Jacob de Haan (komponist)

Jacob de Haan (It Hearrenfean, 28 maart 1959) is in komponist en musikus. Hy publisearret ek wurken ûnder de pseudonimen Dizzy Stratford, Tony Jabovsky, Larry Foster en Ron Sebregt[1].
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As soan fan in muzykynstrumintemakker en amateurtrombonist krige er al jong pianoles by Martin Kuipers en kornetles by Jan Holtrop oan de muzykskoalle yn It Hearrenfean. Ek spile hy al betiid kornet en bûgel yn de brassband Pro Rege út It Hearrenfean. Doe 't er fjirtjin jier wie by begûn hy te komponearjen. Op syn 16e waard hy organist yn de Nederlânsk herfoarme tsjerke yn ands herfoarme tsjerke op It Hearrenfean en makke kennis mei de Nederlânske en ynternasjonale oargelliteratuer en oargelkultuer. Dizze organistyske ynfloed is yn syn komposysjes te hearren.
Hy studearre skoalmuzyk by Hiepko H. Boer en HaFa-direksje by Henk van Loo en letter ek it haadfak oargel by Piet Post en Jan Jongepier oan it steedlik konservatoarium yn Ljouwert. Dêrnei wurke er yn it muzykûnderwiis oan ferskillende muzykskoallen yn Nederlân. Hy wennet yn Sellingen en wurket benammen as komponist en arranzjeur. Ek as dirigint en dosint op workshops en gastkolleezjes yn binnen- en bûtenlân wurdt er faak frege.
Jacob de Haan krige benammen bekendheid troch syn wurken binnen de symfoanyske blaasmuzyk en de koarmuzyk. Syn muzyk wurdt útjûn troch útjouwer De Haske Publications (It Hearrenfean en sûnt 2008 Hal Leonard Corporation (Milwaukee). Dêrby is net allinnich sprake fan eigen komposysjes mar ek fan arranzjeminten.
Yn 2003 krige hy in priis foar syn heule oeuvre út hannen fan Omrop Fryslân.[2] Yn 2018 krige De Haan de Classical Buma Award by de alle jierren holden Buma Awards yn Amsterdam.[3]
Syn komposysjes, dy't meast yn opdracht ûntsteane, wurde oer de heule wrâld útfierd.[4] In diel fan syn oeuvre bestiet út wurken, dy't in filmmuzykeftige kombinaasje fan stilen hearre lit. Foar koar skreuw hy in fjouwertal missen, Missa Katharina foar mingd koar, sopraan en symfanysk blaasorkest levere him in priis op yn in komposysjewedstryd. It late ta útfierings yn ferskate tsjerken wêrûnder de Sint-Pietersbasilyk yn Rome en de Dom yn Keulen.
Teffens komponearret De Haan foar sjongsolisten yn kombinaasje mei symfoanysk blaasorkest. Foar mezzosopraan, bariton, ferteller en symfoanysk blaasorkest komponearre hy syn Markus-Passion. Oare foarbylden binne de toansettings op gedichten fan ûnder oaren Hermann Hesse.
Komposysjes[5][6][7]
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wurken foar koar
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2003 Missa Brevis – mingd koar mei oargel of harmony- / fanfare-orkest of brassband, of strykorkest of fariabel ensemble
- 2006 Missa Katharina – sopraan solo, mingd koar mei oargel of harmony- / fanfare-orkest of brassband, of strykorkest of fariabel ensemble
- 2007 Cantica de Sancto Benedicto – kantate foar mingd koar, sopraan solo, harmonyorkest (en oargel ad lib.)
- 2009 The Web – foar mingd koar, sopraan solo, sprekkende stim en harmonyorkest (diel III fan syn 1e symfony "The Book of Urizen" op teksten fan William Blake)
- 2016 The Gospel Mass – mingd (gospel)koar mei combo en harmony- / fanfare-orkest
- 2016 Missa Santa Cecilia – mingd koar mei oargel of harmonyorkest
- 2018 Markus-Passion – opsjoneel mei koar, foar mezzo-sopraan, bariton, sprekkende stim en harmonyorkest
Symfonyen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2004 Symphony No. 1: The Book of Urizen foar sopraan solo, sprekker en harmonyorkest
- The Vision
- The Creation
- The Web (mei mingd koar tafoege)
- 2019 Symphony No. 2: Salamander Symphony foar harmonyorkest
- City Express
- Heim(weh)
- Pillars of Enterprise
Wurken foar sjongers en orkest
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2008 Stufen op in gedicht fan Hermann Hesse foar mezzo-sopraan en symfonyorkest of harmonyorkest.
- 2008 Achterbergliederen op gedichten fan Gerrit Achterberg foar solostim en harmonyorkest.
- 2011 Nerval's Poems (Trois Odelettes) op gedichten fan Gérard de Nerval foar sopraan en harmony- / fanfare-orkest.
- 2012 Besinnung op in gedicht fan Hermann Hesse foar mezzo-sopraan en symfonyorkest of harmonyorkest.
- 2014 Augen in der Großstadt op in gedicht fan Kurt Tucholsky foar solostim en harmonyorkest.
- 2018 Markus-Passion foar mezzo-sopraan, bariton, sprekkende stim en harmonyorkest.
Wurken foar HaFa-orkesten en brassbands
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1983 East-Anglia
- 1984 Crazy Music in the Air
- 1987 Eventide (Song of Liberation)
- 1986 Grounds
- 1986 German Lovesongs (Dreaming)
- 1986 Fresena (March)
- 1986 Fox from the North
- 1986 Suite Symétrique
- 1987 Free World Fantasy
- 1987 Song of Praise
- 1988 Carribean Variations on a Tune
- 1988 Cornfield Rock
- 1988 Discoduction
- 1989 Oregon (Fantasy for band)
- 1989 Queens Park Melody
- 1990 La Storia
- 1990 Hanseatic Suite
- 1991 Martini (March)
- 1992 Pastorale Symphonique
- 1992 Variazioni in Blue
- 1993 The Universal Band Collection
- 1993 Majestic Prelude
- 1994 Utopia
- 1995 Concerto d'Amore
- 1995 Diogenes
- 1995 Westfort Overture
- 1996 Symphonic Variations
- 1997 Ross Roy
- 1997 Choral Music
- 1997 Contrasto Grosso
- 1998 Adagietto
- 1998 Yellow Mountains
- 1999 Pacific Dreams
- 2000 Festa Paesana
- 2001 Ammerland
- 2001 Pasadena
- 2001 Virginia
- 2002 Dakota – Indian sketches
- 2003 The Saint and the City
- 2003 The Blues Factory
- 2004 Bridge Between Nations
- 2004 Everest (March)
- 2004 Singapore Rhapsody
- 2004 Remembrance Day
- 2005 Nordic Fanfare and Hymn
- 2006 Kraftwerk
- 2006 The Musical Village
- 2006 Pioneers of the Lowlands (March)
- 2007 Nerval's Poems (Trois Odelettes) – with a vocal solo part ad lib.
- 2007 The Heart of Lithuania
- 2008 Legend of a Mountain
- 2008 Border Zone (Sketches from Dinsper)
- 2008 The Fields
- 2009 Jubilate!
- 2009 Arkansas
- 2009 Bliss
- 2009 Monterosi
- 2009 Memorial Suite in C Minor (A Centenary Tribute to Holst's First Suite in E-Flat)
- 2010 Mirage "March"
- 2010 Elegy I (Jealousy)
- 2010 Nostalgia foar hobo solo en harmonyorkest
- 2010 Viterbo (March)
- 2010 Lentini's Ballad
- 2010 Dances & Sonnets – mei deklamaasje fan sonnetten
- 2010 Ministry of Winds
- 2011 Fanfare for Korea
- 2011 Loraine
- 2011 In Memoriam.
- 2011 Golden Pass
- 2012 Queen of the Dolomites
- 2012 Sa Música
- 2012 Laguna di Grado
- 2012 Goddess of Jeju Island
- 2013 Odilia
- 2013 Call of the Valley
- 2013 Campus Intrada
- 2013 Elburg Fantasy
- 2015 Caldas da Rainha
- 2015 Images of Bellac
- 2015 River City
- 2016 The Duke of Albany
- 2016 The White Stone
- 2016 Manzara
- 2016 Pisa
- 2017 Along the Weser
- 2017 Castrum Alemorum
- 2017 Town of the Seven Hills
- 2018 Sbandiamo!
- 2018 Filadelfia
- 2018 Sea of Hope
- 2018 The Fellowship
- 2019 Agosto (foar harmonyorkest en euphoniumsolo yn gearwurking mei Angela Ciampani)
- 2019 Pilgrims of Wolfryt
- 2019 Proud (met optioneel doedelzak en drum)
- 2020 Hymn of Cittaslow
- 2020 Rosa Gallica
- 2021 La Antigua
- 2021 To a Friend
- 2022 Cardigan Bay
- 2022 Centennial Celebration
- 2022 Music Xperience
- 2023 Go with the Flow
- 2023 Secrets of the Savoy
- 2023 Vosgian Pictures
- 2024 Kingdom of Navarre
- 2024 The Last Typewriter
- 2025 The River knows your Name
- 2025 Return to Muse
- 2025 Hymnus Animae (hymn of the soul)
- 2026 Happy Harmony
- 2026 Beauty of Nature
Wurken allinnich foar fanfareorkest
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2004 Adornia
- 2010 't Ministerie van Fanfare
- 2012 Roll of Honour
- 2013 Elburg Fantasy
- 2017 Pride of the Forest
- 2018 New Hampshire
- 2019 Hora Est!
Wurken allinnich foar brassband
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1988 Cat named Bumpers
- 2007 Go for Brass! (in gids foar jonge minsken foar de brassband)
Wurken foar akkordeonensemble
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1987 Free World Fantasy
- 1989 Oregon
- 1989 Queens Parc Melody
- 1989 La Storia
- 1990 Air & Tune
- 1992 Variazioni in Blue
- 1994 Ballad and Dance
- 1994 Vegeline Suite
- 1995 Concerto d'Amore
- 1997 Contrasto Grosso
- 1998 Friends Forever
- 1998 Pavane
- 1998 The Carolina Dance
- 1998 Adagietto
- 1998 Yellow Mountains
- 2001 Pasadena
- 2002 Dakota
- 2003 The Blues Factory
- 2005 Rossini remix (remix fan Italjaanske komponist Gioachino Rossini)
- 2017 Town of the Seven Hills
Wurken foar jeugdorkest
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2000 First Class 'In Concert' & 'On tour'
- 2002 Band Time Expert
- 2003 Who Did It
- 2004 Postcard from Greece
- 2004 The Seminar Hymn
- 2004 Ottoman Dances
- 2005 Klezmania
- 2005 A Rossini Mix
- 2005 School's Cool
- 2005 Yin Yang Serenade
- 2011 Blue March and Boogie
- 2011 A Day at the Farm
- 2012 Hey Hey Hey!
- 2014 Pump it Up
- 2018 The Beasty Band