Springe nei ynhâld

Jaap van Hattum

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jacobus van Hattum)
Jaap van Hattum
skriuwer
Jacob van Hattum, 1954 (Foto: Eva Böcker, geb. König)
Jacob van Hattum, 1954 (Foto: Eva Böcker, geb. König)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jacobus van Hattum
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 10 febrewaris 1900
berteplak Wommels
stoarn 19 augustus 1981
stjerplak Amstelveen
wurk
taal Nederlânsk
streaming Amsterdamske Skoalle
jierren aktyf 1932-1981

Jacob (Jac.) van Hattum, Jacobus van Hattum (ropnamme: Jaap van Hattum) (Wommels, 10 febrewaris 1900 - Amstelveen, 19 augustus 1981) wie in skriuwer en dichter.

Van Hattum skildere troch J. Hardonk (om 1930)

Troch in fersin by de boargerlike stân waard syn namme Hattem as Hattum skreaun. Op syn bertehûs oan de Van Sminialeane 7, earder Eastereinderdyk is nei syn dea in tinkstien oanbrocht. Jaap fan Hattum syn heit wie túnbaas fan it boargemastershûs. Doe't de boargemaster nei spul mei de gemeenterie earfol ûntslach krige, bruts hy dit hûs ôf en boude it yn Haarlim wer op. Heit van Hattum begûn dêrnei in kwekerij yn Wommels. Yn 1913 ferhuzen se nei Elspeet. Jacobus gie nei de Ryksnormaalskoalle fan Hurderwyk en waard yn 1922 oansteld as ûnderwizer yn Sleen. Fan april 1924 - augustus 1926 wurke er yn Putten (Schovenhorstskoalle) en fan 1926 ôf yn Amsterdam. Nei syn pensjoen yn 1957 bleau er dêr wenjen.
Mei Ed. Hoornik en Gerard den Brabander heart er ta de Amsterdamse Skoalle. Meiïoar publisearren se de bondel Drie op één perron (1938, 1941, 1960 3 dln.). Dit perron ferwiisde nei E. du Perron, dy't se trijeresom bewûnderen.

Van Hattum wie redakteur fan 'Centauer', 'De litteraire Revue' (1937). Hy publisearre yn 'Opwaartsche wegen', 'Helikon', 'Groot Nederland', 'Leven en Werken', 'Dietsche Warande en Belfort', 'De Socialistische Gids', 'Fundament', 'De Nieuwe Weg', 'Elsevier', 'De Gemeenschap', 'Gandalf', 'Forum', 'Maatstaf', 'De Gids' en 'Letterkundig Maandschrift'. Syn literêre neilittenskip bestie ûnder oare út homo-eroatyske poezij. Yn 'Maatstaf' ferskynde hjirút in blomlêzing.

Troch syn debútbondel 'Baanbrekertjes' út (1932) wurdt hy wol ta de sosjalistyske dichters rekkene. Syn maatskippijkrityk kaam ek yn syn lettere wurk werom.

Literêre prizen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Marianne Philips-priis 1957 foar syn hiele oeuvre. Hy wie lid fan de sjuery foar it bêste berneboek fan 1964.

Poezij (karút)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Baanbrekertjes (yn eigen behear) (1932)
  • De pothoofdplant (1936)
  • Frisia non cantat (1938)
  • Drie op één perron (yn de mande mei Ed. Hoornik en Gerard den Brabander) (1938, 1941, 1960)
  • Bilzenkruid (1939)
  • Alleen thuis (1940)
  • Oxalis (1941)
  • De waterscheiding (1941)
  • De glazen bol
  • Van Odrimond, Millimas en oaren (1941)
  • Neerlands taal (1943)
  • De nagels in het vlees (1945)
  • Een zomer (1946)
  • Verzamelde gedichten (1954)
  • Eule Beule Bolletje (1954)
  • Tien diergedichten (1954)
  • Un an de plus, un an de moins (1955)
  • Plant u niet voort (1959)
  • De liefste gast (1961)
  • Geest van Vis (bibliofyl, 120 eks.) (1964)
  • Het kauwgumkind en andere kinderverzen (1965)
  • Het heksenkind (karlêzing) (1965)
  • Vreemd aan het vandaag (1969)
  • Verzameld werk, verzen (1993)
  • Drie tegen één op 'n Perron (mei Ed. Hoornik, Gerard den Brabander, E. du Perron) (bibliofyl, 110 eks.) (1995)

Proaza (karút)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Sprookjes en vertellingen (1942)
  • Het brood van Ghisele (1944)
  • Mannen en katten (1947)
  • De spiegel (ferhalen) (1953)
  • Het hart aan de spijker (1954)
  • Nieuwe sprookjes en vertellingen (1957)
  • De veertjes niet meegerekend (1965)
  • De ketchupcancer (1965)
  • De kleine danseres (1962)
  • De wolfsklauw (ferhalen) (1962)
  • Loze aren (1970)
  • Verhalen (blomlêzing)
  • Zeven verhalen (1977)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]