Springe nei ynhâld

Jan Tjerk Oreel

Ut Wikipedy
Jan Tjerk Oreel
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJan Tjerk Oreel
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum16 desimber 1838
berteplakOerterp
stjerdatum31 desimber 1932
stjerplakAmsterdam
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sporthurdfytsen
debút1867
karriêre-ein1873

Jan Tjerk Oreel (Oerterp, 16 desimber 1838Amsterdam, 31 desimber 1932) wie de earste beropsfytser fan Nederlân op de houten vélocipède.[1][2] Hy ferhuze letter nei Sint-Anne en wie aktyf as fytser tusken 1867 - 1873. Oreel kaam yn 1866 yn oanrekking mei it hurdfytsen doe't hy reparaasjes die oan ien fan de earste vélocopèdes fan Nederlân. Dêrnei boude hy de masine nei. Dat joech de oanset ta de vélocipède-fabrikaazje yn Fryslân. Al gau waarden de earste wedstriden organisearre, wêrfan Oreel inkele wûn. Earste prizen waarden wûn yn Frjentsjer, Bitgum, Wier, Sumar, Hallum, Wergea, Sint-Jabik en yn in tal oare Fryske doarpen. Letter fêstige Jan Oreel him yn Amsterdam.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Berte-akte
  2. Jan Oreel ✝, Bildtsche Courant, 3 jannewaris 1933