Japik Ingberts
Japik Ingberts wie in dief en ynbrekker út de Wâlden (foar 1750).
Ferhalen oer syn manmoedigens, linigens en tûkens libben noch oant nei de Twadde Wrâldoarloch. Sa waard der ferhelle hoe't er in wrede lânhear bestiel en in útsûge hierboer syn jild werom joech. Japik Ingberts stiet feitlik yn de tradysje fan oeral yn de wrâld foarkommende 'Masterdiefferhalen' en Robin Hood-eftige ferhalen, symboal fan de lytse man dy't it bazen en dikke boeren ôfwint.
Japik Ingberts waard by in grutter publyk bekend troch it berneboek Afke's tiental ('De tsien fan Martens Afke') (1903) fan Nynke van Hichtum (Sjoukje Maria Diederika Troelstra-Bokma de Boer, 1860-1939). Heit Marten fertelt fol fan bewûndering oer sterke stikjes fan dieverij fan Japik.
De troch R. S. Roorda oan prosesstikken ûntliende feiten strike lykwols net mei dit heldhaftich karakter.
Japik Ingberts troude yn 1709 te Eastermar, wenne yn Twizel. Yn 1746 waard er feroardiele ta tsien jier tichthûs, mar dat waard yn 1754 omset yn ferballing út Fryslân.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Jacob Ingberts.
|