James Halliwell-Phillipps

Ut Wikipedy
James Halliwell-Phillipps
persoanlike bysûnderheden
echte namme James Orchard Halliwell-Phillipps
nasjonaliteit Britsk
berne 21 juny 1820
berteplak Londen (Ingelân)
stoarn 3 jannewaris 1889
stjerplak Hollingbury (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
berop/amt letterkundige
aktyf as samler fan folksferhalen
jierren aktyf 18391889

James Halliwell-Phillipps (folút: James Orchard Halliwell-Phillipps; Londen, 21 juny 1820Hollingbury, 3 jannewaris 1889) wie in Ingelsk letterkundige, dy't him benammen talei op 'e stúdzje fan it oeuvre fan 'e ferneamde toanielskriuwer en dichter William Shakespeare. Dêrnjonken stied er bekend as in sammelder fan Ingelske folksferhalen, mearkes en berneferskes.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Halliwell-Phillipps waard yn 1820 berne yn 'e Britske haadstêd Londen as de soan fan in Thomas Halliwell. Syn oarspronklike namme wie James Orchard Halliwell. Hy genoat privee-ûnderwiis en folge neitiid in oplieding oan 'e Universiteit fan Cambridge, dêr't er him talei op 'e stúdzje fan histoaryske letterkunde oangeande de Ingelske taal.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei njoggentjin jier wied er yn 1839 de redakteur fan John Mandeville syn Travels, en yn 1842 publisearre er syn eigen Account of the European Manuscripts in the Chetham Library en dêrnjonken ek Torrent of Portugal, in troch him ûntdutsen, oant doe ta ûnbekende roman yn fersen út 'e fyftjinde iuw. Yn 1841, doe't er noch te Cambridge ferkearde, droech Halliwell syn boek Reliquae Antiquae op oan Thomas Phillipps, in bekend bibliofyl. Dyselde nûge him dêrop út om in besyk te bringen oan syn bûtenpleats, Middle Hill, dêr't Halliwell yn 'e kunde kaam mei syn dochter Henrietta. Hja rekken fereale op inoar en hy frege har al rillegau om mei him te trouwen. It wie lykwols om dyselde tiid hinne dat Halliwell beskuldige waard fan it stellen fan manuskripten út 'e bibleteek fan it Trinity College, Cambridge. Om dy kwestje wegere Phillipps syn tastimming te jaan foar it houlik fan Halliwell mei syn dochter. Dêrop naaide it stel yn 1842 út en troude sûnder har heite tastimming, mei as gefolch dat Phillipps wegere om ea noch syn dochter of har man werom te sjen.

Hoewol't de dieverij út it Trinity College nea bewiisd waard en Halliwell der ek nea foar oanklage waard, wied er om dizze saak fan 1845 oant syn dea útsletten fan 'e bibleteek fan it Britsk Museum. Halliwell publisearre yn 1845 yn eigen behear in útlis foar it feit dat er ûntfrjemde manuskripten yn syn besit hie, mar dat holp him neat. Hjirby moat oantekene wurde dat er de skyn tsjin hie, want hy hie mear nuvere oanwensten. Sa hied er it foar de moade om santjinde-iuwske boeken útinoar te knippen en de passaazjes dy't er moai fûn yn plakboeken te plakken. Under syn libben moat er op dy wize sa'n 800 boeken fernield hawwe om oan 3.600 passaazjes foar syn plakboeken te kommen. Sok hâlden en dragen kaam er bibliofilen fansels tige by tige mei op it sear. William A. Jackson (1905-1964), in bibliograaf en perfester oan 'e Universiteit fan Harvard, bewearde letter dat Halliwell ek in tige seldsume útjefte fan Hamlet fan syn skoanheit stellen hie, dêr't er de titelpagina (mei Phillipps syn merkteken) fan ferwidere en it trochferkocht hie.

Yn 1842 publisearre Halliwell de earste útjefte fan ien fan syn bekendste wurken, Nursery Rhymes of England, dêr't er Ingelske berneferskes yn sammele hie. It ferfolch dêrop, Nursery Rhymes and Nursery Tales, omfieme û.m. de earste printe ferzje fan Three Little Pigs, en teffens in ferzje fan it krystliet The Twelve Days of Christmas. Yn 1848 publisearre Halliwell fierders Life of Shakespeare, in biografy fan ferneamde Ingelske toanielskriuwer en dichter William Shakespeare, mei yllustraasjes troch John Thomas Blight. Dêrfan ferskynden letter ferskate werprintingen. Fan 1853 oant 1865 hie Halliwell de redaksje oer in nije lúkse útjefte fan alle wurken fan Shakespeare yn in tige eksklusive oplaach fan 150 eksimplaren, foarsjoen fan syn eigen krityske oantekenings. Oare útjeften fan sines oangeande Shakespeare, wiene Calendar of the Records at Stratford-upon-Avon (1863) en History of New Place (1864).

Nei 1870 hold Halliwell op mei tektuële krityk op it wurk fan Shakespeare, en lei er him tenei fral ta op it beljochtsjen fan it libben fan 'e toanielskriuwer. Dêrta brocht er alle gegevens byinoar dy't er mar fine koe, en lei dy fêst yn syn Outlines of the Life of Shakespeare (1883). Fierders spile er in wichtige rol by de oankeap fan New Place, de wente fan Shakespeare, troch in stifting foar it behâld fan Shakespeares erf yn Stratford-upon-Avon, en teffens wied er ferantwurdlik foar it gearbringen in grut diel fan 'e ynformaasje yn it museum oer Shakespeare dêre.

Yn totaal publisearre Halliwell mear as sechstich boeken. Yn 1872 feroare er syn efternamme yn Halliwell-Phillipps, ûnder it testamint fan 'e pake fan syn earste frou Henrietta, dat him dêr it rjocht ta joech. Hy wie lid fan 'e Camden Society, de Percy Society en de Shakespeare Society, en hie yn dy hoedanichheid de redaksje oer nije útjeften fan in grut tal âlde wurken. Halliwell-Phillipps kaam yn 1889 yn Hollingbury, yn it greefskip East-Susseks, te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 68 jier. Syn hûs, Hollingbury Copse, yn 'e neite fan Brighton, lei tsjin dy tiid smoarfol seldsume en nijsgjirrige boeken, wêrfan't er in protte tatestaminte oan 'e Chetham's Library yn Manchester, de Morrab Library yn Penzance, it Amerikaanske Smithsonian Ynstitút yn Washington, D.C. en de bibleteek fan 'e Universiteit fan Edinburch, yn Skotlân.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.