song se in pear jier lang mei wikseljend súkses yn bars en nachtklubs yn Washington en omkriten, foar't se úteinlik in kontrakt oanbean krige troch Columbia Records.
Har earste album, Hometown Girl, út 1987, die it yn 't earstoan net sa bêst, oant Columbia it begûn oan te priizgjen as countrymuzyk. Doe fûn Carpenter oansluting by in breder publyk. Fan Hometown Girl kamen gjin singles út, mar fan sawol it album State of the Heart, út 1989, as fan Shooting Straight in the Dark, út 1990, stiene fjouwer singles yn 'e country-top 20. Carpenter har súksesfolste album oant op 't heden is lykwols Come On, Come On, út 1992, wêrfan't sân singles de top 20 hellen. Mei mear as fjouwer miljoen ferkochte eksimplaren wie dat album yn 'e Feriene Steaten fjouwer kear platina. Ek de lettere albums Stones in the Road (1994) en A Place in the World (1996) smieten grutte hits op. Nei de iuwwiksel, yn 'e iere jierren 2000, naam Carpenter sawol tematysk as muzikaal wat ôfstân fan har eardere wurk, mei muzyk dy't minder radiofreonlik wie en mear talein op maatskiplike en politike striidkwestjes. It album fan harres dat troch de kritisy it meast bejubele waard, en dat, miskien net tafallich, ek it meast maatskippijkritysk is, wie The Calling, dat útbrocht waard yn maart 2007. Dêrop folgen noch The Age of Miracles (2010) en Ashes and Roses (2012).
Carpenter hat yn har karriêre al fiif Grammy Awards wûn (de wichtichste Amerikaanske muzykpriis), en hja is de iennichste artyst dy't fjouwer jierren efterinoar de Grammy Award foar bêste froulike countrysangoptreden wûn hat, fan 1992 oant 1995. Yn 2005 hie se al mear as 12 miljoen platen ferkocht. Op 7 oktober 2012 waard Carpenter ynhuldige as lid fan 'e Nashville Songwriters Hall of Fame. By in breder publyk, dat net nei countrymuzyk harket, is se bekend wurden troch har optredens op 'e Amerikaanske tillefyzje (bgl. yn it praatprogramma fan David Letterman) en op 'e radio (bgl. yn it programma fan Diane Rehm). Carpenter is net troud (in feit dat fral yn 'e njoggentiger jierren breed útmetten waard yn 'e Amerikaanske rabbersblêden), al hat se ferskate relaasjes hân, wêrûnder ien mei John Jennings. Se toert in protte en keart hast eltse simmer nei Washington werom om op te treden yn 'e iepen loft, yn it Wolf Trap National Park for the Performing Arts.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Albums
Jier | Titel | Prizen en nominaasjes | Resultaat |
---|---|---|---|
1987 | Hometown Girl | n.f.t. | n.f.t. |
1989 | State of the Heart | n.f.t. | Feriene Steaten: goud |
1990 | Shooting Straight in the Dark | n.f.t. | Feriene Steaten: platina Kanada: goud |
1992 | Come On, Come On | n.f.t. | Kanada: 4x platina Austraalje: 2x platina Feriene Steaten: platina Grut-Brittanje: goud |
1994 | Stones in the Road | wûn in Grammy Award foar bêste country-album | Feriene Steaten: 2x platina Kanada: platina Grut-Brittanje: sulver |
1996 | A Place in the World | n.f.t. | Feriene Steaten: goud Kanada: goud |
2001 | Time* Sex* Love* | n.f.t. | n.f.t. |
2004 | Between Here and Gone | n.f.t. | n.f.t. |
2007 | The Calling | n.f.t. | n.f.t. |
2010 | The Age of Miracles | n.f.t. | n.f.t. |
2012 | Ashes and Roses | n.f.t. | n.f.t. |
- Kompilaasje-albums
Jier | Titel | Prizen en nominaasjes | Resultaat |
---|---|---|---|
1999 | Party Dolls and Other Favorites | n.f.t. | Feriene Steaten: goud |
2003 | The Essential Mary Chapin Carpenter | n.f.t. | n.f.t. |
2007 | Super Hits | n.f.t. | n.f.t. |
2008 | Playlist: The Best of Mary Chapin Carpenter | n.f.t. | n.f.t. |
- Krystalbum
Jier | Titel | Prizen en nominaasjes | Resultaat |
---|---|---|---|
2008 | Come Darkness, Come Light: Twelve Songs of Christmas | n.f.t. | n.f.t. |
- mear útwreide diskografy
In mear útwreide diskografy (yn it Ingelsk), ynkl. singles en in fideografy, kin fûn wurde op dizze side fan 'e Ingelske Wikipedy.
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar it nûmer/album |
---|---|---|---|---|
1990 | ACM Award | wûn | nije artyst fan it jier | n.f.t. |
1992 | ACM Award | wûn | sjongster fan it jier | n.f.t. |
CMA Award | wûn | sjongster fan it jier | n.f.t. | |
Grammy Award | wûn | bêste countrynûmer songen troch in frou | Down at the Twist and Shout | |
1993 | ACM Award | wûn | sjongster fan it jier | n.f.t. |
Grammy Award | wûn | bêste countrynûmer songen troch in frou | I Feel Lucky | |
1994 | Grammy Award | wûn | bêste countrynûmer songen troch in frou | Passionate Kisses |
1994 | Grammy Award | wûn | bêste countrynûmer songen troch in frou | Shut Up and Kiss Me |
wûn | bêste country-album | Stones in the Road | ||
1996 | earedoktoraat | ynhuldige | Brown Universiteit (te Providence) | oeuvre |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Mary Chapin Carpenter
- (in) Mary Chapin Carpenter yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|