Jacob Haantjes

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Jacob Haantjes (Renkum, 1 septimber 1899Goes, 3 augustus 1956) wie in learaar, doktor yn de letterkunde.

Hy wie de soan fan in Fryske ûnderwizer, ek in Jacob, dy’t yn Renkum oan skoalle stie. Letter hat er ûnder oaren yn Ouddorp, Wommels (1907-09) en Ljouwert (1911-23) wenne, omdat syn heit geregeldwei fan baan feroare.
Haantjes promovearre yn 1929 op: Gysbert Japicx, Fries dichter uit de 17e eeuw. Yn’e mande mei G. G. Kloeke joech er Drei friesische Hochzeitgedichte út (1929).

Haantjes wie sân jier lektor yn Londen en Oxford, dêrnei learaar yn Doetinchem, Zeist en Sutfen.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • J.H. Brouwer, Oantinken oan Jacob Haantjes (1899-1956, meast út syn briefwiksel, 1960)
  • J.H. Brouwer, J. Haantjes en P. Sipma, Gysbert Japicx wurken (letter ek oantekenings, 1966)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Haantjes, Jacob.